dinsdag 27 december 2016

Tredde Krystdei

Tredde Krystdei.

Nei twa dagen swefen tusken himel en ierde, blaasde heit op 27 desimber 1992, ‘tredde krystdei’ syn lêste azem út. Fan dat momint ôf spile alles him ôf yn slowmotion. Yn in rûs bellen we dokter, famylje, en de begraffenisferiening.

Achter it gerdyn waard heit wosken en krige er it pak oan dat al wiken klearlei. Mei wat brilcream foarme mem tusken twa fingers, foar de lêste kear, golfkes yn it pluzige, brune hier. Op’e tafel lei de grutte bril mei de brune glêzen. Dat dy bril op moast, wie in beslút dat gau nommen wie, ommers heit wie heit net sûnder syn bril.

In grutte, swarte lykauto kaam de oprit opriden. Twa man rieden de baar nei binnen. Heit waard oerhevele yn de kiste mei de serene wite beklaaiïng. De stekker ûnder de baar waard oansluten. Fiif dagen lang folle  it sêft gûnzjend gelûd fan de koelynstallaasje de romte.

Nei al dat geregel fielde de rit nei hûs, kâld en leech. Ik draaide de radio oan om de stilte te ferbrekken. Heldere bernestimkes fan it kinderen voor kinderen koor songen it ferske: Derde kerstdag.

Op eerste kerstdag zijn alle mensen vrienden, 
op tweede kerstdag zijn grote mensen klein,
op derde kerstdag gaan alle deuren open, 
kon het maar altijd Kerstmis zijn.

Yn pleats fan krystkaarten, foelen dy wyks, rou- en kondoleânsjekaarten troch de bus.

It wie kâld en griis dy âldjiersdei de dei fan de beïerdiging. Yn in lange staasje brochten we heit nei syn lêste rêstplak. It beferzen gers knispere sêft ûnder de fuotten. De plechtige stilte waard rau ferbrutsen troch it ploffen fan in ferdwaalde voetzoeker.
Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren, by elk sprutsen wurd kringelen wite wolkjes damp omheech. En wyls de kiste stadichoan fieder yn’e beferzen grûn sakke klonken yn’e fierte de doffe dreunen fan karbidbussen. 


dinsdag 20 december 2016

Antidepressiva flok of seine

Antidepressiva in flok of in seine!

Antidepressiva doen meer kwaad dan goed", is de boadskip van de Deenske heechlearaar leraar Peter Gøtzsche, ûnderskreaun troch epidemioloog Dick Bijl. Fan de 1,1 miljoen minsken dy antidepressiva slikke, hat 98 prosint dêr neat oan, sizze sy. Boppedat hawwe in soad minsken lêst fan ferfelende bywurkingen.

It artikel docht in soad stof opwaaien! Foar en tsjinstanners fan antidepressiva bringe op forums en sosjaal media in diskusje op gang. Wat der wol net roppen wurdt, ik kin der wol fan koarje. It is nuver dat sels minsken dy’t blykber gjin idee hawwe wat it ynhâld om swier depressief te wêzen, roppe dat it gebeurt wêze moat om dy middelen as in aspirine foar te skriuwen. De bêste stjoerlju stean oan wâl!

Einliks soe dizze hiele diskusje net needich wêze as der mear foarljochting en útlis jûn wurdt oer it ferskynsel en ferskil yn, tiidlike dip en langduorjende depressie en as de rjochtlinen fan húsdokters (langer dan twa wike somberte, slecht ite en net goed sliepe ensafh as depresje oan te merken) mear nuansearre en oanskerpe wurdt.

Doe’t ik in sa’n tsien jier lyn net lekker yn myn fel siet, ferskriklik wurrich wie hertkloppings hie en it leafst de tekkens fier oer de holle luts, frege myn húsdokter wêr’t ik lêst fan hie en hoe lang ik al lêst hie fan wurrigens en trystens hie. No dat wie fansels langer as twa wike, sy begûn toen al foarsichtich oer medisinen, mar ik wegere! Letter bliek út ûndersyk dat it probleem kaam troch myn skildklier, dy wie fierstente te heech. As ik doe net wegere hie, hie ik der miskien no ek oan sitten.

In swiere depresje is fansels hiel wat oars dan in bêste dip, foar in dip is tiid en oandacht  faak it bêste en ienigste medisyn. In swiere depresje dertsjisteande is, mei de eangsten en psygaozes dy’t dêrtroch ûntstean kinne, libbensbedrigjend. Boppedat altyd tryst te moede wêze dat is echt in lijenswei. Antidepressiva slikke mei de somtiden aaklike bywurkingen is net neat, mar nei in lange striid faak in lêste striehalm om oan fêst te hâlden.

En ja, wat soe it moai wêze as je sûnder medisinen opknappe kinne fan je eangsten en depresje. Mar it skrinende is dat terapy op maat tsjintwurdich net yn alle gefallen fergoede wurdt en dus net beskiber is foar eltsenien. Dan bliuwt allinich noch mar de GGZ ynstelling oer en dêr is medikaasje no krekt it grutste ûnderdiel fan de hiele behanneling. En mochten je überhaupt foar sa’n behanneling yn oanmerking  komme dan binne de wachtlisten ek nochris sa grut dat it keal al ferdronken is foardat..
Medisinen binne dan in seine en faak noch de ienigste opsje om de holle boppe wetter te hâlden!

woensdag 14 december 2016

Kryst mei in gouden rântsje

In Kryst mei in gouden rântsje.


Ien fan myn moaiste oantinkens oan Kryst is der ien út myn bernetiid.
It wie net spektakulêr mar foar my fielde it hiel bysûnder,  it hie wat magysks.
Dy sfear, fan Kryst sjoen troch berne-eagen, ik kin it my sa wer foar de geast helje.
As ik dizze tekst hear : ‘En het geschiede in die dagen..,’ komme dy bylden as fansels
by my nei boppe. It binne bylden fan:

Stjerren makke fan papier, royaal  bestruid mei sulveren glitters.
Fan smelle, hege, ikehouten banken en it kreakjen fan ‘e houten flier.
Fan de preekstoel mei it houtsnijwurk en rântsjes fan franjes yn ‘t grien
Fan griis-griene lambrisearring tsjin hege wytkalke muorren.
Fan wite kersen yn selsmakke kersestanners. 
Fan  papieren krystklokken yn ‘t read, as in harmoanika iepenteard.
Fan stille nacht, heilige nacht.. en.. vrede op aarde, in de mensen een welbehagen…

Fan it boek dat we al wiken fan te foarren útsocht hiene op de lange boekelist .
Fan de hite poeiermolke, dêr’t ik myn tonge oan baarnde.
Fan sûkelade dy’t yn’e hannen raande.
By it fuortgean it pûdsje by de doar mei in sinasappel.
It binne bylden fan it skoalkrystfeest yn it lytse herfoarmde tjerkje fan Lollum.

De weromreis stiif tsjininoar oan op de achterbank fan de auto, it tsjustere paad del nei hûs.
Thús knipperen de kleurige lampkes yn in bûntfersierde krystbeam.
Op ‘e tillefyzje draaide de film: Het meisje met de zwavelstokjes.
Ik libbe sa mei dat earme famke mei dat yn dy izige kjeld by de doarren del moast om lúsifer te ferkeapjen, op dat momint  besefte ik hoe goed ik it hie. Ik hie famylje, ik hie iten en in dak boppe de holle, ik fielde my lokkich en tefreden.
It wie in Kryst mei in gouden rântsje!




maandag 5 december 2016

Frysk skriuwe

Leare om Frysk te skriuwen is:

Krekt salang stinne
En oefenje oan’t jo it kinne
Fan dy en dei
En my en mei
Fan in en yn
En myn en dyn
Fan alle dagen, en net else dei
En it falt wol, mar net mei
Fan wyt en wiet en wiid
It is en bliuwt in striid
De ú, en û en oe
Ik kin, do kinst, ik koe
Ik búk, in boek, in toer,
Ik knoffelje der betiden oer
in echte Fries
Giet net oer ien nacht iis
In ljepper springt oer sleatten
Mar in tichte doar is sletten
Een net-Fries dy wurdt boas
Want yn’t Hollânsk betsjut ’t wer wat oars
Sa ha je ’t faaks gau bedoarn
Mar dêr lûk ik my neat fan oan
As grutke Frysk hâld ik ús taal yn eare
Sa’t bern en bernsbern 't net ferleare