zondag 6 november 2016

It is mar in k*t kluske mar toch..

In is mar in lyts k*t kluske, mar toch…!
Ik bin dwaande moed te sammeljen, mar ik skytskoarje der wat tsjinoan en sko it wer op ’e lange baan. Al wiken hinget it formulier yn ‘e keuken oan it prikboerd. Moarn doch ik it echt, ach miskien is oare wike ek noch wol op tiid genôch. Hieltyd wer stel ik it út!

Bin ik no sa’n oansteller of soenen mear froulje wêze dy't lêst hawwe fan dit probleem. It stiet my sa tsjin, it foarútsicht om dêr iepen en bleat mei myn fuorten wiid yn ûnmacht te lizzen, om ferfolgens in stik middeliuwske ark nei binnen skoot te krijen. En dan dat gefoel as se mei dy lange wattenstaaf yn myn liif om riere!

De hiele hanneling hat net iens folle om ‘e hakken en dat it slim sear docht kin ik eins ek net sizze. It is te fergelykjen mei it weeïge gefoel sa’t je dat hawwe kinne ûnder yn je búk, wannear’t  je te hurd oer in brêge ride, mar dan wol sa hurd dat it net mear noflik fielt!

De ôfspraak stiet, ik doar it suver net te bekennen mar ik bin gewoan senuweftich.
Ik wit it, ik meitsje it grutter dan it is. Ik ha wier wol foar hitere fjoeren stien, ik ha notabene trije bern op’e wrâld setten en al trije kear in operaasje hân, dan moat dit dochs in piece of cake wêze soene je sizze. Mar hoe’t ik it ek beriddenear ik bliuw it in crime finen.


Geen opmerkingen: