donderdag 20 april 2017

It is bytiden mar krekt hoe’t je it neame!

‘Dochst ek oan sport?’ ‘Uh, ja, ik sit op gymnastyk by de frouljusgroep.’ Mei grutte eagen sjocht se my oan, de winkbrauwen freegjend omheech. Se seit neat mar ik kin wol riede wat se tinkt en ik kin har gjin ûngelyk jaan. Frouljusgymnastyk, it klinkt gewoan net hip! It heart stoffich en âldsk, mar dat is it abslút net. Wat wy yn dat oerke gymnastyk útfine, is fiere fan belegen. Nee, wy wurde drild en ôfbealge, alle tiisdeis stoot de adrenaline ús troch de ieren, en hoewol’t we faak stien en bien kleie fine we it stikem hearlik! Fan al dat yntinsive bewegen krije je net allinnich in goeie kondysje en stevige spieren, ek de holle wurdt eefkes hielendal leechmakke.

It yn- en ûntspanne dogge we meastentiids op it ritme fan ‘e muzyk. De iene kear is dat modern in oare kear klassyk. Soms kin ik sa folslein opgean yn ’e muzyk, dan dream ik eefkes hielendal fuort en waan my yn in oare tiid en wrâld. Dan dûnsje ik yn in jurk fan meters kant en tule op de klanken fan Mozart, Bach, Vivaldi of Strauss troch in santjinde-iuwske balseal. Ik swier en swaai sierlik yn it rûn, myn fuotten lykje de flier amper te reitsjen, ik sweef  gewoan.

Myn fantasy fljocht bytiden as in barometer hin en wer. As Johan (ús gymleraar) ús bygelyks in pear minuten letter strang tasprekt: ‘Toe maar dames, kom op! Zet door! En gewoon door blijven ademen!,’ wyls ik op ’e rêch, mei de hannen ûnder de knibbels, op ‘e matte lis te kreunen en te stinnen, dan ferwachtsje ik suver dat it net lang duorret of der leit in lyts, glysterich, rôs lyfke op it fuottenein, mar it ienigste wat it stinnen my opleveret is in kop as in byt en kramp yn ’e búkspieren!

Ferline wike waarden we sa drild dat ik my even yn in militêr kamp waande. ‘Voorwaarts mars twee, drie, vier, op de mat halt! En druk op, twee, drie, vier, een keertje of tien twintig moet kunnen toch?’ Yn myn fantasy tigere ik troch de blubber ûnder kamûflaazjenetten troch, fleach boppe oer in houten skud en slingere as in Tarzan oer de feart hinne.
Doe’t Johan de retoaryske fraach stelde dêr’t er altiten de les mei ôfslút: ‘Nou, zo maar weer dames?’ belâne ik wer mei beide fuotten op ’e grûn!

Frouljusgymnastyk, stoffich? It is bytiden mar krekt wat foar namme je der oan jouwe! Oare kear sis ik gewoan dat ik op bodypump, fitness, meditaasje, yoga en kondysjetraining sit. Yn gedachten sjoch ik dy winkbrauwen al wer kritysk omheech gean en ik fiel de folgende fraach al oankommen: ’Hawwe jim dat allegear yn Achlum?’ It antwurd leit my al foar yn ‘e mûle: ‘Jawis, dat hienen jim net tocht hin, hawwe jim dat net dan? Wat suterich!’
Ypieblogt.blogspot.nl

donderdag 13 april 2017

Tiden feroarje

Tiden feroarje…

Septimber 1975

Yn it rûne, mei ljochte krolhier omliste gesichtsje, glommen in pear helderblauwe eagen. Se hie in ljochtblau breiden jaske oan, in jurk mei blomkes en fan dy skattige wite skuontsjes. It wie myn njoggende jierdei en sy wie it aldermoaiste kado dat ik oait krigen hie.
Ik wie tige wiis mei har en koe tiden mei har ompopkje. Mei babysjampo wosk har ik glêde lyfke, boarstele it hier oant it glânzge, draaide der stutsjes yn en drukte tútsjes op de rôze lippen en de plestik wangen. Moarns foar’t ik nei skoalle gong, lei ik har yn it nije reiswidske fan rútsjesstof en bestoppe har ûnder it rôze wollen tekkentsje.

Op skoalle mocht ik (tegearre mei myn twallingsus) traktearje op suertsjes. De masters en juffen krigen in reep. Alle seis famkes dy’t by ús yn ‘e klasse sieten waarden útnûge foar ús feestje. We dienen spultsjes sa as stuolledûns, koekehappe en ezeltsjeprik.
Oan 't ein fan 't feestje krige elk in pûdsje mei nei hûs mei dêryn in ballon wat snobbersguod en in potlead mei in stikje gom. Wurch mar foldien nestele ik my dan yn in hoekje fan de bank mei myn nije stiften, kleurboeken en it nije lêsfoer. Ik koe sa hearlik fuortdreame by it lêzen fan boeken as : ‘De schippers van de Kameleon en de Dolle Tweeling in opstand’.

Februaris 2009

Mei reade wangen sitte se neist elkoar op ‘e bank nei it skermke te stoarjen wyls de tommen handich oer de toetsen glydzje. Hielendal ‘vet cool’ is it om yn te loggen by in freondintsje dy‘t ek san ding hat, want dan kin je tsjinelkoar spylje. Har konversaasje beheint him ta: ‘Yn wat foar wereld bisto? 'Yes ik haw it level helle’ en ‘shit game over!’ It is har njoggende bertedei en har grutste winsk is yn ferfolling gien: in rôze Nintendo ds! Se fermakket har tige mei de spultsjes : ‘Super Mario Bros en My Littlest Petshop. Nei poppen taalt se net en lêze fynt se mar saai.

Op suertsjes traktearje is te gewoan! Hiele keunstwurken wurde skoalle yntôge. Doarskes smarties mei knip en plakwurk omtsjoend ta krokodillen en oare snoad betochte kreaasjes. Betink dan mar wer ris wat nijs!
Bernefeestjes lykje sa stadichoan mear op heale skoalreiskes. Koekehappe en stuolledûns is net mear fan dizze tiid. Nei it swimbad, boarterstún of film is sa ’n bytsje de noarm oan ’t wurden. De grutte fraach: ‘Wa moatte der allegear utnûge wurde?’ is de oanset ta in einleaze diskusje en ik lûk fansels wer oan it koartste ein! It gefolch: in heale dei op sjou mei fierstentefolle bern! Nei ôfrin haw ik de put der dan ek finaal út. Dochterleaf ploft foldien op ’e bank, probearret de toverpinne út, lakt de neilen mei har nije glitternagellak en jout mei ien druk op de knop har digitaal húsdier te iten.

Ach ja … alle generaasjes hawwe sa har eigenaardichheden!

woensdag 5 april 2017

Oefenje en stinne...


Oefenje, werhelje, regels en útsûnderingen út ‘e holle leare, dêr bin ik op ’t momint mei dwaande want oer goed fjirten dagen is it eksamen:’ Skriuw mar Frysk’ It duorret dêrom dizze kear even wat langer, mar der stean al wer twa nije blogs oan te kommen. 

Underwilens bin ik foar in oar ferhaal saken oan ‘t útsykjen oer de oarloch. Benammen oer wat der bard is op en rûnom de pleats fan ús pake Klaas Feenstra te Eksmorra. Der wiene fiif persoanen underdûkt in Joadsk jonkje fan in jier as fjouwer en fjouwer jong folwoeksenen wêrfan der twa yn 't ferset sieten.

As in miss Marpel bin ik fan alles oan it útplúzjen. Hjir en dêr krij ik ynformaasje wei, faak lytse fragminten. 
Myn oprop op facebook hat hjir en dêr al wat opsmiten. Ik moat sizze it is tige nijsgjirrich, der falle hieltyd mear puzelstikjes op syn plak. It spoar nei de versetstrider Henk Beets út Veldhoven en it Joadske jonkje Roelof Sanders (Ralfje) út Rotterdam rint spitigernoch oant no ta dea.

Gelokkich  krij ik sa no en dan ek wol wer in soart fan bonus, sa as in moaie foto dy’t ik noch net earder sjoen haw of in sigarekistje mei prachtige brieven fan ús pake oan ús beppe út har ferkearingstiid. Ek is my noch in oare bonus ten diel fallen, mar wat dat is, dêr in oare kear mear oer!