dinsdag 25 juli 2017

Man lit pimel sjen.

Man lit pimel sjen.

Ik doar te wedzjen dat dit dyn nijsgjirrigens wekt, by my hat it yn els gefal wol dat effekt.

As B.N.M-er folgje ik it nijs net alle dagen, mar ik waard attindearre op it folgjende berjocht mei de fraach, is dit geef-Frysk? Moandei 24 july stie dizze kop op teletekst fan Omrop Fryslân: Man lit pimel sjen. Myn hert makke gewoan in spronkje, hjir hâld ik sa fan! Ja, begryp my net ferkeard, net fan dy man dy’t syn pimel sjen liet, mar fan dy kop boppe dy tekst! Gjin moaipraterij, gjin wurden mije, net subtyl omskreaun, mar bats boem, rjocht foar de raap, it bist by de namme nimme: Man lit pimel sjen! Sa,n kop stekt daliks boppe alles út (letterlik en figuerlik 😉) it falt op en makket nijsgjirrich, it nûget sels de slimste B.N.M-er út om fieder te lêzen.

Op de teletekst fan de NOS lies ik it folgjende: Man opgepakt na het plegen van zedenschennis. Hiel kreas omskreaun dêr net fan, mar je haw werklik gjin idee wer’t it om giet. Hat ien syn spultsje sjen litten, miskien in taast ûnder in rokje dien of foto’s makke yn iepenbiere húskes? Gjin idee! Wat dat oanbelanget soe de NOS  in foarbyld nimme  kinne oan Omrop Fryslan. ‘Man toont piemel,’ wit je ynelsgefal daliks wer’t it oer giet en hoech je earst net it hiele ferhaal te lêzen om dêrnei te konkludearjen dat je noch fan neat witte!

Rjocht foar de raap wêze kin útnûgje om fierder te lêzen, mar ek it fuort litten fan ynformaasje kin prikelje om fierder te lêzen. Hast dy de hiele tiid fansels al ôffrege wat de ôfkoarting B.N.M- er betsjut. Miskien hast it sels al googled of sa. No op google silst it net fine, it is nammentlik in ôfkoarting dy’t ik sels betocht haw. In ôfkoarting dy’t ik mei opsetsin net ferklearre haw om dy te ferlieden it hiele ferhaaltsje út te lêzen! Ik nim mysels in B.N.M-er in Bewuste Nijs Mijer. Ik mij bewust it nijs.
Ik haw oan mysels murken dat ik inerlik folle rêstiger bin as ik net alle ellinde fan ‘e wrâld  yn my opnim.

No binne der alten minsken dy dêr nochal kritysk op reagearje, dy’t fine dat je dermei de eagen slute foar alles wat der oan ‘e hân (mis) is yn ‘e wrâld. Ik gean dêr fierder net oer yn diskusje, mar jou plan-út ta, ja dat is sa. Ik stek bewust de kop yn it sân om sa positiver yn it libben te stean! It is net sa dat ik hielendal gjin nijs mear folgje mar ik lês bewuster. Ik filterje, lês allinne dat wat ik wichtich of ynteressant fyn, mar wês earlik sa’n kop: Man lit pimel sjen. Dêr is dochs els nijsgjirrich nei!

Geen opmerkingen: