donderdag 12 december 2019

Krystdagen

Krystdagen

Do soest dy nei it túnsintrum ride litte, dyn skutte follade mei ingeltsjes, fûgeltsjes en amarillisbollen en by de kassa suchtsje datst it wer net litte koest. 
Do soest de beam mei de ljochtsjes der noch yn, ûnder it kleed út de hoeke fan de garaazje helje, de stekker yn it stopkontakt stekke en dy ferwûnderje dat alles it noch die. 
Do soest oeral kearskes brâne. 
Do soest de taksy belje, dy nei dyn dochter en soan ride litte om dêr harren bertedei fan mear as in heale iuw lyn te fieren – do wist it noch sa goed.
Do soest freegje om mei dy nei de 'samenzang' te gean en sizze : 'Dit sil de lêste kear wol wêze.' 
Do soest boadskippen opskriuwe: krystgebak, fetbollen foar de fûgels en goud- en sulverpennen om kaarten te skriuwen.
Do soest yn de stoel foar it rút dyn hân opstekke nei de man mei de hoed. Do soest –