maandag 7 augustus 2017

Altyd foar de wyn

Altyd foar de wyn!

Minsken op in e-bike fynt se mar suertsjes, fral malju op sa’n ding dêr knapt se sa op ôf!
Dy wurden lies ik in skofke lyn yn in kollum fan in bekende Fries. No bin ik gjin man, mar ik fielde my wol in bytsje yn ‘e sek rekke. Ik bin nammentlik sa’n ‘suertsje’ op in e-bike, mar earlik sein werken my hielendal net yn dat profyl. Ik fyn mysels best stoer en skamje my net foar myn elektryske foarkar!

Waarmte, kjeld, hurde wyn of in snitterke rein, ik maal der net mear om! Ik flean de wrâld út en ik haw alten foar de wyn.
Underweis sjoch ik fan alles, fûgels dy’t sweve op ‘e termyk, moaie wolkeloften, bermen fol mei wylde blommen of in mûske dat de dyk oerstekt, dat binne fan dy dingen der kin ik fan genietsje. As automobylist gean je der oan foarby.

Ik fyn it hearlik sa lekker yn de frisse bûtenlucht te wêzen en de wyn troch it hier te fielen.
Meditaasjeskursussen, yoga of mindfullnes, ik haw der gjin ferlet fan. Lit my mar lekker traapje. Ik fyts myn kop leech.
Boppedat, alles wat ik fytsende dwaan kin, dêr lit ik tsjintwurdich de auto foar stean en dat is no wer hartsikke goed foar it miljeu.

Ik fyn dan ek dat ik hiel goed bezich bin! Al fytsende ferbrûk ik gjin fossile brânstof en stjit dus ek gjin skealike gassen út.
Yn pleats fan my in suertsje te neamen fyn ik dat ik eins wol in skouderklopke fertsjinne haw.
Minsken dy’t foar else hoannestap de auto pakke dat binne pas suertsjes!

2 opmerkingen:

Unknown zei

Hallo Ypie.

Ik kaam op jo blogpost troch it eksamen Frysk fan ferline jier.
Jo skriuwe oer it moaie fan fytse, traapje, it útsjoch en de bûtenlucht. Jo lizze dêrby net út wêrom't dêrfoar net in gewoane fyts brûkt wurde kin.
Dêrby skeppe jo op hoe't jo gjin fosile brânstof ferbrûke by it e-fytsen. Mei ik jo freegje hoe't jo tinke dat de elektrisiteit opwekt wurdt, dêr't jo fyts nachts mei opladen wurde moat?

Ypieblogt zei

Ik, sjoch no pas jo reaksje. As der anonym reageare wurdt ist wat dreech om dêr op te antwurdzjen. Jo nimme it opskeppen, mar myn ferhaal is puer in ûntkrêftsjeen fan it feit dat minsken op in e-bike suertsjes neamt wurde yn in eardere kollum. Ik fyn it better foar it miljeu dat net alle hoarnestappen yn auto dien wurde. En ja op in gewoane fyts soe fansels noch folle better wêze dêr ha jo gelyk yn! Jo witte yndie net hoe't myn akku opladen wurdt, miskyn wol troch griene stroom.