vrijdag 30 juni 2017

Als de rook om je hoofd is verdwenen!

Skriuwersark

De Feanhoop 30 juny 2017

Als de rook om je hoofd is verdwenen!

Ik bin dizze lêste dagen wat yn it gasteboek oan 't sneupen en lês oars net as hoe geweldich elk hjir opsjitten is mei syn of har skriuwerij. Ik woe dat ik dat ek sizze koe.
Ik ha hjir seis wiken oan it wrakseljen west mei it libbensferhaal fan ús mem. Wraksele mei perspektyf, struktuer en tiid, no ja ik tink sa ‘n bytsje mei alles wer’t je as begjinneling tsjinoan rinne. Letters stean der genoch op papier, mar noch lang net nei ‘t sin. Ik wit ek wol wêr't it oan leit, ik wol te moai skriuwe om yndruk te meitsjen, want hawar ik sit wol yn ‘t skriuwersarkje! Troch dy moaiskriuwerij fielt it net mear as mem har ferhaal. Mem soe datsoarte wurden net brûke. Doch mar gewoan, dat is har libbensmotto, dêr moat ik my oan fêsthâlde. Ik skrap hiele haadstikken en werskriuw de earste siden. As ik aanst thús bin moat de hiele brot mar wer oer de kop helje om dêrnei op 'e nij te skaven en te skrappen!

Utsein it skriuwersgewraksel haw ik in prachtige tiid hân. Dit arkje hat wat magysk, der hinget hjir sa’n positive enerzjy, it docht wat mei my! Ik haw genoaten fan de rêst fan de natoer.
Als de rook om je hoofd is verdwenen, sjongt Bouwdewijn de Groot sa moai. Dat gefoel hie ik hjir echt. Fier fuort fan wrâldsk gerûs, ticht by mysels. Ik haw hjir leard dat ik hiel goed oer allinnewêze kin. Ik haw my net in momint iensum field, ik leau dat ik dêr earder lêst fan haw ûnder de minsken. It is hjir sa moai, ik wit eins net wer’t ik ’t earst en lêst oer fertelle sil. De stilte, oars neat as gelûden fan de natoer, in ree dy’t foar my oer yn ‘t it wetter sakket, ik bin der troch rekke.

Dat ik sa eufoarysk bin oer alles wat ik hjir heard en sjoen ha, komt sels yn myn dreamen werom. Sa dreamde ik oer in iisfûgel. Net in gewoanen ien, nee in iisfûgel sa grut as in goes. Dy dûkte hjir lyk foar my it wetter yn. De sinne wjerkeatste op de metallyk-blauwe flerken en rûnom strielde in krâns fan ljocht. It seit tink ik wol genoch oer hoe’t ik myn tiid hjir belibbe haw. Mar der is in tiid fan kommen en fan gean. Ik moat dit prachtige plakje wer ferlitte, miskien is ‘t wol it bêste sa, fuortgean as alles noch sa goed fielt. Foar’t ik de doar tichtlûk fan it plak der’t ik mei safolle nocht wêze mocht, knik ik noch eefkes nei syn portret. Rink van der Velde, grut yn ’t gewoanwêzen.. tankewol..!

Groetnis Ypie Haitsma Bakker

zaterdag 3 juni 2017

Petgat prakkesaasjes

Freed 2 Juny 2017☀️

Petgat prakkesaasjes

Snetterje, plûnse, spatterje, gûnzje, stil is ’t hjir abslút net! De kikkers kwake oerstjoer, no ja kwake? Neffens master Elzinga wie der by dizze amfibyen gjin sprake fan kwaken, einen kwake, mar kikkerts makken neffens him in hiel oar lûd. Master hie dêr blykber in stúdzje fan makke en mocht dat graach demonstrearje. Dat byld fan master dy't in kikkert neidocht, ik kin ‘t my sa wer foar de geast helje….. Rik kik kik kwâ… de klam op de bylûden... rrrikikik kwââ.. Mei in kokhalzjende beweging spuide er dy kwâ der út.. kwââ...
Master  besocht ús net allinne boekewiisheid mar ek libbenswiisheid  by te bringen en dat koed er hiel byldzjend dwaan. Ien fan syn ‘stokpaardjes’ wie: ‘De mensen willen altijd maar meer en meer, maar als je zo doet,’ en dan sprate er de earms wiid út om se dêrnei as in soart fan omkearde swimbeweging nei him ta te heljen, 'dan verzźzuip je…' en by de zzzz.. fan verzuipen siste er as in falske slang, de flibe rûn him by de mûlhoeken del. Ut ’e bûse fan syn brún mansjesteren broek helle er dan in grutte ljochtblauwe bûsdoek, fage him even om ’e mûle en gong dan wer ûnfersteurber fierder mei de les.

Master wie strang dochs rjochtfeardich, mar der wie ien ding der’t er beslist net fan hold en dat wie ferklikke. Bram mocht alten graach narje en makke tankber gebrûk fan dat prinsipe. As er sa spotgnyskjend om him hinne siet te gnuven wyls er justjes read oanrûn, wisten wy in ‘e regel wol hoe let oft it wie. Mei syn stildeunske aksje krige er de hiele klasse op ‘e kast. De lucht dy’t him stadichoan  troch it lokaal ferspriede wie werklik net te hurdzjen. Fansels wie der altiten wol sa' n klikspaan dy't de finger opstuts: ‘Meester, Bram heeft in scheet gelaten.’ Master smoarde dat klikken fuortendaliks yn ‘e kym mei syn antwurd: ‘Allemaal in neus vol dan is het zo weer weg!’ Lydsum bûgden we ús dan mar wer oer de boeken yn ’e hoop dat master gelyk hie. Bram syn triomf wie grut. Hy siet him te ferknûkeljen achter syn skrift. Foar de safolste kear kaam er der wer mei fuort.

Hoe kaam ik hjir ek al wer op, och, ja troch dy kikkerts!
Ik sit op it bankje wat dreamerich foar my út te stoarjen. Oan de achterkant fan de ark, ûnder it blêdedak fan de wylde kastânje is ’t gau tsjuster, mar hjir boppe it ’t wetter bliuwt it lang ljocht.
It is myn twadde wike hjir al wer. De tiid fljocht oant no ta foarby. It is alle dagen waarm sinneskynwaar en sels op ’e jûntiid is ‘t noch lekker bûten en dat foar begjin juny, ik haw wier net te klaaien.
De natoer yn it petgat is prachtich, Ielstikel, Wetterleelje, Pompeblêd en Barchjeblom alles stiet tagelyk yn bloei. Boppe it wetter fleane brune helikopterkes en blauwe juffers. Ferline wike swom er sels in ree foar it arkje oer. It is hjir sa fredich, dy serene rêst dy’t hjir hinget, (rêst net stilte) is gewoan net te omskriuwen, ik fiel my dan ek in befoarrjocht minskebern.