woensdag 24 januari 2018

The Dateables


The Dateables

Pien is in blonde krollebol fan in jier as achttjin. As se laket giet ‘e sinne skinen. Se sjongt graach yn har stamkafee en op lytsskalige festivals.
Pien is op siik nei in relaasje. Jonges fynt se mar neat; se falt op froulju.

Pien hat in hendikep. In harsentumor hat har harsens skeind en hat har yn ‘e groei remme. De tumor hat ek it diel fan ‘e harsens oantaast dat in rol spilet by de romtlike oriïntaasje. Dit hat as gefolch dat se gjin rjochtingsgefoel hat en ferdwaalt as se fierder as in kilometer fan hûs ôf is.

It datingburo foar minsken mei in beheining, hat matchmaker Kim ynskeakele.
Sy giet op siik nei in date foar Pien.
Nei in pear wike wurdt Pien belle troch Kim; der is match mei in achttjinjierrige studint ferpleechkunde.

De achttjinjierrige studint, in skrutel, lang fanke mei donkere kringen ûnder de eagen, stelt harsels foar oan de bliere krollebol. Nei de kennismakking falt der in wat ûngemaklike stilte, mar gjin need, it datingburo hat in aktiviteit betocht om it iis te brekken : fervesmite. De jonge froulju strûpe in wite overal oan en besykje in keunststik te meitsjen troch ferve tsjin in skildersdoek te smiten.

It omgriemen mei ferve is gjin súkses, mar it soarget yn els gefal foar wat ferdivedaasje. It petear komt stadichoan op gong. De studinte fertelt oan Pien dat se drumt yn in bandsje en dat se op syk is nei in sjongster. It begjint der op te lykjen dat er in klik is. It petear wurdt al gau wat persoanliker.

'Hasto al earder in relaasje hân?' freget krollebol dan.
'In stik as tolve/ fjirtjin' antwurdet it opsketten fanke, 'myn langste hat sa’n fiif jier duorre.'
Krolly knipperet omraak mei de eagen, har stimlûd bliuwt fan skrik stekken by de o fan, 'ohw echt?' Achttjin min fiif, dielt troch ... tolve? ... Se mei dan beheind wêze mar oan har tinkfermogen mankearret neat.

‘En dyn koartste relaasje?’

zondag 14 januari 2018

Twa blommen út deselde tún

Twa blommen út deselde tún

Yn en útstappe is troch it hichteferskil noch in hiel gedoch. We hise har de auto út en litte har foarsichtich yn de rolstoel sakje. Ik lûk de rits fan har jas omheech, har sjaal rjocht en skik de tekken oer har fuotten. 

Foaroan yn tjerke stean myn neven en nichten, de bern fan har jongste suster, opsteld. Triljend omklammet se de útstutsen hannen. Foar my út rinne myn eigen sussen, it fljocht my eefkes oan.

By de kiste help ik har oerein. Se murmelt wat ûnfersteanbere wurden en slokt dapper har triennen fuort. De tsjinst set útein, ûnder de himelske klanken fan Bach wurdt de kiste nei foaren riden. Har skouders skokke yn de swarte jas. Oan de binnenkant fan de bril slacht it fertriet del.

Nei de kofje en keek bringe we har nei hûs. Skjin tenein lit se har yn ‘e bêzje seniorenstoel sakje. Oer in pear oeren komt de thússoarch om har hoazzen út te lûken. Moarn stiet er wer in drege dei op it program; de begraffenis fan har âldste suster.