zondag 7 oktober 2018

De Tynge

Yn it literêr tydskrift fers2.eu is myn gedicht pleatst: de Tynge. 

DE TYNGE

Dêr’t ea it wetter, ferneamd om blei en iel
it lân begrinzge en ûnwaarsfûgels
kriezjend sweefden op termyk, bewâlden
roeken it leech dongsuchtich greidelân.

Wylst eastewyn it folk opswypke en
in blikken stim ferslach die fan beferzen lidden
op izeren skonken, kraste de tynge, gnjirdzjend
as in flime oer moarmeren glês.

Doe’t de âldroeken yn pronkjend swart
de fearren poetsten, befrearen triennen
by de gimmelearden kachel
yn ’e Mar, efter de polderdyk.

Dagen lingen en dêr’t mannich boer
nei d’ ûngetiid de greiden donge
stuiten hja by it dollen yn ’e skerne,
noch op grouwe bonken iis.

It gedicht is basearre op in fragmint út it libben fan pake en beppe út de Mar (Makkumermarpolder) hjirûnder beskreaun.

Makkumermar, Februaris 1929, 

De Tynge

In Sybearisyk kjeldfront, mei temperaturen fan 16 oant 20 graden ûnder nul, hold it lân wikenlang yn syn greep. De Sudersee en de Waadsee wiene beferzen en waarden fan alle kanten trochkrúst, earst noch hoeden, op redens en rinnende, letter aventoeren se de oerstek mei hynder en wein en autobussen. De fjirde Alvestêdetocht ferrûn dat jier ûnder barre omstannichheden, fan de goed 300  dielnimmers berikte minder as de helte de einstreek, mei beferzen earen, eagen en teannen. By Klaas en Houk (ús Pake en beppe yn ‘e Makkumermar) wie yn januaris dochter Ybeltsje berne (de tante dêr’t ik nei ferneamd bin). Earstberne  bern, soan Sijtze, fan goed 1 jier wie útfanhûs by Pake Sijtze en beppe Wiebrig op ‘e Eksmoarstersyl. Op 16 februaris barde it slimste wat ik my as mem betinke kin. Wyls’t it frear dat it kreake, stiigde by lytse Sijtze de temperatuer oant boppe de fjirtich graden. It jonkje stride om syn libben. Dokter stelde fêst dat it om diftery gong, mar koe neat mear foar him dwaan. De earste pake- en beppesizzer fan Sijtze en Wiebrich, stoar har ûnder de hannen wei. De tynge (doodstijding) moast dy jûns oerbrocht wurde nei Klaas en Houkje yn de Mar. In boadskip dy’t troch de siel snijde.

Geen opmerkingen: