woensdag 11 januari 2017

De rúthimmelblues

De rúthimmelblues.

It is goar waar bûten, it waait hurd en it reint, mar gelokkich hat elk neidiel sa syn foardiel. Ik hoech ynelsgefal hjoed net by de ruten op. Myn ruten lykje op’t heden krekt matglês, dus dat se needich oan in poetsbeurt ta binne, der kin ik eins net ûnderút, mar no eefkes net.
Der is gjin putsje wêr’t ik sa’n hekel oan haw as oan rútwaskjen! 

It slimste is noch dat ús hûs sawat alinnich mar liket te bestean út doarren en glês. Byinoar opteld binne dat der, as ik de iepenslaande ruten ek meirekkenje 13, doch dat dan ris kear twa (binnen en bûten) dan haw je der 26 om te himmeljen! Dan haw ik foar it gemak, de boppesten, it hok, de bykeuken en de garaazje, net iens meirekkene.

Op de nijjiersborrel fan ‘e buert hiene de froulju it oer rútwaskjen. Ik hope dan ek wat byfal te krijen oer myn rútwaskersfoby, ik sil dochs grif net de ienigste wêze dy’t dêr sa’n hekel oan hat.
No dat foel ôf!

Doe’t ik útein sette oer myn gebrek, myn disfunksjonearjen as rúthimmelster, seagen se my allegear wat meilijend oan. Ik die myn relaas oer hoe frustrearjend it is, as je de heale dei dwaande binne om alles fan binnen en bûten te dwaan, suver noch gruts binne ek, en dan de grutte  teloarstelling as de sinne begint te skinen! 

Strepen, resten útfage fûgelstront, miggestront, drippen ensafh. Meastentiids besykje ik dan mei de mouwen hjir en dêr wat fuort poetsen en klau mei de neilen de taaie swarte stipkes derôf, mar troch de iene feech út te wriuwen ûnstiet er grif wer in oaren, en sa bliuw ik oan it omgriemen, ik kin it gewoan net, punt!

De froulje seagen my meilijend oan en laken my doe fjouwerkant út! De heale dei? Nee toch, dat mienst net, dat dogge wy yn in heal oerke. Moast it mei sa’n hara dwaan, en dan fan links nei rjochts, net fan boppen nei ûnderen. Of mei reinwetter dat skynt ek goed te wurkjen,  hast wol in goeie trekker, Brabantsia, dat binne de  bêsten.

Soe der no werklik net ien wêze mei itselde probleem as ik, tocht ik by mysels. Ik haw faak al in heal oere wurk om myn finsterbanken leech te heljen! En wat dy strepen betreft, ik ha wier fanalles besike, neidrûgje mei âlde kranten,  spiele mei reinwetter, poetse mei glasseks, sa’n spesjaal hara ding, trekkers fan in goed merk, it slagget my gewoan net!

In heal oerke, ik stie perpleks! Ik krige suver wat de rúthimmelblues en bestelde noch mar in read wyntsje!
Doe tocht ik der ris wat langer oernei en begong  te rekenenjen.  As je tritich minuten diele troch 26 ruten haw je ûngefear 1 minút en 2 sekonden de tiid per rút. Dan moat je wol as in tornado by de ruten op fleane en dan ek noch blinke as spegels? 
Blykber wenje ik yn in strjitte mei rúthimmeljende wonderwomen!
Wol bysûnder! Ik ha se dan drekt ek mar opjûn foar dy nije telefyzjekwis fan Sylvie Meis: wedden dat ik het kan!

Geen opmerkingen: