vrijdag 30 september 2016

Swarte Pyt

Swarte Pyt
De hjerstfakansje is noch mar krekt foarby of it geouwehoer oer swarte Pyt set wer útein. De kinderombudsman hat yn in rapport  fêststeld dat de figuer Swarte Pyt, letterlik sitearre: “een karikatuur is en een voedingsbodem voor discriminatie en racisme,” en dêrom yn striid  mei de rjochten fan it bern. Der wurdt sein dat bern it as diskriminearjend  ûnderfine en dat soks rûn sinterklaastiid bot slimmer wurdt.

No kinderombudsman, ik wit net mei wa oft jo om tafel sitten ha,  mar ik tink net mei de bern út ús doarp, ommers ús bern wurde al generaasjes lang diskriminearre. By ús is dat hiel gewoan. Miskien skrikke  jo hjirfan en freegje jo jo no ôf hoe't dat samar sa kin. Dat sil ik jo sizze, dat komt nammentlik fan de iuwenlange tradysje om bern te ferneamen. Hjirtroch kin it foarkomme dat der binnen ien famylje, fjouwer of fiif  bern binne mei de namme Klaas, Durk of Pyt(er) en hoe moat je die no útelkoar hâlde? Just, krek, dat doch je troch bepaalde opfallende kenmerken te beneamen en die te kombinearjen mei de namme. Dus as Klaas tafallich read hier hat en Piter swart of brún, dan ist  by ús hiel gewoan om te sprekken fan reade Klaas en brúne of swarte Pyt(er). Sa ist foar eltsenien fuortendaliks dúdlik oer wa’t je it hawwe. En fiele sy sich hjirtroch  diskriminearre? Ik tink earlik sein fan net.
 
Rûn sinterklaastiid  wolle alle bern graach swart sminke wurde om op swarte Pyt te lykjen. Swarte Pyt wurdt troch harren net besjoen as it sielige sloofke fan Sinterklaas, nee swarte Pyt is tige populêr. Swarte Pyt stiet foar aksje, hy is stoer, klimt op it dak, goait mei pipernuten, lit him samar troch de skoarstien sakje om nachts de skuon te follen en pakjes te bringen. De measte bern binne slocht op swarte Pyt. Sinterklaas dertsjinsteande wurd wol in bytsje sielich delsetten, hy is stadich yn alles, yn syn rinnen en syn praten en troch syn minne ûnthâld moat er altyd in grut read boek mei tôgje  dêr’t er alles yn opskriuwt en dan noch ferjit er wolris om hjir en dêr in pakje lâns te bringen. Ik bin suver in bytsje benaud dat troch dizze karikatuer aanst in hiel oare groep minsken sich diskriminearre fielt!

Geen opmerkingen: