donderdag 20 april 2017

It is bytiden mar krekt hoe’t je it neame!

‘Dochst ek oan sport?’ ‘Uh, ja, ik sit op gymnastyk by de frouljusgroep.’ Mei grutte eagen sjocht se my oan, de winkbrauwen freegjend omheech. Se seit neat mar ik kin wol riede wat se tinkt en ik kin har gjin ûngelyk jaan. Frouljusgymnastyk, it klinkt gewoan net hip! It heart stoffich en âldsk, mar dat is it abslút net. Wat wy yn dat oerke gymnastyk útfine, is fiere fan belegen. Nee, wy wurde drild en ôfbealge, alle tiisdeis stoot de adrenaline ús troch de ieren, en hoewol’t we faak stien en bien kleie fine we it stikem hearlik! Fan al dat yntinsive bewegen krije je net allinnich in goeie kondysje en stevige spieren, ek de holle wurdt eefkes hielendal leechmakke.

It yn- en ûntspanne dogge we meastentiids op it ritme fan ‘e muzyk. De iene kear is dat modern in oare kear klassyk. Soms kin ik sa folslein opgean yn ’e muzyk, dan dream ik eefkes hielendal fuort en waan my yn in oare tiid en wrâld. Dan dûnsje ik yn in jurk fan meters kant en tule op de klanken fan Mozart, Bach, Vivaldi of Strauss troch in santjinde-iuwske balseal. Ik swier en swaai sierlik yn it rûn, myn fuotten lykje de flier amper te reitsjen, ik sweef  gewoan.

Myn fantasy fljocht bytiden as in barometer hin en wer. As Johan (ús gymleraar) ús bygelyks in pear minuten letter strang tasprekt: ‘Toe maar dames, kom op! Zet door! En gewoon door blijven ademen!,’ wyls ik op ’e rêch, mei de hannen ûnder de knibbels, op ‘e matte lis te kreunen en te stinnen, dan ferwachtsje ik suver dat it net lang duorret of der leit in lyts, glysterich, rôs lyfke op it fuottenein, mar it ienigste wat it stinnen my opleveret is in kop as in byt en kramp yn ’e búkspieren!

Ferline wike waarden we sa drild dat ik my even yn in militêr kamp waande. ‘Voorwaarts mars twee, drie, vier, op de mat halt! En druk op, twee, drie, vier, een keertje of tien twintig moet kunnen toch?’ Yn myn fantasy tigere ik troch de blubber ûnder kamûflaazjenetten troch, fleach boppe oer in houten skud en slingere as in Tarzan oer de feart hinne.
Doe’t Johan de retoaryske fraach stelde dêr’t er altiten de les mei ôfslút: ‘Nou, zo maar weer dames?’ belâne ik wer mei beide fuotten op ’e grûn!

Frouljusgymnastyk, stoffich? It is bytiden mar krekt wat foar namme je der oan jouwe! Oare kear sis ik gewoan dat ik op bodypump, fitness, meditaasje, yoga en kondysjetraining sit. Yn gedachten sjoch ik dy winkbrauwen al wer kritysk omheech gean en ik fiel de folgende fraach al oankommen: ’Hawwe jim dat allegear yn Achlum?’ It antwurd leit my al foar yn ‘e mûle: ‘Jawis, dat hienen jim net tocht hin, hawwe jim dat net dan? Wat suterich!’
Ypieblogt.blogspot.nl

Geen opmerkingen: