woensdag 6 september 2017

It went net!

It went net!

Mei in pear freondinnen is se oan it netfliksen. Se tôgje mei flessen en glêzen nei boppen. Foardrinke nimme se dat. 'Net te mâl hin,' sis ik. Miskien net pedagogysk ferantwurde, mar ach we binne sels ek jong west, boppedat wurdt alles wat je ferbiede faak net folle ynteresanter?

As ik it fergelykje mei wat wy útfûnen op dizze leaftyd, dan dogge se it net sa min! Wat ik folle slimmer fyn, is dat lette op stap gean. Op tiden dat wy eartiids thúswêze moasten, begjint by har de jûn pas. Sawat alle wykeinen wurdt der in hiele nacht trochhelle en de oare deis is se fansels sa min as potstro.

Tsjin tolven sil it noch in kear wurde.
'Net te mâl en net allinich fytse hin,' rop ik har standert nei, it antwurd is in wat irritearre  'Jaaha..!’
Sy giet út en wy krûpe deryn.

Om klokslach fjouwer oere wurd ik wekker, ik smyt it dekbed fan my ôf en rin nei har keamer. Hoeden druk ik de klink nei beneden, it bêd is noch ûnbesliept. Ik krûp wer yn myn eigen bêd. Tusken weitsen en sliepen troch hear ik de tsjerkeklokken slaan, 1 kear, 5 kear, 1 kear... De meast akelige horror-senario's spoke my troch de holle.

It is al ljocht as ik de kaai yn it slot draaien hear. Se rommelet wat yn ‘e keuken, spielt de wc troch en besiket sûntsjes nei boppen te slûpen. De treppen kreakje. De sliepkeamerdoar wurdt krekt wat te hurd tichtlutsen. Mei in gerêst hert draai ik my om. Gelokkich, se is wer feilich thús!

Geen opmerkingen: