vrijdag 24 februari 2017

De nije K 3 en de striid tsjin de fergrieming.


Us hiele ekosysteem is al in pear wike yn’e war. Ús warbere hintsjes Mig en Viv, ek wol leafkjend ús tsjikkys neamd, binne in skoftke lyn op in grouwélige wize om it libben brocht. Se leinen op in moarn ûntholle yn ’t hinnehok. In moardsuchtich rôfdier, waarskynlik in stienmurd, hat se nachts sa fan’e stok ôf snipt en de strôt trochbiten. Oan de bloedspoaren te sjen ha se dêrnei, foardat se hielendal út ‘e tiid rekken, noch in skofke letterlik en figuerlik as in ‘kip zonder kop’ wyld om har hinne fladdere. Neist it emosjonele aspekt wat sa’n moardpartij mei him meibringt haw we no ek in praktysk probleem, wy bliuwe mei in itens-oerskot sitten.

Yn Nederlân wurdt sa’n 35 kilo iten per persoan fergriemt, fan de miljarden kilo’s dy’t sa de kliko yn gean is in grut diel noch gewoan ytber, alle produkten dy’t saneamd oer datum binne wurde faak, bang as men is wat ferkeards binnen te krijen, achteleas fuortsmiten. Skande, want dêr hawwe wy no krekt ús sintugen foar krigen. Yn pleats fan allinich mar út te gean fan de hâldberheidsdatum kinne je faak wol sjen, rûke en/of priuwe wat goed is en wat net. Meastentiids stiet der op ‘e ferpakking  ‘tenminste houdbaar tot’, dat betsjut dat it produkt wol langer goed is mar dat de fabrikant der net langer dan de betreffende datum garant foar stean wol.

Ik lûk my dan ek net al te folle oan fan dy hâldberheidsdata, mar rûk en priuw gewoan oft in produkt oer datum noch goed is en ik moat sizze dat it yn’e regel genôch meifalt. Ik haw bygelyks op fakânsje per fersin in kear in potsje jam meinommen dat al in jier oer datum wie, it roek en priuwde noch goed. Foar de measte minsken is soks faaks in skrikbyld mar wy hawwe der lekker fan iten. Trouwens, de measte produkten dy’t ynmakke bin mei sâlt, sûker of yn ’t soer, kinne je hiel lang bewarje en ek oer datum bliuwe se faak noch lang goed.

Hoewol’t ik mei itensieden wol in grutte fergriemer bin, ik meitsje standert altiten tefolle iten klear, fielde ik my persoanlik noait echt oansprutsen troch sokkesoarte nijsartikels. Ik fûn dat wy it sa min noch net dienen. Wy hiene ús eigen oplossing foar de fergrieming nammentlik ús hinnen. Alles wat wy fan de itenstafel oerhâlden gong nei de hinnen ta. Restjes griente, jierrappels, riis en makaroany, se wiene der sljocht op. As se ús oankommen seagen mei de panne, hipten se ferheard fan de iene poat op’e oare en sadree’t we it doarke fan it hinnehok iependen pikten se it ús sawat út de hannen wei. Foar har wie ús oerskot in wolkomme ôfwikseling op harren gewoanlik wat saaie menu. Yn ruil foar al dat lekkers leinen sy alle dagen in farsk aaike, sa hiene wy ús eigen lytse kringloop. Mar sa as alles dêr’t je oer prate yn’e doetiid, dat wie doe en doe is spitigernôch al wer in skofke lyn.

Nei de bluodderige moardpartij fan fan’t winter wie by my de aardichheid der wat ôf, dy stienmurd rûn noch earne frij rûn. Noch in kear sa’n slachting dat seach ik wier net sitten, mar man en dochter besochten fanalles om my oer te heljen wer in teamke hinnen oan te skaffen. Man makke alle naden en kieren fan ‘e ren ticht en fersekere my dat er gjin murd mear ynkomme koe. Tegearre strúnden se marktplaats ôf, triuwden my sa no en dan in foto fan in pear moaie hintsjes ûnder eagen en wiisden my op myn ferantwurdlikheid: ‘Dat weismiten fan iten dat koe dochs eins net, as wy no wer in pear hinnen hiene dan…’

Tjin safolle goed ûnderboude arguminten koe ik gjin wjerstân mear biede ik gong oerstaach. Sûnt in pear dagen skarrelje hjir no net twa mar (ien foar reserve) trije nije hintsjes om. Us nije teamke ek wol K3 neamd (kip 1, 2 en 3) is krekt sa sljocht op waarm iten as wijlen M en V. Sa helpe sy ús no wer om fergrieming tsjin te gean en as beleaning  ha se ús farnemoarn alwer traktearre op trije farske aaien. Mei tank oan K 3 rint ús ekosysteem no wer as in klok. De sirkel is wer rûn!





dinsdag 7 februari 2017

Taalwrakselingen

Taalwrakselingen
Wat is geef Frysk skriuwe dochs dreech om te learen. Ik hie earlik sein net tocht dat it sa yngewikkeld wêze soe. Foar alle skriuwwizen binne regels en as je dy mar yn ‘e holle stampe dan komt it wol goed soene je tinke, mar krekt as it kwartsje begjint te fallen komt der altiten wer in ‘mar’ efteroan. Der binne (yn myn eagen) sawat likefolle útsûnderings as regels. Sa no en dan sjoch ik dan ek troch de beammen de bosk net mear. (en nee de bosk is gjin skriuwfout, it is nammentlik, it bosk blommen en de bosk dy't je troch alle beammen faaks net mear sjogge).

De kursusgroep Frysk-skriuwe bestiet út tsien persoanen, njoggen froulju en ien man. Pyt, ús kursuslieder hat it er mar drok mei want al dy froulju keakelje wat ôf! We lykje sa no en dan krekt in team hinnen, wat de manlju dan fansels automatysk ta hoannen makket. Sa no en dan skrabet er dan ek efkes de kiel om ús by de les te hâlden, mar kraaie docht er noch krekt net! Ik moat sizze, ik fyn it knap, want we meitsje it him dreech genôch. Betiden binne we krekt fan dy lytse bern dy’t oeral it wêrom fan witte wolle, ‘wêrom is dat sa, kin dat ek oars en mei it ek sa?’ It falt my ta dat er noch noait in kear frustrearre útroppen hat: ‘It is sa’t it is, gewoan, omdat ik it sis!’

Op myn Blog krige ik wolris de reaksje dat ik sa geef Frysk skriuwe koe. Och hjir en dêr in dakje boppe, sa no en dan wat skrapkes en it like faaks al hiel wat. Ik wie ynelsgefal bliid dat de measte lêzers gjin Fryske les folgen! Sûnt myn blogadres op de kursus Frysk skriuwe yn sirkulaasje is binne dy knytsjedagen no wol foarby. Ik haw no dus ek lêzers dy’t it Frysk-skriuwen al aardich goed behearse, it bloed stiigt my betiden dan ek nei de wangen fan de flaters dy’t ik alle kearen noch út ‘e tekst helje. Ik sakje sprekwurderlik djip troch de koer. Oan ’e oare kant it hâld my fansels tige skerp, fan fouten lear je úteinlik dochs it meast.
 
Op  de skriuwkursus libbensferhalen, sei Marga (ús kursusliedster) tsjin ús, ‘skriuw earst mar ris op wast fertelle wolst, letter komt de stavering wol.’ Ik begryp no hielendal it wêrom. Sadree’t ik besykje om drekt alles sa perfekt mooglik op te skriuwen bin ik betiden sa oant wrakseljen mei de stavering en de wurdfolchoarder dat ik healwei suver ferjitten bin wat ik einliks opskriuwe soe. 
Ik skriuw no faak earst alles op yn, sa as ik it neam, Jip en Janneke taal en dernei besykje ik de flaters der út te heljen. Spitigernôch is it mei taal soms krekt sa as mei de leafde, it makket blyn. Ik lês betiden wol tsien kear oer deselde fout hinne. Ik treast my dan mar mei de gedachte dat de measte boeken foardat se yn ‘e winkel lizze earst redigearre wurde, dy lúkse haw ik no ienkear net. Foarearst sit er dan ek neat oars op dan mar troch te gean mei regels te learen en al dy útsûnderingen op ‘e regels yn ’e holle te stampen!