dinsdag 30 oktober 2018

Ik kom út Fryslân en dêr bin ik grutsk op.

Meartaligens.

Op school werd er door meester uitsluitend Nederlands gesproken, en der waard fan ús ferwachte, dat wij in het Nederlands terugspraken. Frysk, dêr seagen se it belang net sa fan yn op 'e legere skoalle yn Lollum, en dat wylst Lollum sa’n yn en yn Frysk doarp wie.

Om’t it Frysk my no ienkear foar yn ’e mûle lei en de tonge wolris wat rapper wie as it brein, verbrak ik mij bijtijden dan ook nuiver. It skriuwen yn ’t Hollânsk gong my better ôf, ast skriuwst hast no ienkear mear tiid om nei te tinken.

Op de grutte skoalle krigen we neist it Nederlânsk ek Ingelsk en Dútsk, dat ik kin my aardich rêde yn binnen- bûtenlân, mar dochs, as ik mei immen Frysk prate kin fielt dat folle fertrouder as yn it Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk. Se sizze dan ek wolris dat jins memmetaal de taal is dy’t direkt nei it hert giet, ik kin my wol yn fine yn dy útspraak.

Yn it Frysk kin ik my folle better útdrukke dan yn it Nederlânsk. Gelokkich is’t mei it nuvere ferbrekken in stik better wurden, al tink ik dat je, oan de Frisismen dy’t er hieltiten wer ynslûpe en dat sangerige lûd wat in Fries sa eigen is, fan meters ôfstân hearre kin dat ik út Fryslân kom. Dat krij je der net mear út, mar dat fyn ik ek hielendal net slim. It Frysk is in ûnderdiel fan myn identiteit en dêr bin ik grutsk op.



2 opmerkingen:

Anoniem zei

Hoi Ypie, leuk stikje. Mar dat grutsk wêze op it feit dat je út Fryslân komme, kin ik net goed neifiele. Grutsk binne je op eigen prestaasjes, yn 'e regel net op saken dêr't je neat oan dwaan kinne. Grutsk kinne je as Frysk skriuwer ek net werklik wêze op 'de Friezen', de measten lit har eigen taal blau, de 'mienskip' moat der ek al neat fan hawwe (sjoch LF2018) en 'ús' provinsjebestjoer lit al sûnt 1980 it Frysk ûnderwiis it leafst sloere. Ik soe mar grutsk wêze op dyn gedichten!

Ypieblogt zei

Tankewol Abe. Ha dyn gedicht In Memoriam lêzen fyn'k in moai fers. Mei'k wol lije.