donderdag 16 juli 2020

Boereprotest

Boereprotest

As er in overal oan hie en syn snusterige, brungrize pet airodynamysk op ‘e holle stie, wie er it stereotype echte boer; rûch as tou, hurd op 'e hûd en gjin oare stof ta petear dan oer it boerebedriuw. Wannear 't er ús yn dy hoedanichheid nei de middelbere skoalle brocht – dat wie by hege útsûndering by striemin waar – wiene wy bliid dat er mei syn 1,68 amper boppe it stjoer út kaam. Om te rêden wat der te rêden foel, bekroaden we ús allinich oer dat part fan him wat sichtber boppe it meanfjild útstuts. Fan 'e achterbank ôf kaapten we syn pet en keamden it platpluzich prukje hier, foarsafier dat noch mooglik wie, yn model. 

Wie er yn syn habitat in echte boer, dêr bûten soene jo him, ôfhinklik fan syn stimming en klaaiïng samar oan sjen kinne foar in sjoernalist, resjersjeur of in ferneamd sjonger. Yn syn lange brúnsuede jas mei it wite bûnt oan de binnenkant like er bygelyks as twa drippen wetter op Deputy U.S. Marshall Sam MC. Cloud, de cowboyachtige televyzje-resesjeur út de plysjerige mei dyselde namme. Wy neamden neamden dy jas dan ek altyd syn MC. Cloud-jas. 

Poedele en ferklaaid like heit in folslein oare man  ek al rûktest nei in healoere weakjen – yn 'de frisheid fan limoenen’ – dat fleuchje boer der noch altyd troch hinne. Ik wit noch goed dat er ús ophelje soe fan it kamp. Wy wiene tsien of alve jier âld. Us heit en mem wiene nei Italië west mei in bus fol mei oare agraryske Friezen en wy wiene op kamp yn Appelskea. Dat byld fan heit doe 't er dy auto útstapte sil ik noait ferjitte; yn syn nij krêmwyt pak, de sinnebril op syn ynbrûne holle en it boesgroen oan it boarsthier ta iepen rûn er der by as wie er  – mem har favoryt – senor Julio Iglesias him sels. 

Mar it moaiste foarbyld fan syn stalferwikseling fyn ik noch it ferhaal oer it boereprotest. Wêr en wannear't dat wie wit ik net krekt, allinnich dat it protest yn de foarige iuw earne yn in stadion plakfûn. It ferhaal gie dat heit mei in oare groep boeren nei it stadion ta ôfreizge wie om te protestearjen. Heit kennende sil er syn kreaze pak oandien hawwe, en omdat it reinich wie droech er dêr nei alle gedachten de lange bêzje reinjas oerhinne, miskien hie er sels syn gleufhoed op. 

By it stadion oankommen, mochten de oare boeren ien foar ien trochrinne, mar heit waard by de yngong keard. ‘ Pers?' fregen se, heit antwurde net, mar knikte allinne. Dêrnei waard er troch de sydyngong nei de skybox loadst dêr 't er yn it bywêzen fan allerhanne pommeranten, ûnder it genot fan in buorrel en in smokerijtsje it protest útsitten hat. Faaks wie dat heit syn protest tsjin de stereotypering en pleite hy dêr yn stilte foar mear wardearring foar de agrariër, timmerman, soarchmeiwurkers, techneuten en al dy oare minsken dy’t mei de hannen wurkje.

Geen opmerkingen: