zondag 6 november 2016

It is mar in k*t kluske mar toch..

In is mar in lyts k*t kluske, mar toch…!
Ik bin dwaande moed te sammeljen, mar ik skytskoarje der wat tsjinoan en sko it wer op ’e lange baan. Al wiken hinget it formulier yn ‘e keuken oan it prikboerd. Moarn doch ik it echt, ach miskien is oare wike ek noch wol op tiid genôch. Hieltyd wer stel ik it út!

Bin ik no sa’n oansteller of soenen mear froulje wêze dy't lêst hawwe fan dit probleem. It stiet my sa tsjin, it foarútsicht om dêr iepen en bleat mei myn fuorten wiid yn ûnmacht te lizzen, om ferfolgens in stik middeliuwske ark nei binnen skoot te krijen. En dan dat gefoel as se mei dy lange wattenstaaf yn myn liif om riere!

De hiele hanneling hat net iens folle om ‘e hakken en dat it slim sear docht kin ik eins ek net sizze. It is te fergelykjen mei it weeïge gefoel sa’t je dat hawwe kinne ûnder yn je búk, wannear’t  je te hurd oer in brêge ride, mar dan wol sa hurd dat it net mear noflik fielt!

De ôfspraak stiet, ik doar it suver net te bekennen mar ik bin gewoan senuweftich.
Ik wit it, ik meitsje it grutter dan it is. Ik ha wier wol foar hitere fjoeren stien, ik ha notabene trije bern op’e wrâld setten en al trije kear in operaasje hân, dan moat dit dochs in piece of cake wêze soene je sizze. Mar hoe’t ik it ek beriddenear ik bliuw it in crime finen.


vrijdag 4 november 2016

Neat is wat it lyket


De kofferbak, brún fan de rust, hat hjir en dêr in flinke opdonder hân. De hiele boppekant sit ûnder de stront. Yn de râne tusken motorkap en rûtewissers, leit in drekkige smots fan heal fertarre blêden en oranje beien, hjir en dêr komt sels in sprút gers boppe.
It lyket wol oft dizze auto moannen lang net fan syn plak west hat.
It makket my nijsgjirrich, ik freegje my ôf wa’t der by heart of heare.

Myn fantasy giet mei my op ‘e rin, ik byldzje my in famylje yn al la Flodder.
De famylje  F. is net fan plan jild te beteljen om yn eigen strjitte te parkearen, dêrom stiet harren auto tenei yn ‘e foartún! 
Op in moaie simmerdei, se ha krekt de kofferbak folladen mei kratten en lege flessen, hâld de auto der mei op, wat se ek besykje  hy wol net starte al is ‘t noch sa. Jild om it âld lel nei in garaazje te bringen is der net, dus stiet er dêr no tusken twa fytsen, in waskmasine en noch wat oar âld izer te fertutearzjen ûnder de beiebeam.

De wiken ferinne, it wurdt hjerst. De beam fol mei ripe beien lûkt kloften lysters oan. Begearich skrokke se de beikes nei binnen, mar wat der yn giet moat der ek wer út, de auto wurdt der net skjinner op. Nei in moanne,  de útkearing is wer binnen, trommelje se in pear beunhazzen op. Ûnder it genot fan in pilske, grieme ze de heale middei om mei dopsleutels,  bûzjysleutels ensfh en dan is dêr einlik it moment supreme!
Se slúte de startkabels oan, mem Flodder nimt plak efter it stjoer, se wacht oant se in teken krijt fan de amateursleutelaars, draait de kaai om en trapet it gaspedaal ta de boaiem in. De motor jankt en sputtert dde.. rrrr.. Dddd…. Rrrr.. rrddd…rrrrrrr.. wwwroemmmm.. ! Wyls de auto waarm stiet te draaien, dopje se ien, goaie de lege fleskes by de rêst yn’e kofferbak en stappe yn. Op, nei de supermerk!

Oant safier myn fantasy, de boadskippen moat helle. Wyls ik systematysk myn boadskipbriefke ôfwurkje, gnúf ik wat nijsgjirrich om my hinne.  By de bôle stiet in man yn in, foar syn bierbúk, te koart, ferwasken t-shirt en in swarte trainingsbroek, de tsjokke fuotten yn te krappe toffels.
Sa no en dan besiket er syn shirt dêl te skuorren , mar troch it rinnen strûpt it hieltyd wer omheech. In frommes yn in swarte flodderjurk triuwt it winkelweintsje en lêst him lûdop de boadskippen foar. De hiele winkel troch hear ik se protteljen en snauwen oer wat der al of net yn it boadskipkarke mei moat .
By de kassa stean ik wer efter harren, ik bin benijd,  mar einliks wit ik it wol seker, dizze twa heare by, “de auto.” 

Dat ik it  hielendal by it ferkearde ein ha, docht bliken as ik se even letter ynstappen sjoch yn in krease MPV.
By de fersmoarge auto stiet in âld wyfke mei in rollator. In meiwurker fan de buertsuper set de  boadskippen foar har op de efterbank klapt de rollater yn en wrakselet it ding yn ‘e kofferbak. Mei muoite lit se harsels yn’e auto sakje en ploft del op ‘e bestjoerdersstoel. Net oertsjûge fan de riidkeunsten fan it âld wyfke, (Ik stean rjochts fan har parkeard) wachtsje ik even mei fuortriden, werom it sa lang duorret is my in riedsel. Ik sjoch even opside wêr't se mei dwaande is.
Se bûcht de holle foaroer en slacht de hannen foar de mûle, it lyket wol oft se net goed wurdt. Och hearkens, se moat spuie, se makket in kokhalzjende beweging.. Krekt as ik myn holle fuortdraaie wol, komt se wer oerein, mei ferbazing oanskouw ik de opbringst fan it oerjaan. Yn har linkerhân dy’t op it stjoer leunt, hâld se it ûnder en boppegebit omheech, mei de oare hân fisket se in plestik bôlepûdsje út it dashboardkastje en lit de tosken der foarsichtich yn glydzje. Dan start se de auto jouwt flink gas, riid yn in floeiende beweging efterút, en fuort is se!