dinsdag 16 augustus 2016

Grutte Klier!

Grutte klier!
Blykber bleau je as je ien kear pleage binne tige fetber.
De earste kear dat it my oerkaam wie al wer mear as acht jier lyn. It ferriederlike wy doe, dat ik  yn it begjin sels net iens yn e gaten hie dat ik pleage  wurde.
Earst liet ik alles mar wat oer my hinne komme, ach,  it falt ek wol wat mei, tocht ik, gewoan net op reageren, dan giet it fansels wer oer. Yn pleats fan dat it oergie waar it geklier stadich oan slimmer,  tot it punt berikt wie dat dy klier my hielendal yn e macht hie. Om neat krige er my op e kast, ien ferkeard wurd en myn eachen puollen sawat út hun kassen wei,  ik waar der agressief fan, myn hert bonkte yn ‘e kiel en ik trille der oer.  Heale nachten lei ik wekker om ien kear yn sliep, baaiend yn ‘t swit wer wekker te wurden.
Ek myn lichem reagearde derop, ik waar duzelich, kriig hertkloppingen en wy samar wurrig. ‘T leafst skuorde ik de tekkens fier oer myn holle en kaam ik myn bêd net mear út. It duorre toch nog in hiel skoft foar’t ik oan mysels tajaan woe dat ik der sûnder help net mear útkaam. Nog in oerbliuwsel  fan myn opfieding, ‘net griene mar trochgean.’ Gelokkich kriich ik spesjalisearre help en hat dokter my mei help fan pillen der wer boppe-op holpen. It sykjen nei de júste  balâns  foel net ta der gong in protte tyd oer hinne foardat  ikalles wer yn it gareel hie, mar nei in jier koe ik sizze,  ik bin der wer!  Doe’t ik myn balâns wer fûn hie, koe ik de pillen wer ôfbouwe. 
Ik hie it  hiele barren al wer fan my ôfsetten en wie it  suver al wer fergetten ,  mar no is dyselde klier wer dwaande myn selsfertrouwen ûnderút te heljen en  wer ha ik it earst net  yn e gaten. It begjint subtiel, bytsje by  bytsje  prebearred er my ûnderút te krijen, stiekem sûnder dat ik earst yn e gaten ha pleaget er my wer. Ik wurd der sagerijnig fan en kin net folle mear ha. By it earste de bêste suchtsje wyn waaie de triennen my letterlik en figuerlike al út de eachen en fan in lullige opmerking reitsje ik al hielendal fan ‘leg. Opmerkings dy’t ik oars sûnder muoite fuortwieuwde, kin ik no net fan my ôfsette, se bliuwe hingjen en ik pankoekje  der hiele dagen mei om. No bin ik gjin Doutsen Kroes en al hielendal net as ik krekt fan bêd ôf kom, mar doe’t ik fannemoarn yn e spegel seach, skrok ik fan mysels. In pear eagen mei donkere kringen en lidden dy’t healweis hingje en staarden my oan. En ynienen falt alles op syn plak! Drekt mar efkes nei us húsdokter om bloed te prikken. Nei twa dagen krij ik de útslach, it is wer safier myn skildklier pleaget my wer!

2 opmerkingen:

Ypieblogt zei
Deze reactie is verwijderd door de auteur.
Ypieblogt zei

Reacties