woensdag 14 december 2016

Kryst mei in gouden rântsje

In Kryst mei in gouden rântsje.


Ien fan myn moaiste oantinkens oan Kryst is der ien út myn bernetiid.
It wie net spektakulêr mar foar my fielde it hiel bysûnder,  it hie wat magysks.
Dy sfear, fan Kryst sjoen troch berne-eagen, ik kin it my sa wer foar de geast helje.
As ik dizze tekst hear : ‘En het geschiede in die dagen..,’ komme dy bylden as fansels
by my nei boppe. It binne bylden fan:

Stjerren makke fan papier, royaal  bestruid mei sulveren glitters.
Fan smelle, hege, ikehouten banken en it kreakjen fan ‘e houten flier.
Fan de preekstoel mei it houtsnijwurk en rântsjes fan franjes yn ‘t grien
Fan griis-griene lambrisearring tsjin hege wytkalke muorren.
Fan wite kersen yn selsmakke kersestanners. 
Fan  papieren krystklokken yn ‘t read, as in harmoanika iepenteard.
Fan stille nacht, heilige nacht.. en.. vrede op aarde, in de mensen een welbehagen…

Fan it boek dat we al wiken fan te foarren útsocht hiene op de lange boekelist .
Fan de hite poeiermolke, dêr’t ik myn tonge oan baarnde.
Fan sûkelade dy’t yn’e hannen raande.
By it fuortgean it pûdsje by de doar mei in sinasappel.
It binne bylden fan it skoalkrystfeest yn it lytse herfoarmde tjerkje fan Lollum.

De weromreis stiif tsjininoar oan op de achterbank fan de auto, it tsjustere paad del nei hûs.
Thús knipperen de kleurige lampkes yn in bûntfersierde krystbeam.
Op ‘e tillefyzje draaide de film: Het meisje met de zwavelstokjes.
Ik libbe sa mei dat earme famke mei dat yn dy izige kjeld by de doarren del moast om lúsifer te ferkeapjen, op dat momint  besefte ik hoe goed ik it hie. Ik hie famylje, ik hie iten en in dak boppe de holle, ik fielde my lokkich en tefreden.
It wie in Kryst mei in gouden rântsje!




Geen opmerkingen: