zaterdag 16 juni 2018

Minderweardichheidskompleks? Fuck it!

It is tradysje om by de iepening fan it nije seizoen fan de skriuwersark in stikje foar te lêzen út eigen wurk en wat te fertellen oer jins ferbliuw yn de ark. No wie de opset dit jier wat oars, der soe gâns mear publyk oanwêzich wêze om’t tagelyk ek de Rink fan der Veldepriis útrikt waard.

Ik fûn it foarútsjoch om as ‘amateur’ tusken al dy Fryske skriuwtalinten myn sechje te dwaan, spannend. Ik fielde my wat ûnwis. Soene se myn ferhaal wol ynteressant genôch fine of healwei ôfheakje? Miskien krige ik wol in black out. Foar de wissichheid skreau ik wurd foar wurd op wat ik sizze woe.

Nijsgjirrich strúnde ik ynternet ôf en googele de namme fan de priiswinner. Wie it tafal dat ik fuortendaliks op de kollum stuite, de Toan fan Willem Schoorstra, mei de ynspirearjende titel: “Fuck it minderweardichheidskompleks!” Krêftige wurden dêr’t ik krekt efkes ferlet fan hie?

De hiele dei bleaun dy wurden by my hingjen. As in mantra werhelle ik: Fuck it minderweardichheidskompleks, fuck it  […]  Sels jûns op bêd spûken se my noch troch de holle. Fuck it minderweardigheidkompleks. Ynienen seach ik it hiel helder. Fuck it minderweardichheidskompleks, it wie de reade tried yn it libbensferhaal fan ús mem.

Mem hie graach mear leare wollen, mar it wie oarloch en der wie krapte. Mear as de legere skoalle, siet der foar har net yn. Se hat har altyd minder field as minsken dy’t wol leard hiene. Opsjen by minsken dy’t wat leard hiene, dat wie fansels ek wol typearjend foar dy tiid. Wat master, dokter of dûmny sei, dat wie sa, dêr gongen je net tsjinyn.

Mem hie de tiid net mei en master wâlde it minderweardichheidsgefoel der noch in kear ekstra yn mei syn útspraak: ‘Ach, jullie daar uit die oude mar,’ mei oare wurden; bern dy’t dêr weikamen wiene minder wurdich.

No sizze se dat guon patroanen fan generaasje op generaasje trochjûn wurde. Soe ik dan ûnbewust wat fan dat minderweardichheidskompleks fan har oernommen ha. Soe it dêr weikomme dat ik my somtiden sa ûnwis fiel oer myn kinnen, mysels sa denigrearjend betitelje as ‘amateur’ en mysels betiden sa lyts fiel tusken minsken dy’t ‘presteard’ ha.

Dan moat ik der dus no foar soargje dat dit patroan trochbrutsen wurdt en dat ik it net (ûnbewust) trochjou oan myn bern. Oe geine, der wurdt myn namme omroppen, ik bin oan bar om myn sechje te dwaan. It hert kloppet my yn ‘e kiel as ik it poadium opstap. Ik helje in pear kear djip azem en rjocht de rêch. Fuck it minderweardichheidkompleks!

Geen opmerkingen: