woensdag 16 augustus 2017

Ferbrutsen belofte

Ferbrutsen belofte,

Se hiene elkoar tasein
dat neat oars as de dea
harren skiede soe.
Troch in bytsje te nimmen
en in soad te jaan,
hold dy belofte al jierren stân.
In blieding yn 'e holle
en har doarmjende geast
makken spitigernoch
oan dy tasizzing in ein.
Soarch-ynstânsjes sutelen
mei har hinne en wer
op 't eindsje beslút
waarden se hurdhertich
útelkoar lutsen
nei 65 jier it kostber verbûn
rau verbrutsen..
No sit sy hjir en hy dêr.

4 opmerkingen:

Rommert Tjeerdsma zei

Hast dizze trageedzje moai ferwurde Iepie. Allinnich 'beloofd' is gjin Frysk.
Dan soe it 'tasein'wurde moatte, mar dat past dan wer net sa goed yn it ritme.

Ypieblogt zei

Ik haw it opsocht, mar neffens mei kin it wol, mar hast wol gelyk tasein is moaier Frysk, miskien meitsje ik der noch tasein fan, mar ik wit net oft it wol sa moai yn 't ritme passet.

belove tiidwurd, [bəlo:və] beloofde , beloofd, [bəlo:vjə] belove , belove
Wurdboek: Frysk Hânwurdboek Oersettingen(nl): beloven Taaleigen: immen gouden bergen belove immen in hiel soad tasizze
betterskip belove tasizze dat men jin better hâlde en drage sil
as't it net dochst, sil ik dy reitsje, dat beloof ik dy! dêr kinst wis fan wêze!
it belooft in moaie dei te wurden der kin in moaie dei ferwachte wurde
immen kij mei gouden(e) hoarnen belove immen in hiel soad tasizze
dat belooft wat te wurden dat sil net folle goeds opleverje

Rommert Tjeerdsma zei

It docht dus bliken dat 'beloofd wol kin. Mar sa as seist: 'tasein' is moaier Frysk. Ik tink dat it om it ritme wol kin. Mar bist sels baas fansels. Skriuwst faak gedichten Iepie?

Rommert Tjeerdsma zei

Belofte, neffens my neat mis mei. Ik bin jierren ferlyn ek wat mei gedichten begûn.No skriuw ik al hiel lang allinnich proaza. Myn achste roman komt it oare jier út en ik wurkje no oan de (hoopje ik) njoggende.
www.rommerttjeerdsma.nl