1 / 3
Dach beppe
De âld transisterradio rint kreakjend fan 'e sinder. Hy jout it ding in reis. De ferve spat by de muorren op. Ferdomme, krekt no't er einliks wer ris de de geast hie! Gremitich nukt er de pensielen yn t wetter en smyt de foardoar iepen. Hy stekt de strjitte oer en klimt by de betonnen trep op. Op' de seedyk skuort er de klean út, knoffelt oer de basaltblokken nei ûnderen en dûkt de iselmar yn. As in besetene ploeget er troch it wetter.
De fysike ynspanning kin de ûnrêst net by him weinimme. Hy strûpt de klean wer oan en set ôf. It ferske fan de Stones spuket noch him troch de holle. Op it ritme fan paint it black ... mansjeart er nei it toeristedoarp fjouwer kilometer fiederop.
De brêge stiet iepen. Hy omsylt de lange file en hâld foar it stoplicht stil. In man mei in fiskerspet wijst nei syn hannen en freget: ‘Oant skilderjen west?’ Hy grommelet wat ûnfersteanbers werom en trommelet pasjinterich op de slachbeammen.
It ferkear komt wer op gong. Hy set de sokken deryn.
By de buertsuper wâdet er streakrjocht nei it skap achteroan. De bûsfol lytsjild is genoch foar in tray bier fan in bûten-de-doarmerk. Foar de winkel oer klimt er de dyk wer op. Even bûten it doarp jout er him del op in bankje yn ’e sinne. Hy begjint oan it earste blikje ...
Op it kuierpaad is it in kommen en gean fan strângasten. Geurjend fan kokosoalje swiere se foarby. De stapel lege blikjes groeit. Hy ûntspant.
Fiederop komt in âld wyfke oanrinnen, se lûkt wat mei de linkerskonk. Achter syn gerdien fan swartgriis hier hâld er har yn't fisier. De gelijkenis is treffend!
Se wit hast net hoe’t se sitte, stean of lizze moat. De seurende pine strielet út nei de skonk. Slitaazje hat dokter sein; yn beweging bliuwe. Alle dagen kuiert se de rûnwei om. Foarhinne rûn se de ôfstân sûnder ûnderbrekking, tsjintwurdich rêst se healweis even op it bankje. Soms sit se dêr in skoft mei de eagen ticht te lústerjen nei oerfleanende guozzen en it kriezjen fan de seefûgels.
Se is dy middei letter as oars en treft it net! In frjemde keardel hâld har bankje beset.Oan’e samling lege bierblikjes te sjen, sit er der al even. Hy hinget wat ûnderútsakke, de lytse eagen taknypt tsjin de sinne lykje har folchjen. Se set de blik op ûneinich en strûst him foarby.
'Dach beppe!’
Fan skrik hâld se yn. Se twivelt in momint, mar dan wint de nijsgjirrigens it fan 't ûngemaklike gefoel, se draait om en knikt: ‘daach!’ Fan dy dei ôf treft se him faker. Soms op it bankje, dan wer by de winkel. Alle kearen groetet er har op deselde manier: ‘Dach beppe!’ en sy groet werom: 'Goeie!'
Frans is keunstner,, mar troch it gebrûk fan alkohol en oare middels binne it foaral syn frjemde keunsten dêr’t er bekendheid mei makket. Hy lûkt him nergens wat van oan. By gebrek oan grien bewettert er de
2 / 3
lampepeallen al stean dy foar de yngong fan in drokke winkel. As de need heech is ferkiest er de wet fan de natuer boppe dy fan de minsk! Echt kwea hat er net yn ’t sin, mar yn de dizige wrâld fan syn troch alkohol ferdôve geast fljocht er hieltyd faker út 'e bocht. Hy rekket fertize tusken de werkelijkheid en fantasy. Op in brodzige simmerjûn is hy sa fierhinne dat er him yn it paradys waant; hy dûnset spierneaken op de rotonde. Spitigernoch foar Frans wurdt syn opfiering net troch elkenien like entûsjast ûntfongen. De dierlike klanken dy’t er útstjit hâld mannich doarpeling út ‘e sliep. Under lûd protest hellet de plysje him fan ’e dyk en riidt him wer nei syn arbeiderhúske ta.
Jierren ferinne
Utsein in glimp van him by it wyklikse boadskip-útsje mei de bern, treft se Frans noch mar selden. Se komt de doar net folle mear út, mar hâld de moed der yn. Se genietet fan fûgels dy't foar it rút op de fetbollen ôfkomme, de fioeltsjes dy’t se mei har dochter hellet, it petear mei de taksisjauffeur, en har grutte leafhawwerij: it meitsjen fan trij-d-kaarten.
Frans leit ûnder in grauwe tekken op 'e bank. Hoe't er dêr belâne, hoe't er überhaupt thuskommen is, is him in riedsel. Neist de bank stiet it in leech skildersdoek, op 'e tafel in glêzen pot mei bedrûge kwasten.
In skrale Noardeaster raast om it hûs.'t Leafst wie er lizzen bleaun, mar hy hat gjin drip mear yn ’e hûs. De gong nei de super falt him dreech. Hingjend oer de boadskipkarre bochtet er nei it skap mei drank. By ’t ôfrekkenjen fangt er in glim fan har op. De weemoedigens wuollet him troch't liif.
‘Tout ira bien, je te promèts!’ It komt goed, ik beloof it! Mei har waarme hannen strykt se him oer de holle.
Grand-mère?
As er wer opsjocht is se fuort … Op it parkeerplak set er de flesse oan ’e hals.
Hy wurdt wekker yn in steryl wyt bêd ...
It doarpskrantsje fan januaris falt troch de bus en berjochtet:
Ons aller Frans is ongeneeslijk ziek. Kaarten zijn welkom op it onderstaande adres. Frans, gjin achternamme, allinich in adres fan it sikehûs.
Och earme Frans toch, tinkt se en giet foar him oan 'e slach. Se makket in trij-d-kaart mei in snieklokje en knipt der patroantsjes yn dy't se beplakt mei sulver en kânt. De kaart is in keunststikje wurden, mar wat moat se der eins opskriuwe? Noait mear as twa wurden ha se wiksele en wat skriuw je oan ien dy’t wit dat er stjêrren giet? De hiele dei toarket se der mei om. Nachts op bêd komt har it gedicht yn ’t sin dat se koartlyn út it Frysk deiblêd knipt hat: 'Ik bid voor hen die sterven gaan.
3 / 3
De oare moarns, hellet se laadsjes ûndersteboppen, skoot de bank fan't plak en keart it âld papier op ‘e kop, mar wer’t se ek siket se kin it net fine. Se pakt har sulverpinne, skriuwt op de kaart; Beste Frans, jij kent me niet maar ik ben degene waar jij altijd 'dag beppe' tegen zegt. Sterkte! En wylst se de kaart yn it kerfet skowe sil dwilet ta har ferwûndering in papierke foar har dêl. It is fers dert se sa nei socht hat. Se triuwt het by de slûf yn.
Yn it doarpskrantsje fan februaris stiet de rou- advertinsje :
Heengegaan
Francois Conrad Albert de la Porte
I dit it my way, Frans!
In pear wike letter
De tillefoan giet:
‘Hallo?’
‘Hallo, u spreekt met Hans uit Amsterdam’,
‘Hans uit Amsterdam?’
‘Ik ben de broer fan Frans, wij willen u hartelijk bedanken voor de mooie kaart en het gedicht. Het gedicht vonden we zo prachtig, we hebben het voorgelezen in de kerk. O ja, en uw kaart, die vond Frans zo mooi, de kaart heeft hij meegenomen op zijn laatste reis! ’
'O, Uh,' it komt har sa oer't mâd dat se net wit wat se antwurdzje moat.
'Dach Beppe'
'Daach Frans!'