dinsdag 27 december 2016

Tredde Krystdei

Tredde Krystdei.

Nei twa dagen swefen tusken himel en ierde, blaasde heit op 27 desimber 1992, ‘tredde krystdei’ syn lêste azem út. Fan dat momint ôf spile alles him ôf yn slowmotion. Yn in rûs bellen we dokter, famylje, en de begraffenisferiening.

Achter it gerdyn waard heit wosken en krige er it pak oan dat al wiken klearlei. Mei wat brilcream foarme mem tusken twa fingers, foar de lêste kear, golfkes yn it pluzige, brune hier. Op’e tafel lei de grutte bril mei de brune glêzen. Dat dy bril op moast, wie in beslút dat gau nommen wie, ommers heit wie heit net sûnder syn bril.

In grutte, swarte lykauto kaam de oprit opriden. Twa man rieden de baar nei binnen. Heit waard oerhevele yn de kiste mei de serene wite beklaaiïng. De stekker ûnder de baar waard oansluten. Fiif dagen lang folle  it sêft gûnzjend gelûd fan de koelynstallaasje de romte.

Nei al dat geregel fielde de rit nei hûs, kâld en leech. Ik draaide de radio oan om de stilte te ferbrekken. Heldere bernestimkes fan it kinderen voor kinderen koor songen it ferske: Derde kerstdag.

Op eerste kerstdag zijn alle mensen vrienden, 
op tweede kerstdag zijn grote mensen klein,
op derde kerstdag gaan alle deuren open, 
kon het maar altijd Kerstmis zijn.

Yn pleats fan krystkaarten, foelen dy wyks, rou- en kondoleânsjekaarten troch de bus.

It wie kâld en griis dy âldjiersdei de dei fan de beïerdiging. Yn in lange staasje brochten we heit nei syn lêste rêstplak. It beferzen gers knispere sêft ûnder de fuotten. De plechtige stilte waard rau ferbrutsen troch it ploffen fan in ferdwaalde voetzoeker.
Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren, by elk sprutsen wurd kringelen wite wolkjes damp omheech. En wyls de kiste stadichoan fieder yn’e beferzen grûn sakke klonken yn’e fierte de doffe dreunen fan karbidbussen. 


1 opmerking:

Rommert Tjeerdsma zei

Ik waard der kâld fan Ypie, sa realistysk hast dit beskreaun. Komt faaks ek omdat ik soks sels ek mei ús heit meimakke haw.
Hjir en dêr noch wolris in staveringsflaterke,dêr moat noch efkes oan wurke wurde, mar do kinst soks byldzjend beskriuwe. Gean dêr foaral mei troch!