donderdag 14 september 2017

Oade oan myn twallingsus

Leave twallingsus

Hjoed is it ús bertedei en fannacht tocht ik wer eefkes werom oan ús jierdei fan njoggen jier lyn. Wat stiene we der doe oars foar. Do sietst midden yn it trajekt fan gemo-kueren. De gemo dy’t troch har ferneatigjende wurking net allinich kankersellen mar ek dyn sûne sellen ferwoesten, fan it hier oant de nagels fan ‘e teannen ta. Dyn hiele ôfwarsysteem waard ûndermine. Deawurch waardst dêr fan.

Net allinnich lichaamlik ek geastlik hiest hiel wat te fernearen. Tergjend lang wachtsje op útslagen fan foto’s, biopten en scans, de wiken, dagen en oeren kroepen foarby. Wat my noch hiel goed by stiet is it wachtsjen op de útslach fan de botscan. Ik wie der gewoan siik fan, sa bang wie ik om dy kwyt te reitsjen. Wat moat dat foar dy in hel west hawwe.

Om elkoar te sparjen sprutsen we ús eangsten mar summier nei elkoar út. Dat wie dyn oerlibbings-strategy, alles wat je oandacht jouwe groeit en dêr’t je it net oer hawwe dat is der net. Wat moatsto dy iensum field hawwe yn dat proses. Dochs, wistesto dy alle kearen wer op te rjochtsjen. Ast dy ek mar in bytsje knap fieldest dan staptest, om de sinnen te fersetten, wer op ‘e fyts.

De holle leechtraapje wie dyn manier om te ûntspannen en te ûntsnappen oan dy oare wrâld. De wrâld fan wachtkeamers mei keale, bleke hollen, fan lange wite jassen en dripkjende ynfuzen, fan dy typyske sikehûsgeur fan ûntsmettingsmiddels en grientesop yn plestik bekers. Sikehûssop, de gedachte allinnich makke dy al mislik.

Underwyls binne we hast tsien jier fieder. Noch hieltyd moast alle dagen medisinen ynnimme dy’t  ferfelende bywurkingen hawwe, mar ik hear dy noait kleien. Do soest it graach foar altyd achter dy litte wolle, mar dat slagget noait hielendal. Alle kearen wurdst der troch de jierlikse kontrôle wer mei de noas boppe-op drukt en alle kearen is’t wer spannend; Wat no as... like hurd as dy gedachten by dy boppekomme troppest se ek wer fuort.

Wat ik sa yn dy bewûnderje is dyn keunst om oeral it bêste fan te meitsjen. Do besikest altyd it positive yn it libben nei foaren te heljen en te genietsjen fan it moment. Dat is net alten maklik, mar it is in keuze dy'tsto makkest, in keuze dêr'tsto alle kearen wer dyn stjonkende bêst foar dochst! Dat yn kombinaasje mei dyn humor -want boppe-al kinst ek oergryslik laitsje -  skuort dy der alle kearen wer trochhinne.

Do bist dejinne fan wa’t ik leard haw, net te wachtsjen oant de stoarm lizzen giet, mar om te dûnsjen yn ‘e rein! Te libjen en te  ferwûnderjen as soe it dyn earste en lêste dei wêze! Ik bin tige bliid en grutsk dasto myn twallingsus  bist.
Leave sus, ik ❤ fan dy, lokwinske en in dikke tút, fan my! 💋

PS, as ik in plaatsje  foar dy oanfreegje mocht dan soe it dizze wêze: Ik haw dy leaf, fan Syb van der Ploeg:

Ik haw dy leaf myn hiele libben
it is mear as hâlden fan
it is of asto yn myn  bloed sitst
en ik kin der neat oan dwaan...

Ik haw dy leaf, ik haw dy leaf,
ik haw dy leaf, wat moat ik sûnder dy
it bin mar fjouwer lytse wurdsjes
en al makket ús dat soms wat bang,
ik haw dy leaf, mear as alve stêden lang.

Geen opmerkingen: