zondag 15 april 2018

Brún en smûk fersus griis en stiif


De opdracht fan it Libbensferhalenkafee wie; skriuw in ferhaal oer famyljetradysjes of gewoanten. No koe ‘k sa gau net wat betinke dus ik skreau: Ik leau net dat wy thús sa tradsjoneel wiene…

De iene sin lokke in oare út en noch ien. De wurden kidelen myn ûnthâld.
Al skriuwendewei siet ik ynienen wer yn ‘e keuken mei de oranje doarren. It wie moai waar en it wie snein ...
It wie krekt oft er der in acht mm film yn fan dy retrokleuren yn myn holle ôfdraaide. 
De details wiene sa skerp en dúdlik en dat allegearre troch dy earste sin. No ja, einliks kaam it troch de sin dy’t dêrop folge, lês mar...

Brún en smûk fersus griis en stiif

Ik leau net dat wy thús sa tradisjoneel wiene. Fan bysûndere dagen sa as Peaske of Kryst of sa stiet my - útsein de bûntfersierde beam en it Krystfeest yn tsjerke – net folle mear by. Kryst wie trouwens ien fan de kearen dat ik it net slim fûn om nei tsjerke ta te gean.

Dat kaam tink ik om’t we Kryst altyd yn de herfoarme tsjerke fierden. We wiene sels grifformeard, mar ik fûn dat herfoarme tsjerkje - mei har hege houten banken en preekstoel mei grien fluwielen rântsjes -  folle smûker dan ús eigen tsjerke mei syn glêde griisferve banken.

Under de herfoarme dumnys wie Rozendal ús favoryt. Dy man striele sa’ n entûsjasme út. Under er it preekjen ferpleatste er oanhâldend syn gewicht fan de iene foet nei de oare , syn romp swaaide derby hinne wer as wie er oan’ t reedriden. It wie gewoan fermaaklik om nei te sjen. In inkelde kear gong er ûnder de preek efkes yn petear mei gemeenteleden, dat fûnen de minsken geweldich.

Yn ús eigen tsjerke gong it der hiel wat stiver oan ta. Der siet gjin swûng oan. Dêr wiene se krekt sa griis en stiif as it ynterieur. Ik wit noch goed dat ik in kear net sin hie om mei te sjongen, doe treau sa’n wettysk frommeske yn de bank achter ús my in psalmboekje ûnder de noas, want dat hearde fansels net sa. Fan doe ôf bin ik hiel goed wurden yn playbacken.

De hiele entoeraazje - om it nei tsjerkegean hinne – drûch trouwens net echt by oan in zen sneinsgefoel. Alten wer dat gejacht om op tiid te kommen. Mem dy’t: hastich de bûsen neisocht om lytsjild, rôlen pipermunt yn stikken snijde,  Last minute mei brilcreamfingers it plústerige hier fan heit yn model knede en mei flibe noch in flek fan syn sneinske jaske poetste.

Mar de autorit nei tsjerke ta wie wol The Grand Final; Wy stiif tsjininoar oan op de achterbank fan de oranje Ford Taunes stationcar, heit dy’t net ôfremme mar mei deselde gong troch de bochten fleach, mem dy’t har eangstich oan de hângreep boppe de doar fêstklamme  wyls’t se ûndertusken de tiid skerp yn 'e gaten hold. It wie minutewurk. Meastentiids ferlernen we de race en wiene we te let yn tsjerke.

De koartste rûte nei ús fêste plak, rjochts foaryn twa banken achter it hek fan de âlderling- en diakens, wie fia de syddoar. Unopfallend oanskowe siet der net mear yn, foar sa fier’t dat ūberhaupt mooglik is oft je mei syn achten ynkomme. Rjocht foar ús út stoarjend, skeuvelen we achter elkoar oan de bank yn. Goed en wol te plak knikte heit efkes nei dûmny; de preek koe begjinne.