woensdag 15 november 2017

Wedzje om in ko

5
Wedzje om in ko
‘Dêr sit wis en wrachtich in kleurke yn,’ sei tante Swanne-keek, wylst se ús mem útdaagjend oangnúfde. Tante mocht graach in fjoerke oansette!  

Ik doar der wol in ko tusken te setten fan net,’ sei ús beppe, wars as se wie fan alles wat nei idelheid rûkte.

Mem ferskeat har sawat yn ‘t spesjale resept (swanne-keek) fan ús tante, mar se hold har wyslik stil sa as altyd. In ko dat wie nochal wat!

Mem hie fan harsels in bosk donker hier, mar nei har tritichste begûn dat stadichoan griis te wurden en griis op je tritichste, dat passe net by mem.

Om de trije, fjouwer wike strûpte se in skelkjurk oan, smiet in âld skûlk oer it skouder en rierde yn in nei ammoania rûkende brij om.

Foar de fergrutspegel smarde se, mei in fervekwast, it hier achteroer ta in grutte, swarte glânzgjende kúf. Beppe, mem har skoanmem, hat der oant har dea fan 
oertsjûge west dat mem noch hieltyd donker wie fan harsels.

Ik sit foar de fergrutspegel mei de kwast yn ‘e oanslach en it is krekt oft ik ús mem sitten sjoch. Gelokkich kin ik no kieze út in stikmannich mear kleuren en stjonkt it tsjintwurdich net mear sa as doe, en noch wichtiger ; it hoecht net mear stikem.

Wêrom haw ik dan dochs dy rolgerdinen sa stiif ticht en de doar op ’t slot, soe dat no sa’n patroan wêze dat je gewoan oernimme, of hat it mei idel-wêzen te krijen …?

Stikem hie ik wollen dat mem har doe net stilholden hie; soe beppe har wurden dan wer wernommen  hawwe, of hie der dan werklik in ko fan eigner wiksele?

Geen opmerkingen: