vrijdag 30 september 2016

Swarte Pyt

Swarte Pyt
De hjerstfakansje is noch mar krekt foarby of it geouwehoer oer swarte Pyt set wer útein. De kinderombudsman hat yn in rapport  fêststeld dat de figuer Swarte Pyt, letterlik sitearre: “een karikatuur is en een voedingsbodem voor discriminatie en racisme,” en dêrom yn striid  mei de rjochten fan it bern. Der wurdt sein dat bern it as diskriminearjend  ûnderfine en dat soks rûn sinterklaastiid bot slimmer wurdt.

No kinderombudsman, ik wit net mei wa oft jo om tafel sitten ha,  mar ik tink net mei de bern út ús doarp, ommers ús bern wurde al generaasjes lang diskriminearre. By ús is dat hiel gewoan. Miskien skrikke  jo hjirfan en freegje jo jo no ôf hoe't dat samar sa kin. Dat sil ik jo sizze, dat komt nammentlik fan de iuwenlange tradysje om bern te ferneamen. Hjirtroch kin it foarkomme dat der binnen ien famylje, fjouwer of fiif  bern binne mei de namme Klaas, Durk of Pyt(er) en hoe moat je die no útelkoar hâlde? Just, krek, dat doch je troch bepaalde opfallende kenmerken te beneamen en die te kombinearjen mei de namme. Dus as Klaas tafallich read hier hat en Piter swart of brún, dan ist  by ús hiel gewoan om te sprekken fan reade Klaas en brúne of swarte Pyt(er). Sa ist foar eltsenien fuortendaliks dúdlik oer wa’t je it hawwe. En fiele sy sich hjirtroch  diskriminearre? Ik tink earlik sein fan net.
 
Rûn sinterklaastiid  wolle alle bern graach swart sminke wurde om op swarte Pyt te lykjen. Swarte Pyt wurdt troch harren net besjoen as it sielige sloofke fan Sinterklaas, nee swarte Pyt is tige populêr. Swarte Pyt stiet foar aksje, hy is stoer, klimt op it dak, goait mei pipernuten, lit him samar troch de skoarstien sakje om nachts de skuon te follen en pakjes te bringen. De measte bern binne slocht op swarte Pyt. Sinterklaas dertsjinsteande wurd wol in bytsje sielich delsetten, hy is stadich yn alles, yn syn rinnen en syn praten en troch syn minne ûnthâld moat er altyd in grut read boek mei tôgje  dêr’t er alles yn opskriuwt en dan noch ferjit er wolris om hjir en dêr in pakje lâns te bringen. Ik bin suver in bytsje benaud dat troch dizze karikatuer aanst in hiel oare groep minsken sich diskriminearre fielt!

dinsdag 13 september 2016

Fiiftig!!

Fijftig!!
‘Wat fynst der no fan dast fiiftig wurdst?’ freget myn man. ‘Ach it is mar in getal,’ sis ik, ik fiel my noch krekt itselde as tweintich jier lyn en dat sil moarn wol net oars wêze. Fiiftig, och hearkens wat docht men der betiden krampeftich oer. Prachtig as jo der fan hâlde, mar grutte spandoeken en opblaaspoppen yn’e tún, it is oan my allegear net besteed!

Fiiftig, hoewol’t ik fan plan wie my der net drok oer te meitsjen, spookt it getal my dochs mear troch de holle dan my leaf is. Mei in lichte skok realisearje ik my dat ik dan oer tweintich jier santich wurd! Bliksem... dat klinkt net iens sa’n hiel ein mear fuort! Sa hie ik it noch net hearder besjoen.

Tweintich jier, ús nije ferwarmingstsjettel is fan 1996 it klinkt my noch sa farsk yn ‘e earen mar it nije is der ûndertusken al fanôf, we binne al wer tweintich jier fierder. Sa hurd giet tiid, wat juster noch nij wie is hjoed alwer âld!

Doe’t ik jong wie, die ik my faak in bytsje âlder foar dan ik wie. As ien oan my frege hoe âld bist, telde ik der alfêst in jier by op. Hast tolve sei ik dan ôf hast sechtjin, neffens my haw ik dat wol tot in jier of tritich folhâlden.
De drang om my âlder foar te dwaan, kaam tink ik troch myn plak yn de roedel. Ik wie (tegearre mei myn twillingsus) de jongste thús en hie net folle yn te bringen, as ik al ris wat fan my hearre liet, waar ik ûnferbidlik wer te plak set mei in opmerking as, ‘Wat soest do no lyts piest of bist amper droech efter de earen!’

Foar my stie âlder wêze foar mear oansjen en respekt, dus fantasere ik as it sa útkaam der wolris in jier by. Ik fielde my dan hiel wat as ik âlder skatten waar dan myn werklike leeftyd.
Tsjintwurdich ist sawat krekt oarsom, ik fantasearje der no it leafst in pear jier ôf en minsken dyt my jonger skatte dan ik bin, die kin ’k wol tútsje!

Fijftig, ach wat seit san getal no einliks, it omklaaisel wurdt âlder, mar fan binnen bin jo sa âld as jo jo fiele. By my is dat net âlder as tritich. Sa no en dan, as ik al dûnsjend meiblêr op myn favorite musyk, fiel ik my wer eefkes sechtjin, al kin jongste it dan net litte om my dêr mei har, ‘Doch mar net mem!’ wer eefkes oan te herinnerjen dat we ‘echt net’ fan deselde leeftyd binne!

Njoggenenfjitich of fiiftig, ik fiel gjin ferskil it wichtichste is dat jo jo sûn fiele! Ik ha de jierdeiwinsk, ‘ik hoop dast der in soad jieren yn sûnens by krije meist,’  faak sûnder omtinken útsprutsen, mar op it momint dat jo konfrontearre wurde mei sykte en it net mear sa fanselssprekkend is dat jo der jieren by krije, dan komt de betsjutting fan dy wurden wol hiel bot binnen.
Ik bin o sa bliid dat wy, myn leave twillingsus en ik, der noch in hiel soad jieren by krigen ha en ik hoopje op noch folle mear derby yn sûnens!