maandag 5 februari 2018

Pubkwis, de nije ferslaving

Pubkwis, de nije ferslaving

It is smoardrok yn ‘e Singel. Om alle dielnimmers plak te jaan moatte der sels tafels út de seal wei by helle wurde. Op it biljet stiet de priis, in koer fuld mei fersoargingsprodukten, te pronkjen.
Gooitzen besiket de te winnen priis noch wat oanlokliker te meitsjen troch dizze op te heevjen ta in: ’Lúkse De-euve ferwenpakket’ en Jan leit noch ien kear de spulregels út. Efkes oer achten set de kwis útein.

Alve groepkes fan fiif, yn ‘e âldens fan tweintich oant tachtich, bûge har konsintrearre oer it papier. De earste fraach hakket der drekst al yn. Der wurdt drok oerlein, it kreaket der oer.
Wyls’t de Brilletjes de brilleglêzen nochris oppoetse, floeit by de Broekmigers it giele focht ryklik. Sy meitsje har net sa drok; net drûchstean liket har wichtichste doel.

Wy, de Teetantes, wolle no einlik wolris fan ús 'trochsnee-posysje' ôf. We binne aardich yn foarm fannejûn. Nei fiif omgongen steane wy op it earste plak. Noch twa omgongen te gean: bliksem pibe it wurdt spannend!
Rûge Dong en Tinne Jarre hawwe har by de Troelys oansluten. Se sette mei knypte billen de oanfal yn.
As we oan de muzyk-fragminten ta binne,  taaie de Broekmigers ôf. Dy âldlullemuzyk dêr hawwe sy gjin sjoege fan. De prehistoaryske bylden binne fan fier foar har tiid.

It gênre is ek by ús net favoryt, yn dizze omgong ferlieze we ús kop -posysje. De Rûge Troelys klauwe har nochris flink efter de earen, mar ek sy skoare hjir net de measte punten.
Nei de lêste omgong lêst Jan de goeie antwurden foar. It oermjittich heu-eu-gerop by elk goed antwurd is neffens ús pure bluf fan de bar en de stamtafel.

By de muzyk-antwurden komt it heu-gerop ynienen út in hiel oare hoeke wei. Full House en Oosterwar hawwe blykber muzykkenners yn har ploech.
Wy sakje nei dizze lêste omgong, fan nûmer ien nei it fiifde plak en bedarje dêrmei wer by de middenmoat.
Full House en Oosterwar steane no mei in dielde earste plak oan kop. Yn de beslissende fraach oer de stân fan de AEX index moat Oosterwar har belies jaan en giet Full House der mei de priis fan troch. Lydsum sjogge wy ta hoe’t se har begearich op de koer mei Dove-produkten stoarte.