zaterdag 26 december 2020

In stien op 'e mage

Krysttiid 
Juster ha we (man en ik en jongste dochter) bij ús bern yn Ljouwert iten (soan en skoan dochter) . Skoandochter – wat in raar ôfstânlike beneaming is dat eins ek –  hie har bêst dien en de tafel prachtich klearmakke. Oer in swart linnen tafelkleed lei in gouden loper en der fonkelden lytste gouden stjêrkes op de swarte ûndergrûn. Op de goudgrize ierdewurken 
boarden leinen servetten yn't wyt mei goud mei dêrop swarte krystbeamkes. Yn it kearsljocht fonkelden de wyn en wetterglêzen. Dochter, soan en skoandochter seagen der alle trije prachtich út en ek wy hienen ús bêst dien der wat kreas by te rinnen. 

De hiele dei hiene man en ik al mei in wat ûnbestimd gefoel omrûn, mar we hienen it der beide net oer. 

We ha gesellich sitten mei ús bern, lekker iten en spultsje dien.  Healwei de jûn oerfoel de wurgens ús. We namen ôfskied ûnder in fonkelheldere himel. De moanne skynde we koenen de grutte bear en lytse bear sjen. 

My syn trijen rieden we de ferljochte stêd wer út it tsjuster yn. It nuvere gefoel dat yn 'e kiel hingjen bleaun wie sakke nei ûnderen, wuolle akelich troch de hertstreek en bleau doe as in stien op 'e mage lizzen. We beneamden it gefoel en fuortendaliks fielden we  in pear treastende hannen fan de achterbank.
Thus lieten man en ik de hûn noch even út. Hjir en dêr fongen we in glim op fan smûke krysttaferieltsjes. 

Man en dochter wiene tenein en sochten al gau it bêd op. Ik die de ljochten út, mar siet noch mei dy stien yn myn mage.  Yn't tsjuster op 'e bank socht ik op  YouTube plaatsjes op om dy stien kwytreitsje te kinnen. By it  'Soldier on' fan Di-Rect begong it fertriet syn wei nei bûten te sykjen en by it 'Ave Maria' yn de útfiering fan Heleen Fischer wie it net mear te hâlden,  ik liet it mar gewoan gean en doe't de stien wat lichter waard doe pas koe ik op bêd. Ik luts de tekkens oant it kin ta omheech. 
Fannemoarn krige ik by it iepenjen fan myn facebook-app in melding fan in oantinken, in foto fan twa jier lyn doe't ús húshâlding noch folslein wie ...

donderdag 16 juli 2020

Boereprotest

Boereprotest

As er in overal oan hie en syn snusterige, brungrize pet airodynamysk op ‘e holle stie, wie er it stereotype echte boer; rûch as tou, hurd op 'e hûd en gjin oare stof ta petear dan oer it boerebedriuw. Wannear 't er ús yn dy hoedanichheid nei de middelbere skoalle brocht – dat wie by hege útsûndering by striemin waar – wiene wy bliid dat er mei syn 1,68 amper boppe it stjoer út kaam. Om te rêden wat der te rêden foel, bekroaden we ús allinich oer dat part fan him wat sichtber boppe it meanfjild útstuts. Fan 'e achterbank ôf kaapten we syn pet en keamden it platpluzich prukje hier, foarsafier dat noch mooglik wie, yn model. 

Wie er yn syn habitat in echte boer, dêr bûten soene jo him, ôfhinklik fan syn stimming en klaaiïng samar oan sjen kinne foar in sjoernalist, resjersjeur of in ferneamd sjonger. Yn syn lange brúnsuede jas mei it wite bûnt oan de binnenkant like er bygelyks as twa drippen wetter op Deputy U.S. Marshall Sam MC. Cloud, de cowboyachtige televyzje-resesjeur út de plysjerige mei dyselde namme. Wy neamden neamden dy jas dan ek altyd syn MC. Cloud-jas. 

Poedele en ferklaaid like heit in folslein oare man  ek al rûktest nei in healoere weakjen – yn 'de frisheid fan limoenen’ – dat fleuchje boer der noch altyd troch hinne. Ik wit noch goed dat er ús ophelje soe fan it kamp. Wy wiene tsien of alve jier âld. Us heit en mem wiene nei Italië west mei in bus fol mei oare agraryske Friezen en wy wiene op kamp yn Appelskea. Dat byld fan heit doe 't er dy auto útstapte sil ik noait ferjitte; yn syn nij krêmwyt pak, de sinnebril op syn ynbrûne holle en it boesgroen oan it boarsthier ta iepen rûn er der by as wie er  – mem har favoryt – senor Julio Iglesias him sels. 

Mar it moaiste foarbyld fan syn stalferwikseling fyn ik noch it ferhaal oer it boereprotest. Wêr en wannear't dat wie wit ik net krekt, allinnich dat it protest yn de foarige iuw earne yn in stadion plakfûn. It ferhaal gie dat heit mei in oare groep boeren nei it stadion ta ôfreizge wie om te protestearjen. Heit kennende sil er syn kreaze pak oandien hawwe, en omdat it reinich wie droech er dêr nei alle gedachten de lange bêzje reinjas oerhinne, miskien hie er sels syn gleufhoed op. 

By it stadion oankommen, mochten de oare boeren ien foar ien trochrinne, mar heit waard by de yngong keard. ‘ Pers?' fregen se, heit antwurde net, mar knikte allinne. Dêrnei waard er troch de sydyngong nei de skybox loadst dêr 't er yn it bywêzen fan allerhanne pommeranten, ûnder it genot fan in buorrel en in smokerijtsje it protest útsitten hat. Faaks wie dat heit syn protest tsjin de stereotypering en pleite hy dêr yn stilte foar mear wardearring foar de agrariër, timmerman, soarchmeiwurkers, techneuten en al dy oare minsken dy’t mei de hannen wurkje.

woensdag 22 april 2020

Bûthús fervje

Bûthús fervje

Oanstutsen troch de klusgekte om ús hinne betinke man en ik dat wy dat nije rollûk no ek mar ris ophingje moatte. It yninoar sette, opmjitte en foarboarje fan de gatten giet as it slydjaget, mar as man my freget om fan binnenút de lamellen mei de koarde omheech te lûken wylst hy bûten de behuzing op it kezyn montearret, giet it mis: 'Toe mar, goed oanskuorre!' ropt er my fan bûten ta en ik skuor fansels fierstente fûl. 

De rôle mei lamellen ferdwynt yn de keunststoffen kap. Der is gjin beweging mear yn te krijen. De kap sit mei klinknagels yninoar, dat útinoar helje is gjin opsje. 
We wrakselje de hannen yn de smelle iepening fan de keunststoffen bak en besykje  hânmjittich de lamellen in slach te draaien, ûnderwilens prottelje we wat ôf: 

'Werom skuordesto no sa fûl ...?'
'Ja do seist dochs, toe mar skuor mar oan!?
'Seachsto dan net dat ...?'
'Hie dan [!?! ] die stopper ek net in slach draait!'
Der is noch hiel wat foeterjen oan foarôf gongen foar't it gefal healwei de middei einlings hinget. 

De opluchting  is grut. We dogge in pear stappen nei achteren om it resultaat fan ús ynspanning te bewûnderjen. Fan 'e dyk ôf liket it noch net sa mâl is de konklúzje, mar de skiergriene foardoar stekt der wol hiel suterich by ôf.  Fan it ien komt it oar en nei in wikelang himmelje, skuorje en fervje, sitte kezinen, foardoar en it hout op de garaazje wer strak yn 'e lak.  
It kezyn fan de kelder en dat fan it húske moatte eins ek noch, mar ik ha sa stadichoan skjin myn nocht en begjin rûch te wurden, en ik wit fan mysels dat ik dan ophâlde moat oars giet it mis, dan giet krekt sa as dy kear dat wy oant bûthús fervjen wiene. 

Simmer 1976. 
Sus J, twaling sus L en ik, hawwe fakânsje en we wolle fan alles, mar alles kostet wat en jild ha we net folle. Gelokkich hat heit wol in oplossing foar ús jildprobleem. Hy oppert dat we in bûssint fertsjinje kinne mei it fervjen fan it bûthús. Dêr ha we wol earen nei, en nei wat globale ynstruksjes; earst it hout skjinmeitsje, bytsje opskuorje en dan de perkoleum mei in platte brede kwast ooanbringe sette we útein. 

We begjinne entûsjast, mar nei in lyts wike skrobje en strike yn 'e brânende sinne ha we al aardich ús nocht. We wurde rûch en sjogge net mear sa krekt, it swimbad lonket. It himmeljen giet mei de Frânske slach en om meters te meitsjen kwastkje we gewoan oer de spinreagen en bedrûge stront hinne, de perkoleum lûkt oeral yn. As it bûthús dien is krij we it busjild útbetelle. Heit fynt it bêst genôch, hy is sels ek sa rûch as tou. 

Fan it jild dat ik fertsjinne ha keapje ik myn alderearste radiokasetterecorder en it earste plaatsje dat ik opnim is 'Music was my first love' fan John Miles. It wurdt griisdraaid dy simmer. 

In plaatsje opnimme wie faak noch best in hiel gedoch. De keunst wie om, op presys it goeie momint de twa knoppen rec en play tagelyk yn te drukken, as it nûmer dast opnimme woest ôfspile waard, Net te gau want dan prate de radiopresentator der trochhinne, mar ek net te let want dan mistest de begjin-tune fan it ferske. TDK wie in goed merk, mar bas-f wie goedkeaper as ik it my goed herinnerje. By de musicstore koest kassettebantsjes keapje dêr’t de musyk op stie, mar ja alles koste wat en folle jild hiene we net. 

vrijdag 27 maart 2020

Maitiidskuier

Maitiidskuier
Ik kuierje op de slachte mei hûn Puk. Op in b(r)oer nei, dy't oan it strontriden is, is' t hearlik rêstich. Der sjitte twa hazzen foar my lâns de wâl yn, se springe mei in grutte bôge de sleat oer, as wie it neat. In skries fljocht op eachhichte foarby, fierderop dûkelt in ljip panikerich wite-wyt roppend oer de greide. Troch skries- en ljippelûden, de rook fan rûge dong, bin ik samar wer werom. Werom op de pleats oan 'e Slachte. Doe't de Slachte noch ús Slachte wie.

Tusken it beamtegrien bin ik in sabeare ljip. Ik draaf fljadderjend mei de earms op en del en raas: ' Kiwite-wyt, kiwite-wyt. Yn 'e modder draai ik in kûltsje, de grize kachelkoallen binne myn aaien. Yn 'e keuken stiet achter glês in aaidoaze fol mei echte ljipaaien dy ha myn bruorren (fanatike aaisikers) fûn. Ik ha der gjin talint foar. Ik strún leaver mei myn suskes de slachtewâl ôf, ferskûle efter it manshege reid te eine-aaiensykjen. Moarns iere betiid sjitte de einen sa fan it nêst ôf, dat is maklik sykjen. 

Hûn Puk — thús in lyts skuttehûntsje — gedraacht har op de Slachte as in echte jachthûn. Se snúft, speurt en rôlet yn fergongklik stjonkend guod. Ik foeterje fan, bah wat stjonkst en fersjit my yn myn flibe. Ik hoastje, sa as it heart yn myn earmtakke. Fan it hoastjen springe myn gedachten nei foarich jier om dizze tiid. Ik lei yn Makkum op in matraske yn 'e wenkeamer om't mem sa hoaste en benaud wie en ik betink my dat ik bliid bin dat sy mei al har benaudens dizze coronakrisis net mear mei hoecht te meitsjen. 

Der komt immen oan mei in hûn, om't Puk loopsk is doch ik har foar de wissichheid wer oan'e line. Wer thús sjoch ik op myn telefoan dat ik 7676 stappen set en 5,9 km rûn ha. De trije ferdjippingen sil noch fan it treprinnen fan fan 'e moarn west ha of it moat sa wêze dat de kearen dat ik even yn  'e slachtewal sitten ha ek meirekkene wurde as ferdjipping. Ferdjipping, ja dat docht sa'n moarnskuier mei je.