maandag 4 december 2017

It ultime krystgefoel

It ultime krystgefoel?

Pakes, beppes, omkes, tantes, freonen, alles skode oan. Mannen yn kolbert of yn in Noarske trui, de froulju yn swarte jurkjes en de bern as lytse kopieën. It tafelkristal glinstere yn it kersljocht en neist de porseleinen boarden fonkele it sulveren bestek. It iten, in kulinêr keunststikje, dampte yn bypassende skalen fan it Wedgwood- servys. Blierglimmende gesichten strielden yn goudgiel ljocht, it 'frede op ierde en yn de minsken in wolbehagen', spatte der fan ôf. It Krystmearke neffens de Libelle.

Se hie oait wolris besocht dat kryst-ideaalplaatsje benei te kommen. It wie gjin súkses. De pakes en beppes hiene oare plannen en de bân mei de rest fan de famylje wie no net sa dat se elkoar útnûgden foar it krystdiner. Libellefreonen hie se net, dus stoarte se har op har eigen húshâlding. It euforysk gefoel ferdwûn lykwols al by it tafelklearmeitsjen. Yn it tafelkleed sieten flekken dy’t er mei ‘t waskjen net útgongen en der wie net in board dêr’t net in stik glazuer út miste. De glêzen sneuvelen sa faak, dat se it opjûn hie om setsjes te sammeljen dy by-elkoar pasten.

It oanrjocht wie in slachfjild fan kulinêre prebearsels. De bern ieten mei lange tosken fan de liflafkes wyls se elkoar oer de tafel hinne oan it tergjen wienen. As in skiedsrjochter besocht se, it getysk ta in minimum te beheinen, mar de frede op ierde bleau fier te sykjen. Mei knypte stim der't de mankelikens yn trochklonk fersuchte se: ‘Kin it no noait in keartsje gewoan, it is hjoed dochs Kryst?’ Nei twa fan datsoarte dagen wie se bliid dat it wer foarby wie. Se hie har hoop festige op de tiid dat de bern grut wêze soene.

De jierren ferstrutsen, tiid bliek idele hoop. Op de ien of de oare manier slagge it mar net om it gesin by-elkoar te krijen. Aldste walge fan dy tradisjonele opprikte blierheid, middelste besocht it mearke by skoanfamylje te beneierjen en de jongste woe mar yn ding: frette en ôfsette, de kroech yn mei freonen. Wylst se alles hie wat se har mar winskje koe: man en bern, sûnens, ûnderdak en iten, waard Kryst foar har in synonym foar alles wat se net hie.

Se hie de moed opjûn om de famylje by-inoar te krijen en swarde it krystdiner ôf. Yn ‘e dagen foar Kryst helle se har boadskippen yn it doarp fiederop. Se smiet in pûde boerekoal en in rikke woarst yn 'e karre en wraksele har tusken de listjes-ôfwurkende, oerfolle karrenoandriuwende minsken troch.

Op earste Krystdei iet se tegearre mei har man stampot by kersljocht. Jûns pookten se de kachel op en nestelen har yn spikerbroek en trui, mei koffie en wat lekkers foar de krystfilm. Wylst se fuortdreamde yn de troch Hollywood betochte swiete wrâld fan ryke skurken dy’t op krystjûn ta ynkear kamen, luts har in trochwaarm, fredich gefoel troch de lea. Soe it fan de film komme ... of fan de houtkachel … of soe dit no dat it ultime krystgefoel wêze ?

Geen opmerkingen: