vrijdag 24 februari 2017

De nije K 3 en de striid tsjin de fergrieming.


Us hiele ekosysteem is al in pear wike yn’e war. Ús warbere hintsjes Mig en Viv, ek wol leafkjend ús tsjikkys neamd, binne in skoftke lyn op in grouwélige wize om it libben brocht. Se leinen op in moarn ûntholle yn ’t hinnehok. In moardsuchtich rôfdier, waarskynlik in stienmurd, hat se nachts sa fan’e stok ôf snipt en de strôt trochbiten. Oan de bloedspoaren te sjen ha se dêrnei, foardat se hielendal út ‘e tiid rekken, noch in skofke letterlik en figuerlik as in ‘kip zonder kop’ wyld om har hinne fladdere. Neist it emosjonele aspekt wat sa’n moardpartij mei him meibringt haw we no ek in praktysk probleem, wy bliuwe mei in itens-oerskot sitten.

Yn Nederlân wurdt sa’n 35 kilo iten per persoan fergriemt, fan de miljarden kilo’s dy’t sa de kliko yn gean is in grut diel noch gewoan ytber, alle produkten dy’t saneamd oer datum binne wurde faak, bang as men is wat ferkeards binnen te krijen, achteleas fuortsmiten. Skande, want dêr hawwe wy no krekt ús sintugen foar krigen. Yn pleats fan allinich mar út te gean fan de hâldberheidsdatum kinne je faak wol sjen, rûke en/of priuwe wat goed is en wat net. Meastentiids stiet der op ‘e ferpakking  ‘tenminste houdbaar tot’, dat betsjut dat it produkt wol langer goed is mar dat de fabrikant der net langer dan de betreffende datum garant foar stean wol.

Ik lûk my dan ek net al te folle oan fan dy hâldberheidsdata, mar rûk en priuw gewoan oft in produkt oer datum noch goed is en ik moat sizze dat it yn’e regel genôch meifalt. Ik haw bygelyks op fakânsje per fersin in kear in potsje jam meinommen dat al in jier oer datum wie, it roek en priuwde noch goed. Foar de measte minsken is soks faaks in skrikbyld mar wy hawwe der lekker fan iten. Trouwens, de measte produkten dy’t ynmakke bin mei sâlt, sûker of yn ’t soer, kinne je hiel lang bewarje en ek oer datum bliuwe se faak noch lang goed.

Hoewol’t ik mei itensieden wol in grutte fergriemer bin, ik meitsje standert altiten tefolle iten klear, fielde ik my persoanlik noait echt oansprutsen troch sokkesoarte nijsartikels. Ik fûn dat wy it sa min noch net dienen. Wy hiene ús eigen oplossing foar de fergrieming nammentlik ús hinnen. Alles wat wy fan de itenstafel oerhâlden gong nei de hinnen ta. Restjes griente, jierrappels, riis en makaroany, se wiene der sljocht op. As se ús oankommen seagen mei de panne, hipten se ferheard fan de iene poat op’e oare en sadree’t we it doarke fan it hinnehok iependen pikten se it ús sawat út de hannen wei. Foar har wie ús oerskot in wolkomme ôfwikseling op harren gewoanlik wat saaie menu. Yn ruil foar al dat lekkers leinen sy alle dagen in farsk aaike, sa hiene wy ús eigen lytse kringloop. Mar sa as alles dêr’t je oer prate yn’e doetiid, dat wie doe en doe is spitigernôch al wer in skofke lyn.

Nei de bluodderige moardpartij fan fan’t winter wie by my de aardichheid der wat ôf, dy stienmurd rûn noch earne frij rûn. Noch in kear sa’n slachting dat seach ik wier net sitten, mar man en dochter besochten fanalles om my oer te heljen wer in teamke hinnen oan te skaffen. Man makke alle naden en kieren fan ‘e ren ticht en fersekere my dat er gjin murd mear ynkomme koe. Tegearre strúnden se marktplaats ôf, triuwden my sa no en dan in foto fan in pear moaie hintsjes ûnder eagen en wiisden my op myn ferantwurdlikheid: ‘Dat weismiten fan iten dat koe dochs eins net, as wy no wer in pear hinnen hiene dan…’

Tjin safolle goed ûnderboude arguminten koe ik gjin wjerstân mear biede ik gong oerstaach. Sûnt in pear dagen skarrelje hjir no net twa mar (ien foar reserve) trije nije hintsjes om. Us nije teamke ek wol K3 neamd (kip 1, 2 en 3) is krekt sa sljocht op waarm iten as wijlen M en V. Sa helpe sy ús no wer om fergrieming tsjin te gean en as beleaning  ha se ús farnemoarn alwer traktearre op trije farske aaien. Mei tank oan K 3 rint ús ekosysteem no wer as in klok. De sirkel is wer rûn!





Geen opmerkingen: