woensdag 24 januari 2018

The Dateables


The Dateables

Pien is in blonde krollebol fan in jier as achttjin. As se laket giet ‘e sinne skinen. Se sjongt graach yn har stamkafee en op lytsskalige festivals.
Pien is op siik nei in relaasje. Jonges fynt se mar neat; se falt op froulju.

Pien hat in hendikep. In harsentumor hat har harsens skeind en hat har yn ‘e groei remme. De tumor hat ek it diel fan ‘e harsens oantaast dat in rol spilet by de romtlike oriïntaasje. Dit hat as gefolch dat se gjin rjochtingsgefoel hat en ferdwaalt as se fierder as in kilometer fan hûs ôf is.

It datingburo foar minsken mei in beheining, hat matchmaker Kim ynskeakele.
Sy giet op siik nei in date foar Pien.
Nei in pear wike wurdt Pien belle troch Kim; der is match mei in achttjinjierrige studint ferpleechkunde.

De achttjinjierrige studint, in skrutel, lang fanke mei donkere kringen ûnder de eagen, stelt harsels foar oan de bliere krollebol. Nei de kennismakking falt der in wat ûngemaklike stilte, mar gjin need, it datingburo hat in aktiviteit betocht om it iis te brekken : fervesmite. De jonge froulju strûpe in wite overal oan en besykje in keunststik te meitsjen troch ferve tsjin in skildersdoek te smiten.

It omgriemen mei ferve is gjin súkses, mar it soarget yn els gefal foar wat ferdivedaasje. It petear komt stadichoan op gong. De studinte fertelt oan Pien dat se drumt yn in bandsje en dat se op syk is nei in sjongster. It begjint der op te lykjen dat er in klik is. It petear wurdt al gau wat persoanliker.

'Hasto al earder in relaasje hân?' freget krollebol dan.
'In stik as tolve/ fjirtjin' antwurdet it opsketten fanke, 'myn langste hat sa’n fiif jier duorre.'
Krolly knipperet omraak mei de eagen, har stimlûd bliuwt fan skrik stekken by de o fan, 'ohw echt?' Achttjin min fiif, dielt troch ... tolve? ... Se mei dan beheind wêze mar oan har tinkfermogen mankearret neat.

‘En dyn koartste relaasje?’

1 opmerking:

Stephenie Brown zei

HERPES is yn serieuze en weromkommende sykte dy't net kin wurde genêzen fia ynjeksjoneel medisyn troch Amerikaanske dokters, mar de bêste manier om Herpes te behanneljen is troch it nimmen fan natuerlike krûdemedisy derfoar, ik ha lêzen oer DR JAMES, de geweldige herbalistdokter dy't myn fan genêzen hat herpes mei syn krêftige krûdemedisyn. Ik naam kontakt mei him om te witten dat hy my koe helpe en hy fertelde my dat ik myn noait sear soe dwaan, dat hy sil my helpe mei de natuerlike krûden! Nei 2 dagen kontakt mei him, fertelde hy my dat de genêzing ree wie en hy stjoerde it nei my fia DHL COURIER SERVICE en it ûntfong my nei 2 wiken dat ik it drugs brûkte, en hy joech my ynstruksje (MORNING and EVENING) en ik wie genêzen! It is echt as dreamde, mar ik bin sa bliid! foar dyjingen dy't lije oan herpes en oare sykten lykas ovarian sykte, kanker, hypothyreoïdisme, Herpes, COPD, HIV, arthritis, Lyme sykte, Hpv, ynfeksjes, lever sykte, autoimmune sykten, Parkinson sykte, Lupus, nefrology en hypertensie, neurology, obstetrics , gynaecology, en sûnens fan froulju, onkology, pediatrie, pulmonary, AKUTE MYELOFIBROSIS, ALZHEIMER symptomen, BREAST CANCER, DIABETES, HAIR LOSS AND HAIR BEHANDELING, KIDNEY SIEKTEN, LEUKEMIA, TIEMA, MY
moat him kontakt opnimme foar syn kruidemedisyn, ik bin yn libbensbewiis en ik krij herpes-kuren en syn medisyn is legit. Ik stjoerde him wat hy oanfrege en hy stjoerde my syn medisyn dy't ik 3 goede wiken neam en hjoed bin ik hjir mei in negatyf resultaat. Doe't ik foar de test gie, bin ik oerbleaun, syn medikaasje gie net. jo kinne him berikke fia VIA E-post drjamesherbalmix@gmail.com fan whatsapp-nûmer: +2348152855846