zaterdag 3 juni 2017

Petgat prakkesaasjes

Freed 2 Juny 2017☀️

Petgat prakkesaasjes

Snetterje, plûnse, spatterje, gûnzje, stil is ’t hjir abslút net! De kikkers kwake oerstjoer, no ja kwake? Neffens master Elzinga wie der by dizze amfibyen gjin sprake fan kwaken, einen kwake, mar kikkerts makken neffens him in hiel oar lûd. Master hie dêr blykber in stúdzje fan makke en mocht dat graach demonstrearje. Dat byld fan master dy't in kikkert neidocht, ik kin ‘t my sa wer foar de geast helje….. Rik kik kik kwâ… de klam op de bylûden... rrrikikik kwââ.. Mei in kokhalzjende beweging spuide er dy kwâ der út.. kwââ...
Master  besocht ús net allinne boekewiisheid mar ek libbenswiisheid  by te bringen en dat koed er hiel byldzjend dwaan. Ien fan syn ‘stokpaardjes’ wie: ‘De mensen willen altijd maar meer en meer, maar als je zo doet,’ en dan sprate er de earms wiid út om se dêrnei as in soart fan omkearde swimbeweging nei him ta te heljen, 'dan verzźzuip je…' en by de zzzz.. fan verzuipen siste er as in falske slang, de flibe rûn him by de mûlhoeken del. Ut ’e bûse fan syn brún mansjesteren broek helle er dan in grutte ljochtblauwe bûsdoek, fage him even om ’e mûle en gong dan wer ûnfersteurber fierder mei de les.

Master wie strang dochs rjochtfeardich, mar der wie ien ding der’t er beslist net fan hold en dat wie ferklikke. Bram mocht alten graach narje en makke tankber gebrûk fan dat prinsipe. As er sa spotgnyskjend om him hinne siet te gnuven wyls er justjes read oanrûn, wisten wy in ‘e regel wol hoe let oft it wie. Mei syn stildeunske aksje krige er de hiele klasse op ‘e kast. De lucht dy’t him stadichoan  troch it lokaal ferspriede wie werklik net te hurdzjen. Fansels wie der altiten wol sa' n klikspaan dy't de finger opstuts: ‘Meester, Bram heeft in scheet gelaten.’ Master smoarde dat klikken fuortendaliks yn ‘e kym mei syn antwurd: ‘Allemaal in neus vol dan is het zo weer weg!’ Lydsum bûgden we ús dan mar wer oer de boeken yn ’e hoop dat master gelyk hie. Bram syn triomf wie grut. Hy siet him te ferknûkeljen achter syn skrift. Foar de safolste kear kaam er der wer mei fuort.

Hoe kaam ik hjir ek al wer op, och, ja troch dy kikkerts!
Ik sit op it bankje wat dreamerich foar my út te stoarjen. Oan de achterkant fan de ark, ûnder it blêdedak fan de wylde kastânje is ’t gau tsjuster, mar hjir boppe it ’t wetter bliuwt it lang ljocht.
It is myn twadde wike hjir al wer. De tiid fljocht oant no ta foarby. It is alle dagen waarm sinneskynwaar en sels op ’e jûntiid is ‘t noch lekker bûten en dat foar begjin juny, ik haw wier net te klaaien.
De natoer yn it petgat is prachtich, Ielstikel, Wetterleelje, Pompeblêd en Barchjeblom alles stiet tagelyk yn bloei. Boppe it wetter fleane brune helikopterkes en blauwe juffers. Ferline wike swom er sels in ree foar it arkje oer. It is hjir sa fredich, dy serene rêst dy’t hjir hinget, (rêst net stilte) is gewoan net te omskriuwen, ik fiel my dan ek in befoarrjocht minskebern.

3 opmerkingen:

Rommert Tjeerdsma zei

Hee Ypie, ik haw . as ik dat sa lês, it idee datst yn it arkje fan Rink van der Velde op 'e Veenhoop bist. Kloppet dat? Ik haw dêr yn 2008 trije wiken trochbrocht.

Ypieblogt zei

Ja dat kloppet, in moai plakje hjir☀️

Rommert Tjeerdsma zei

Ja, ik haw dêr ek mei in soad nocht 3 wiken trochbrocht. Sneins gie'k even nei hûs mei de wask ensa, mar fierder wie 'k dêr dei en nacht. In grut part fan it manuskript 'Reboelje yn Kollumerlân' ha 'k dêr skreaun. In prachtich plakje dêr't ik bytiden noch wolris ûnwennich fan bin...