dinsdag 24 januari 2017

Myn smaak net!

Myn smaak net!

De earste les fan de ferfolchkurus, Fryske stavering hat as tema iten. Ien fan ‘e opdrachten is, skriuw in stikje oer wat it apartste is dast ea iten hast. It grappige fan dizze opdracht is dat it wer allegear herinnerings opropt. De earste gedachte dy’t by my boppe komt is postro. Dat haw ik foar it earst iten by myn skoanâlden. Wat fûn ik dat nuver guod. It like wol stisel, hoe kin je dat no lekker fine! De leppel bleau sawat rjochtop stean yn dy plakkerige brij.

Ik wit net iens mear hoe’t smakke allinnich dat ik der kokhalsnigingen fan krige. By my is blykber de foarm, de struktuer en hoe’t it yn ’e mûle oanfielt yn earste ynstânsje bepalender foar wat ik lekker fyn, dan hoe’t it priuwt.
Wêr’t je, kwa iten fan hâlde hat fansels net allinch te krijen mei smaak, mar ek wêr en mei wat foar ytgewoanten je grut wurden binne.

In jier as tsien lyn wie ik tegearre mei in buorfrou en in groep jeugd yn ’e leeftyd fan 16 oant 23 jier yn Súd-Afrika oan it wurk as frijwilliger. Troch de wike holpen we mei oan de bou fan in multifunksjoneel sintrum, we knapten húskes op yn’e sloppewiken en soargen foar wat ferdivedaasje by de bern.
Meastentiids wurken we oant in oer as fjouwer, yn ‘e wykeinen hienen we frij. Yn it kampemint hiene we ús eigen sliep-en wenkeamer, de keuken dielden we mei in oare groep.

Nei it soms best wol ynspannende wurk wiene wy faak bekôf en hienen dan gjin nocht mear om boadskippen te dwaan en iten te sieden. Gelokkich koene we tsjin in lytse fergoeding oanskowe by ús kampgenoaten.
Wykeins gongen we geregeld bûten de doar te iten. Dat wie yn ferhâlding mei wat it iten yn ’e supermerk koste, hielendal net sa djoer.

Johan, de lieder fan it projekt, hie ús in restaurant oanrekkenmandearre dêr’t je lekker en net ûnbelangryk fanwege ús budzjet, goedkeap ite koenen. Op de menukaart stie in yn ús eagen wol hiel apart gerjocht nammentlik: krokodil! Der waard ús ferteld dat it wol wat wei hie fan hin en dat wy dat eins beslist in kear prebearje moasten.

Wy woene us fansels net kenne litte en bestelden sa’n stik fleis. It krokodillelapke seach der goed út en sa roek it ek. Ik wie benijd en snijde der in stik ôf, it witige fleis hie yndie wol wat fan hin. It smakke goed oant ik my fanalles yn’e holle begûn te heljen. Ik analysearre de fleissubstânsje yn myn mûle. It hie dochs wol in hiel aparte smaak en fielde it net wat elastysk oan tusken de kiezzen? By elke hap dy’t ik die, seach ik in grau, grien, skobbich liif foar my.

Wyls myn gedachten hieltyd ôfdwaalden nei dy, grutte, lange krokodillebek dêr’t fan dy ofgryslike, goare tosken útstutsen, hearde ik om my hinne allinne mar positive lûden. Ik kôge dapper troch. It stikje fleis like wol hoe langer hoe taaier te wurden it slagge my mar net om it  fuort te krijen. Myn kiel knypte gewoan ticht. De oaren ieten ûnfersteurber fieder, se hienen gjin weet fan myn gewraksel mei it fleis. Sa ûnopfallend mooglik spuide ik it drûchkôge stikje fleis yn in servetsje en skode it mei it board oan’e kant.

Djip fan binnen wist ik dat ik my eins deaskamje moast sa sinnich te wêzen. Hielendal as ik it fergelike mei de swarte befolking yn’e sloppenwiken, dy hiene betiden sawat neat. Mei it lytse bytsje jild wat se hienen koene se heechút it slachtôffal keapje fan de blanke befolking. Keallekop en keallepoaten, dat wie harren kulinêre hichtepunt. Dat lei dan earst in heale middei op sa’n golfplaten dak te bakken yn’e sinne, foardat it op it fjoer kaam. Ik haw gjin idee hoe’t se dat opieten, miskien lepelden se it wol sa út dy skedel, harre krammele! Der wie myn filearre krokolapke fansels hillich by! Mar ja al kin je alles noch sa goed beriddenearje, it gefoel sprekt no ienkear wolris in oare taal as it ferstân!

woensdag 11 januari 2017

De rúthimmelblues

De rúthimmelblues.

It is goar waar bûten, it waait hurd en it reint, mar gelokkich hat elk neidiel sa syn foardiel. Ik hoech ynelsgefal hjoed net by de ruten op. Myn ruten lykje op’t heden krekt matglês, dus dat se needich oan in poetsbeurt ta binne, der kin ik eins net ûnderút, mar no eefkes net.
Der is gjin putsje wêr’t ik sa’n hekel oan haw as oan rútwaskjen! 

It slimste is noch dat ús hûs sawat alinnich mar liket te bestean út doarren en glês. Byinoar opteld binne dat der, as ik de iepenslaande ruten ek meirekkenje 13, doch dat dan ris kear twa (binnen en bûten) dan haw je der 26 om te himmeljen! Dan haw ik foar it gemak, de boppesten, it hok, de bykeuken en de garaazje, net iens meirekkene.

Op de nijjiersborrel fan ‘e buert hiene de froulju it oer rútwaskjen. Ik hope dan ek wat byfal te krijen oer myn rútwaskersfoby, ik sil dochs grif net de ienigste wêze dy’t dêr sa’n hekel oan hat.
No dat foel ôf!

Doe’t ik útein sette oer myn gebrek, myn disfunksjonearjen as rúthimmelster, seagen se my allegear wat meilijend oan. Ik die myn relaas oer hoe frustrearjend it is, as je de heale dei dwaande binne om alles fan binnen en bûten te dwaan, suver noch gruts binne ek, en dan de grutte  teloarstelling as de sinne begint te skinen! 

Strepen, resten útfage fûgelstront, miggestront, drippen ensafh. Meastentiids besykje ik dan mei de mouwen hjir en dêr wat fuort poetsen en klau mei de neilen de taaie swarte stipkes derôf, mar troch de iene feech út te wriuwen ûnstiet er grif wer in oaren, en sa bliuw ik oan it omgriemen, ik kin it gewoan net, punt!

De froulje seagen my meilijend oan en laken my doe fjouwerkant út! De heale dei? Nee toch, dat mienst net, dat dogge wy yn in heal oerke. Moast it mei sa’n hara dwaan, en dan fan links nei rjochts, net fan boppen nei ûnderen. Of mei reinwetter dat skynt ek goed te wurkjen,  hast wol in goeie trekker, Brabantsia, dat binne de  bêsten.

Soe der no werklik net ien wêze mei itselde probleem as ik, tocht ik by mysels. Ik haw faak al in heal oere wurk om myn finsterbanken leech te heljen! En wat dy strepen betreft, ik ha wier fanalles besike, neidrûgje mei âlde kranten,  spiele mei reinwetter, poetse mei glasseks, sa’n spesjaal hara ding, trekkers fan in goed merk, it slagget my gewoan net!

In heal oerke, ik stie perpleks! Ik krige suver wat de rúthimmelblues en bestelde noch mar in read wyntsje!
Doe tocht ik der ris wat langer oernei en begong  te rekenenjen.  As je tritich minuten diele troch 26 ruten haw je ûngefear 1 minút en 2 sekonden de tiid per rút. Dan moat je wol as in tornado by de ruten op fleane en dan ek noch blinke as spegels? 
Blykber wenje ik yn in strjitte mei rúthimmeljende wonderwomen!
Wol bysûnder! Ik ha se dan drekt ek mar opjûn foar dy nije telefyzjekwis fan Sylvie Meis: wedden dat ik het kan!

zondag 1 januari 2017

Ik soe it sa graach winskje wolle..

In jier

Mei hichtes

Sûnder dellings

In jier

Sûnder sykte

Of striid

Appelje fan sûnens

Altiten bliid

Sûnder oergeunst en haat

In soad sinne

In lyts bytsje skaad

En allinich mar leafde


Ik soe it sa graach winskje

En ik gean der ek foar

Mar ik wit as gjin minske

It iene bestiet net

Sûnder it oar

It heard faaks wat swier

Mar je komme in hiel ein

As je leare te dûnsjen

Yn’e rein



Dat is dan myn winsk

Foar it kommende jier.