zondag 14 juli 2019

Foar alles is in oere, foar alles is in tiid (Gerrit Breteler)

'Rûksto dat ek?' freegje ik oan sus.
'Nee, wat dan?'
'No dy sigarettereak.'
Se snúft djip, mar rûkt neat. 'Ik ha trouwens wol krekt tjin mem sein: Gean mar nei heit.'
'No, dan stiet er har al op te wachtsjen,' is myn reaksje (heit wie in ferstokt smoker).

Ik sjoch ek noch even by mem, se is de hiele dei al net mear by kennis.
'Lit it mar los, wy binne by mem hear,' flústerje ik har yn 't ear en lis myn wang tjin harres.
Wy jouwe ús del op it matras op 'e flier en falle yn sliep. Om twa oere komt de thússoarch foar in nij shot morfine.
Ik gean har foar en sjoch fuortendaliks; it is net mear nedich. Se is, sa't dat sa by har passet, stiltsjes by ús weiglide.

Op de foto oan 'e muorre glimket heit.

zaterdag 29 juni 2019

Yn memoriam


Oantinkens sa as ik se yn tsjerke foarlêzen ha:

We ha as bruorren en sussen allegearre ús eigen eigen unike oantinkens oan mem. Troch ferskil yn  leaftyd, karakter en it plak yn it gesin wurde dy troch elk fan ús wer oars ynkleure.
Dit binne myn oantinkens oan mem:

Ik tink trouwens net dat ik dit ferhaal fertelle kin sûnder in trien of in snik yn myn stim. Dat mankelike ha ik fan mem. Froeger ergere ik my dêr wolris oan, dan tocht ik by mysels, kin der dan noait wat  bepraat wurde sûnder dy triennen. Ik wist doe noch net dat ik sels ek mei dat gen behept bin. Mem fertelde my dat har heit, ús pake Klaas, dêr ek sa’n lêst fan hie. Oft er in Bibeltekst oplies of in ferske hearde dat him rekke dan koe it samar sa wêze dat de triennen him by de wangen del rôlen.

Mem en ik, wy botsten yn it ferline wolris. Dat kaam troch in kommunikaasjeferskil. Mem har manier fan reagearjen wie faak wat omslachtich. Har útspraak: ‘Ik hie sa graach ris wollen dat …’  is dêr sa’n typysk foarbyld  fan.  'Oft mem wat wol dan kin mem dat gewoan freegje, 'dat wie myn manier. Myn Tomtom stie om it sa mar te sizzen ôfstelt op de snelste route. Mem harres op: vermijd snelwegen.

Letter doe’t mem troch âldens hieltyd mear fan har ûnôfhinklikheid ynleverje moast, earst de auto fuort en nei fallen doarst se ek net mear te fytsen, doe feroare dat. By it regeljen fan har administraasje, oanfreegjen fan taksy, thússoarch ensafuorthinne, doe begûn se dy snelste route fan my te wurdearjen. Ik op myn beurt learde  dat je troch it mijen fan snelwegen úteinlik ek wol op itselde plak útkomme, allinnich de reis dêr nei ta is wat oars.

Mem siet fol ferhalen oer har jeugd en oer de oarloch. Fral de lêste pear jier begûnen dy ferhalen mear en mear te libjen by har. Doe’t se my frege om it ien en oar foar har op papier te setten, doe ha ik mem op in hiel oare manier kennen leard.

Mem fertelde, en ik seach de bylden foar my fan it lytse rûpske famke dat mem wie. Earms as lusjefersprikjes. In spjochtich famke dat tegearre mei sus Ybeltje, op klompen de dyk oer kleppere. In healoere rinnen wie it fan de pleats yn de Makkumermar nei de legere skoalle yn Eksmoarre. Ik seach in famke dat, hymjend en piipjend fan de astma yn in hoekje fan it skoalplein taseach, hoe’t de oare bern oan it boartsjen wiene, sy moast earst bekomme fan de reis. In famke, dat yninoar kromp ûnder de delbûgende wurden fan master Mink, oft se in ierdrykskundefraach fout beäntwurde: ‘Wieb kan alleen de âld Mar maar vinden.’

Tagelyk seach ik ek dy hiel oare kant fan mem, de libbendige, fleurige, somtiden sels doldryste kant. Ik seach de  jongfaam dy’t se wie, dy’t  sa genoat fan wylde blommen, de geur fan it meande gers, en it farske strie dat winters yn it bûthús ûnder de kij struit waard. Ik seach de hokkeling dy’t se wie, dy’t tegearre mei sus Ybeltsje streken úthelle en mei freondinnen de sloppe  laits hie, sa bot dat se sawat yn ‘e broek pisse fan ‘t gnizen.

Heit Klaas, mem Houk, sussen Ybeltje, Wiebrich, Jeltsje en broer Sytze, it wie in hechte húshâlding, in kleinhuis-op-de-prairy húshâlding, dy’t sneintejûns om it oargel ferskes fan Johannes de hear songen. Mem fielde har dêr thús op pleats yn 'e Mar. Ek mei de famylje, de omkes, tantes, neven en nichten fan de Feenstra- en Reitsmakant wie dêr dy hechte bân, in bân dy’t mem ta it lêst ta as hiel waarm ervaren hat.

Sa spjochtich oft mem wie as lyts famke, sa foarlik wie se as jongfaam. Se liek âlder dan’t se wie en oan oandacht fan de jongemannen ûntbruts it har net. Sa fertelde se my fan it feintsje dat se stikem troch raam nei bûten ta wurke, dy kear dat heit Klaas en mem Houk earder thús kamen fan in besite en fan dy kear dat feint Jaring opmurk: ‘Jo hiene de feearts ek mar betiid fan 'e moarn net Feenstra,’ dy feearts wie de skarrel fan mem dy’t stikem in nachtje op solder sliept hie: ‘Ja net  byelkoar hear, och heden nee.’ De wurden fan heit Klaas: ‘Jimme moat my de kroan net fan de holle stjitte,’ dy hongen har as it swurd fan Damocles boppe de holle.

Mem wie tsien doe’t de oarloch begûn, fyftjin doe’t Eksmoarre befrijt waard. In spannende tiid dy’t syn wjerslach hie op it gesin en op de sûnens fan heit Klaas. Nei de oarloch utere him dat by him yn hertklachten. Heit Klaas koe it swiere wurk net mear oan. Mem, Ybeltsje, Jel en Sijtze moasten him in soad wurk út hannen nimme. Lokkich bleau dêr ek noch tiid oer foar fertier. Utfanhúzje by famylje en mei freondinnen nei de útfiering fan in muzykkonkoers.

It wie op in pinkstermoandei yn Boalsert by sa’n muzykkonkoers dat mem Sjoerd (ús heit) tjin’t liif rûn. Hy wie dêr mei in ploech maten út Lollum. Heit hie yn earste ynstânsje syn each falle litten op Lysbeth, mem har freondinne. Hy bea oan om Lysbeth en mem nei hûs ta te bringen. Heit en Lysbeth fytsten foarop en mem as tredde tsjil dêr achteroan. Mem fertelde my, dat se foel op heit syn aardige manier fan praten, mar ja Lysbeth hie ‘m it earst.

Yn Eksmoarre oankommen stie sus Koba, Lysbeth op te wachtsjen. Lysbeth moast daliks yn 'e hûs komme. Mem en heit bliuwden doe tegearre oer. Underweis nei de Mar rekken se oan ’e praat, der begûn wat te kribeljen by beide, by de hikke foar it âlderlike hûs krige mem har earste tút fan heit. Sa begûn har fiifjierlange ferkearingstiid.

Yn de maitiid fan 56, trouden se. In sobere trouwerij omdat heit Klaas yn de winter dêrfoar ûnferwacht hastich ferstoarn wie. De pleats oan de Baijemerreed twa te Lollum waard fan doe ôf mem har nije adres. Yn goed njoggen jier krigen se seis bern. Houk, Durk, Klaas, Jitske, Lysbeth en ik. Seis bern, it boerebedriuw, heit dy’t oerspand rekke, it sille tropejierren west ha foar har, en al dy jierren bleau de Mar en omkriten oan mem lûken.

Doe’t nei tritich jier buorkjen oan ‘e Lollumerfeat it wenhûs oan de Touweleane yn Makkum te keap kaam, twivele heit, mar mem hoegde der net lang oer nei te tinken. Se hakken de knoop troch. Werom yn har fertroude omjouwing  genoat mem fan in nije libbensfaze. Mei Tante Jel en omke Wieger makken heit en mem reizen mei caravan. In sek beste borgers achteryn, want dy jierappels yn it bûtenlân ... Yn 1992 ferstoar ús heit nei in siikbêd fan fjouwer moanne.

Goed 27 jier hat mem allinnich oan de Touwenleane wenne. Se sloech har dêr dapper trochhinne. Mei har freondinne Lysbeth en Martha makke se fytstochten, en alle jierren socht se mei freondinne Martha in busfakânsje út. Mei tante Jel belle se alle dagen. Dat wie al sa doe’t wy noch yn 'e hûs wennen, ik sil dat byld noait ferjitte, hoe’t mem yn ‘e gong oan dy swarte bakeliten tillefoan hong. Soms skode se der in stoel by en siet se dêr wol mear as in oere.

Mem wie tige kreatyf. Sawat alles die se sels. Fervje, behangje, naaie, in bank beklaaie, se draaide har hân der net foar om, ek al hie se it noch noait dien se begûn gewoan en seach wol wêr’t se útkaam, meastentiids slagge it ek. Da’t kreative gen dat hat se ek oan ús trochjûn, hiel bysûnder omdat ek wer yn ‘e beppesizzers werom te sjen.

Mem har grutte hobby en trots wie de tún. Earst by de pleats oan de Bayumerreed letter oan de Touweleane yn Makkum. Alle jierren yn ‘e maityd wie it wer in feest foar har om nei it túnsintrum yn Wytmarsum te gean. Dêr lade de se kofferbak fol mei begonia’s, fioelen en oare perkplanten om har buksusperkjes en blompotten op te follen.

Ta har spyt moast se  it ûnderhâld de lêste pear jier út hannen jaan, mar oft it ek mar even koe, dan stifele se mei de rollator ôf de trijepoat de tún yn, de snoeiskjirre yn ‘e oanslach en in plestikpude foar de útbloeide blommen.
Op myn fraach: Docht mem wol wat foarsichtich oan, sa te knoffeljen yn e tún, antwurde se: ‘Ik soe it net slim fine as ik hjir dea del fal tusken de blommen, dan ha ik in moaie dea. Mem wie net bang foar de dea en prate der hiel iepen oer.

Mem wie in trochsetter, sa sakke se sân kear foar har rydbewiis, mar se joech net op en slagge mei de achtste kear. Yn har dafke ried se de wrâld út, sels doe’t se oer de kop yn ‘e feart flein wie, stapte se toch wer yn. Har driuw om troch te setten wie no ienkear grutter as har eangst.

Mem har geast wie ta it lêst hiel helder en skerp, mar it liif wie op, toch sette se troch en besocht der der it bêste fan te meitsjen. Sa lang at se koe siet se noch mei kaarten te nifeljen.  Dy prachtige kaarten dy’t se nei withoefolle minsken tastjoerd hat. De lêste kaart is goed fjirtjin dagen lyn noch ferstjoerd, in dei letter koe se it bêd net mear útkomme.

Ik bin bliid dat wy de lêste jierren sa neier ta mekoar kommen binne, en dat we noch sa’n soad foar mem dwaan kinnen ha. Se wie ús der ek altyd hiel tankber foar en dat liet se ek blike : ‘Och leave berntsjes wat dogge jimme toch in soad foar my, leaf, leaf, leaf, bedankt, bedankt, bedankt.’

Ik bin der ek tankber foar dat wy as bern allegear de kâns krigen ha om op ús eigen manier ôfskied te nimmen fan mem. Dat we mem ta it lêst ta fersoargje mochten en dat we dermei har lêste winsk, stjêre yn har eigen hûs, realisearje kinnen ha.
Ik sil mem misse, mar foar har bin ik bliid dat har no fierder lijen besparre bliuwt en dat se yn frede hinnegien is.
Daach, leaf memke, bedankt, bedankt, bedankt!

zondag 16 juni 2019

Drok, drok, drok!


Dit stikje ha ik trije jier lyn skreaun. Facebook sloech my dêr mei om 'e earen. Mem is der ûndertusken net mear, de ljepkarriêre fan dochter troch blessures doetiid, mar foar de rest, is alles itselde bleaun. Drok, drok, drok, it heart sa lekker belangryk en djoer, mar neffens my is it pure earmoede!

Drok, drok, drok.

It efterelkoarplakken fan twa of mear deselde wurden om je sels flotter foar te dwaan of om sa fral mar de klam te lizzen op de drokte en snelheid  fan het deistich bestean, ik koarje der fan. Het slimste is noch dat ik mysels der sa no en dan ek op betraapje,  by it fuortgean kin ik in hoi, hoi, net mear ûnderdrukke. Sels ús mem is der mei besmet, tsjintwurdich wurdt elk tillefoantsje ôfsluten mei in hoi, hoi fan har kant. As je it skynber mar faak genôch heare dan gean je soks fansels neidwaan.
  
Op myn fraach:'Hoe is' t?' as ik in âlde bekende tsjin it liif rin, krij ik as antwurd:,’ Ja drok, drok, drok hin.’  Gjin, ik fiel my goed ôf, nee it giet net sa best, dat docht der net ta. Drok, drok, drok is de mjitstêf foar it al of net lokkich wêzen. Efkes gesellich prate mei in kopke kofje is der net mear by, ommers drok, drok, drok no!
‘No ik moat no echt nei hûs ta want ús dochter wachtet. Och, jong dat is sa 'n skat, in echt famke famke, en dan gau oan ‘e gong mei it iten, want manleaf, in echt minske-mins, dy hat it ek sa drok, no leuk die sjoen te hawwen, we kontakte, hoi hoi.'

Drok, drok, drok soe dat no noch drokker wêze as gewoan drok, bin je dan in hiel wichtich persoan of bin je  sawat oerspânnen of ôfbrând? Soe se help ynskeakelje moatte foar har man en bern. In minske mins, in famke famke, bestean man en bern út meardere persoanen? 

Dag drokke gewichtige frou, mei dyn o, sa drokke baan, ik bin jaloersk op dyn gewichtige en o sa drokke baan, dyn perfekte bern en übersosjale man, dy sil fansels ek wol noat wite sportsokken drage of op crocks of klompen omrinne, ik tink trouwens net dat we kontakte! Ik gean nei hûs, nei myn man op crocks yn syn smoarge wurkklean en nei ús famke, dy't op ljeppen sit, as in polderjonge yn 'e  tsienmeter pols klimt. Nei It jûnsiten jou ik my lekker del op 'e bank mei myn tablet, efkes in stikje skriuwe yn myn digitale deiboek,  hearlik alle tiid!

woensdag 20 maart 2019

It midden

Der dangelen fjouwer lytse bern op strjitte om, hân yn hân. Bytsje triuwe, oan elkoar lûke en wrotte. 'Ik wil in het midden,' tsjantere it lytste famke oan 'e bûtekant. 'Er is helemaal geen midden,' antwurde it goocheme jonkje dat njonken har rûn.
Nuver, mar dy sin, 'er is helemaal geen midden, 'bliuwt no de hiele tiid yn myn holle omhingjen.
Waar denk je aan, frege Facebook, no hjir dus oan: 'Er is helemaal geen midden.'

donderdag 17 januari 2019

Anker en Anker

Anker en Anker

Yn it televyzjeynterview fan Hans en Wim Anker, ferwurdet Wim (of is it no Hans?) it sa: ’Het is een zegen dat broeder en ik uit één ei zijn gekropen. ’In sêgen, ik fiel dat krekt sa. Ik kin mei al myn bruorren en sussen goed, mar mei myn twalingsus ha ik wat bysûnders, dat is net út te lizzen dat is in werkennen op sielsnivo. Dat wy sa’n sterke bân ha is prachtich, mar tagelyk makket it ek hiel kwetsber.  

‘Wat nu, als de een eerder gaat dan de ander?’ ik sit op it puntsje fan myn stoel by dy fraach, it gefoel fan tsien jier lyn komt wer efkes nei boppen. Siik fan eangst wie ik, om myn twalingsiel te ferliezen oan dy rotsykte.
‘Dan is het leven een stuk minder leuk, dan is glans er wel af.’  It is in understatement, mar de fochtige glâns yn twa pear eagen, sizze mear as wurden.

Lokkich binne myn gedachten net alten sa swier en oerhearsket foaral it optimisme. Lykas de gebroeders Anker fersterkje wy elkoar dêryn hiel bot. Foar in oar kin dat wolris sa oanfiele as ien front, wy fersus de rest. Us humor is foar in oar ek net alten te folgjen, it is betiden krekt koadetaal. Wy begripe elkoar sûnder wurden, in blik ôf in gebaar is genôch om yn laitsjen út te barsten, echte twalinghumor tink ik. Soene Wim en Hans dat ek ha?

Se sit ek foar it ynterview en apt my fia messenger, ‘Wa fan de twa bisto?’
‘Ik tink Wim de emo, ’ app ik werom.
‘Oké, it tocht oarsom ...? no ik sil op bêd. Welterusten Wim!’😉
‘Lekker sliepe Hans.’😁

zondag 13 januari 2019

Poetryfesitval

Harstikke aardige  poëzijmasterclass hân fan Arjan Hut yn de Harmonie en dêrnei it fers dat we dêr makke ha fan wurden dy't we oan elkoar puzele ha, foardroegen op it Poëtryfestival. It wie de earste kear foar my dat ik in fers foardroegen ha foar publyk. De wurden oersetten yn it Frysk. Ynspirearre op de little pony's dy't oanspielt binne op de Wadden.

Alles draait

As myn eagen iepen gean
Fersegelje ik de lippen
Sa bin ik

Alles draait

Under it meunster fan De Wadden
Sitte mearkes ferskûle
Swimpardysnostalgika
Nimmen is hjoed yn e stêd
As't wat leare wolst meitsje in fout
Myn risping is binnen

zaterdag 5 januari 2019

Koarts

Koarts

Ungeduerich stean ik, bepakt mei plunjesek en rolkoffer, yn ‘e rige om in dei-retoerke tsjin redusearre taryf te skoaren. Underweis speur ik mei oandacht de weagen ôf. De fearboat koerst rakelings lâns de withoefolle lytse, glinsterige bergen. Ik stean op it dek mei de earmen wiidút lykas Kate Winslet en waan my op de Titanic.

Ik fiel in skok en skrik op, de motor is útfallen. Och hearkens ha we wat rekke? Om my hinne brekt panyk út, passazjiers dringe hastich nei de útgong. Ut de speakers klinkt it kreakerige ‘Haven Terschelling’. ‘Opsjitte, oan’e kant, ik moat der lâns!’ Ek by my slacht no de jutterskoarts ta

vrijdag 23 november 2018

Denk niet zwart, denk niet wit, denk niet zwartwit, meng de kleur fan je hart.

Denk niet zwart, denk niet wit, denk niet zwartwit, meng de kleur fan je hart.
                                                                                                                   Frank Boeijen

Swart fersus wyt, ik koe my net foarstelle dat dat hjir spile. Yn 'e Rânestêd miskien, mar toch net yn ús Fryslân. Demonstrearje tsjin swarte Pyt, it moast net mâler wurde. De A7 blokkearring fûn ik in stunt. Sa, dêr binne we fan ferlost. Dat tocht ik doe noch, mar och heden nee, de saak krige in sturtsje, 34 man sterk waarden foar de rjochter dage. Ik wie lilk oer de útspraak, wurkstraf en selstraf ûnder betingst, dat wie dochs net yn ferhâlding mei oare fergripen lykas dy Poalske man, dy’t dronken in hiele húshâlding fuortfage. 

Sneon seach ik bylden fan de demonstraasje fan foar en tsjinstanners fan swarte Pyt op it Saailân yn Ljouwert. In bern stie der gûlend nei te sjen. Oer en wer waard raasd. Bananen en rotte aaien fleagen troch de loft. De haat dy’t spruts út guon ferwinskingen, ‘rot toch op útkearinglûkers, rot op nei dyn eigen lân!’ Ik skrok derfan. Dit gong net mear oer de kleur fan Pyt, dit wie inkeld en allinnich noch mar, swart fersus wyt, en ik skamme my djip!

dinsdag 30 oktober 2018

Ik kom út Fryslân en dêr bin ik grutsk op.

Meartaligens.

Op school werd er door meester uitsluitend Nederlands gesproken, en der waard fan ús ferwachte, dat wij in het Nederlands terugspraken. Frysk, dêr seagen se it belang net sa fan yn op 'e legere skoalle yn Lollum, en dat wylst Lollum sa’n yn en yn Frysk doarp wie.

Om’t it Frysk my no ienkear foar yn ’e mûle lei en de tonge wolris wat rapper wie as it brein, verbrak ik mij bijtijden dan ook nuiver. It skriuwen yn ’t Hollânsk gong my better ôf, ast skriuwst hast no ienkear mear tiid om nei te tinken.

Op de grutte skoalle krigen we neist it Nederlânsk ek Ingelsk en Dútsk, dat ik kin my aardich rêde yn binnen- bûtenlân, mar dochs, as ik mei immen Frysk prate kin fielt dat folle fertrouder as yn it Nederlânsk, Ingelsk of Dútsk. Se sizze dan ek wolris dat jins memmetaal de taal is dy’t direkt nei it hert giet, ik kin my wol yn fine yn dy útspraak.

Yn it Frysk kin ik my folle better útdrukke dan yn it Nederlânsk. Gelokkich is’t mei it nuvere ferbrekken in stik better wurden, al tink ik dat je, oan de Frisismen dy’t er hieltiten wer ynslûpe en dat sangerige lûd wat in Fries sa eigen is, fan meters ôfstân hearre kin dat ik út Fryslân kom. Dat krij je der net mear út, mar dat fyn ik ek hielendal net slim. It Frysk is in ûnderdiel fan myn identiteit en dêr bin ik grutsk op.



zondag 7 oktober 2018

De Tynge

Yn it literêr tydskrift fers2.eu is myn gedicht pleatst: de Tynge. 

DE TYNGE

Dêr’t ea it wetter, ferneamd om blei en iel
it lân begrinzge en ûnwaarsfûgels
kriezjend sweefden op termyk, bewâlden
roeken it leech dongsuchtich greidelân.

Wylst eastewyn it folk opswypke en
in blikken stim ferslach die fan beferzen lidden
op izeren skonken, kraste de tynge, gnjirdzjend
as in flime oer moarmeren glês.

Doe’t de âldroeken yn pronkjend swart
de fearren poetsten, befrearen triennen
by de gimmelearden kachel
yn ’e Mar, efter de polderdyk.

Dagen lingen en dêr’t mannich boer
nei d’ ûngetiid de greiden donge
stuiten hja by it dollen yn ’e skerne,
noch op grouwe bonken iis.

It gedicht is basearre op in fragmint út it libben fan pake en beppe út de Mar (Makkumermarpolder) hjirûnder beskreaun.

Makkumermar, Februaris 1929, 

De Tynge

In Sybearisyk kjeldfront, mei temperaturen fan 16 oant 20 graden ûnder nul, hold it lân wikenlang yn syn greep. De Sudersee en de Waadsee wiene beferzen en waarden fan alle kanten trochkrúst, earst noch hoeden, op redens en rinnende, letter aventoeren se de oerstek mei hynder en wein en autobussen. De fjirde Alvestêdetocht ferrûn dat jier ûnder barre omstannichheden, fan de goed 300  dielnimmers berikte minder as de helte de einstreek, mei beferzen earen, eagen en teannen. By Klaas en Houk (ús Pake en beppe yn ‘e Makkumermar) wie yn januaris dochter Ybeltsje berne (de tante dêr’t ik nei ferneamd bin). Earstberne  bern, soan Sijtze, fan goed 1 jier wie útfanhûs by Pake Sijtze en beppe Wiebrig op ‘e Eksmoarstersyl. Op 16 februaris barde it slimste wat ik my as mem betinke kin. Wyls’t it frear dat it kreake, stiigde by lytse Sijtze de temperatuer oant boppe de fjirtich graden. It jonkje stride om syn libben. Dokter stelde fêst dat it om diftery gong, mar koe neat mear foar him dwaan. De earste pake- en beppesizzer fan Sijtze en Wiebrich, stoar har ûnder de hannen wei. De tynge (doodstijding) moast dy jûns oerbrocht wurde nei Klaas en Houkje yn de Mar. In boadskip dy’t troch de siel snijde.

donderdag 13 september 2018

Tienminutengesprek

Tienminutengesprek.

De swarte rakker liedt my ôf fan it petear. De kroljende sprút groeit út de spûketaast  (moedervlek) boppe it bôchje fan syn boppelippe.
‘Nieuwe lesmethode … reken je rijk … begrijpend lezen … onder het gemiddelde … De nije master eamelt mar raak. Ik freegje my ôf oft er ek in freondinne hat. ’t Sil wol net, sy hie sa’n swarte taaie hier der al lang en breed útlutsen. Miskien falt er wol net op froulju en hat er …

‘Dagtaak niet af - luistert niet, snel afgeleid – korte spanningsboog.’

Och leave santjen, ús mokkeltsje! Myn knibbels klamje stiif ûnder it metalen opbergfek. ‘Sorry, wat sizze jo, in koarte spanningsbôge en har deitaak net ôf? No dêr hat se thús oars gjin lêst fan. Kin it ek wêze dat it wat te drok is yn jo klasse,’ byt ik him ta.
‘Nee, nee, nee dat is het niet,’ antwurdet er. ‘Ze is, ze is zo snel afgeleid, ze ziet soms dingen die anderen niet zien.’

Myn hert krimpt, ik hâld de siken yn. ‘Wat bedoele jo mei: sjocht dingen dy’t der net binne?’
‘Ja hoe zal ik het eens zeggen? Al hangt er maar één heel klein, bruin blaadje aan de boom, niemand ziet het, behalve zij.’

It byld fan ús famke, dat tusken al dy rumoerige bêrn each hat foar de natuer, dy't dat iene brúnkleure  bledsje opmerkt, lit flinters dûnsje yn myn búk. Ik suchtsje hearber en kin de laits dy’t befrijend omheechbuollet mar kwalik ûnderdrukke. ‘Dus as ik it koart gearfetsje is jo konstatearring dat ús dochter hiel opmerksum is? Och hearkens fan wa soe se dat no ha?’

zondag 2 september 2018

Gedicht publisearre op 6 maaie troch fers2.eu


Heit

’k Soe dy lykas Húsman skild’rje wolle
dyn brune tinne hier plúst’rich op ’e holle.
Houtskoalswart, de barsten en de rânen
fan dyn ylterige hannen.

Dyn djippe tearen lykas Woudwijk ien
foar ien houwe, út rûge grize stien.
It boarstbyld mei de ferware holle
soe ’k op in fuotstik sette wolle.

Ik sil it besykje yn in sonnet
mar kin dy net belove dat ik dy nei ’t sin
yn in fers fan fjouwer strofen byldzje kin.

Ik skets en hou, skras en ferset.
’k Kin dy net yn wurden fange. Rûch opskuorre
hingje ’k dy yn ’t húske oan ’e muorre.

YHB
 

vrijdag 20 juli 2018

Suchtsje en stinne, it is betiden in drege befalling

In drege befalling

Suchtsje en stinne, skriuwe is betiden in drege befalling. De iene kear giet it as ’t slydjaget, de oare kear kin ik stinne wat ik wol sûnder resultaat. Soms duorret dy befalling dan te lang en moatte der keunstgrepen oan te pas komme om de boel te befoarderjen. It bern moat er no ienkear út, netwier.

Stinne

De lêste tiid moat ik nochal wat muoite dwaan om der in ferhaaltsje út te parsen. It bliuwt meastentiids by suchtsjen en stinnen. De skriuwmotivaasje is fier te sykjen. Om skriuwlinich te bliuwen besykje ik sa no en dan in koart ferhaaltsje te skriuwen op de side fan Schrijven Magazine: Ultrakorte Verhalen. Yn maksimaal 99 wurden moat der in ferhaal stean mei kop en sturt. Troch de  beheining fan 99 wurden learst om skerper te skriuwen. Dizze wike wie it de ‘Schrijven Magazine UKV-vierdaagse’. De útdaging wie om yn fjouwer dagen, fjouwer koarte ferhalen deis te skriuwen. In hiele put by gebrek oan ynspiraasje. Mei muoite ha ik der fjouwer útstint.
(ukv stiet foar ultrakorte verhaaltjes)

Averjochts

Sykjend nei ultime tips om kreativiteit en skriuwfreugde te befoarderjen, blêdzje ik troch it boek ‘De Blokkade’ fan Renate Dorrestein. Myn skriuwnocht hinget der wat sleau en lusteleas by. Spitigernôch draacht it boek ek gjin konkrete oplossingen oan. Op de Facebookside fan Schrijven Magazine slacht de ‘vierdaagsegekte’ ta. Wyls’t it linkerbrein – ferantwurdlik foar it analytyske, logyske tinkwurk -oeroeren draait, langet de rjochterhelft wanhopich op in kreative plensbui om myn skriuwblokkade fuort te spielen. Links makket daliks de rekkensom. Fjouwer ukv’s in fjouwer dagen, dat binne 16 ferhaaltsjes fan maksimaal 99 wurden, 1584 wurden dus. Rjochts krimpt yninoar fan ’e toarst…

De iene syn dea is de oare syn brea.

Schrijvers schrijven niet over schrijven, lês ik yn in ukv, mar as skriuwers net oer skriuwen skriuwe meie wa dan wol? It boek De Blokkade, skreaun troch in bekende skriuwster mei talint giet oer: it gebrek oan ynspiraasje en ôfkar fan it skriuwen. It probleem koart gearfetten: de ynterne kritikus stiet warskynlik te skerp ôfsteld. Oplossingen omtrint it probleem, wurde troch de skriuwster net konkreet neamd. Het resultaat fan it skreaune is, 183 siden folskreaun oer in skriuwblokkade. Konklúzje: lije oan, en skriuwe oer it skriuwen, kin liede ta boekpublikaasje. Oplosse!

Mei pine en muoite

Wêr’t kreativelingen mei it hert op ’e tonge en blierren op ’e hannen 16 ukv’s op ‘e wrâld sette, pars ik mei muoite myn tredde sielige ukv út. Om’t de ûntsluting op har wachtsje lit, wurdt it bern mei de tange helle. Blau en sleau komt it op ‘e wrâld. Sels nei in ferme tik op ’e billen bliuwt de sa winske refleks út. It komt goed stelle deskundigen gerêst en nei it tatsjinjen fan soerstof komt einlik de ferlossende kreet. Stadichoan kleuret it kâlde blau nei waarm rôs.

Geniet er van meis!

De berte is folbrocht. It grutte genietsjen kin no begjinne, alteast dat is wat elkenien my tawinsket fia Facebook en appkes. Nei in dei donderje ik al fan de rôze wolk. It grutte genietsjen is ien grut lijen. Dei en nacht freget de lytse om fieding en ik krij blierren op de meast gefoelige lichemsdielen. De ‘vierdaagse’ is der neat bij. Ut ‘e liken lêst ik op Facebook de suksesferhalen fan lotgenoaten die ’t sûnder kleanskuorren de finish berikt ha. Ik sjoch net iens ljocht oan it ein fan de tunnel.

woensdag 11 juli 2018

De byb, safolle mear as allinnich boeken

Byb-praat

Hy hellet in blêd út it rek mei tydskriften, parkearret syn tas op de stoel njonken him en stekt syn fuotten langút ûnder de lêstafel.

Sy komt al beljend oanrinnen. ‘Wat, nee, dat mienst net, do soest dochs...!’ Mei in klap set se har cowboysbag op ’e tafel, pakt der in boek út, leit de telefoan der neist en ploft suchtsjend del. 

Der ûntstiet in wûnderlike konversaasje tusken dizze twa minsken, sa te hearren sitte se net hielendal op deselde golflingte, mar dat is no krekt it fermaaklike. Hy begjint it petear:

‘Wat lêze jo?’

‘In oarlochsroman, en jo?’

‘De National Geographic, mar ik lês net, ik sjoch allinnich nei de plaatsjes. Nee, as ik al dy wurden lês krij ik in oerdoasis oan prikkels. Ik moat net tefolle oan ’e holle ha. Minsken prate sa ’n soad. Hieltyd dat werheljen fan wurden, dêr kin ik net oer.’

‘Ik mei oars graach oer werhellingen. Sa’n film as de Titanic bygelyks, dy ha ’k wol fiif kear sjoen. Dêr kin ik gjin genôch fan krije. Op ynternet kin je guon programma’s weromsjen. Dat fyn ik sa handich, regelmjittich sykje ik efkes op útstjoering mist en...’

‘Ik bin mear in natuerminske. Set my midden yn it bosk del en ik reitsje spontaan yn in transcedente steat, ik fiel ik my ien mei de beammen, myn trillingsfrekwinsje is dêr op ôfstimd tink ik. Yn de natuer fiel ik my zen. Witte jo wol dat de hiele wrâld út trillingen bestiet en dat elke enerzjy syn eigen frekwinsje hat.’

‘Trillingsfrekwinsje, dêr sizze jo sawat, it dashboard fan myn auto trillet de lêste tiid sa. Der trillet konstant wat mei, en ik kin der mar net efterkomme wêr’t it weikomt. It is sa ’n ergerlik gelûd, soms jou ik der in huf tsjinoan, is ’t wer even oer, mar …’

‘Mei in klankskaal kinst ek trillingen opwekke, dy fiel je troch je hiele  liif hinne. Se sizze dat je dêr maklik fan yn in meditative mood komme. As je dat alle dagen dogge foardat de sinne opkomt, dan ha je dêr de rest fan de dei profyt fan. Ik tink dat ik sa ’n skaal oanskaf. Boink, boink, boink-mmmm… ’

‘En de buorlju dan, of hawwe jo dy net?’

‘Jawol, ik ha in buorman.’

‘No sil er bliid mei wêze, mei sa’n klankskaal!’

‘Ja, goed idee,  ik jou buorman sa ’n skaal, kin der zen wurde. Dy man sit ek net lekker yn syn fel. Ja dat doch ik ... Hoewol … ?Nee, o, nee, aanst wurd ik hielendal gek fan buorman, sit dy idioat moarns ier en betiid op sa ’n skaal om te bonken. Nee, dat wurdt him net, fierstentefolle prikkels!

Soksoarte petearen, ik hâld derfan, it is ien fan de redenen wêrom't ik sa graach yn de byb kom. De byb, safolle mear as allinnich boeken😁

zaterdag 16 juni 2018

Minderweardichheidskompleks? Fuck it!

It is tradysje om by de iepening fan it nije seizoen fan de skriuwersark in stikje foar te lêzen út eigen wurk en wat te fertellen oer jins ferbliuw yn de ark. No wie de opset dit jier wat oars, der soe gâns mear publyk oanwêzich wêze om’t tagelyk ek de Rink fan der Veldepriis útrikt waard.

Ik fûn it foarútsjoch om as ‘amateur’ tusken al dy Fryske skriuwtalinten myn sechje te dwaan, spannend. Ik fielde my wat ûnwis. Soene se myn ferhaal wol ynteressant genôch fine of healwei ôfheakje? Miskien krige ik wol in black out. Foar de wissichheid skreau ik wurd foar wurd op wat ik sizze woe.

Nijsgjirrich strúnde ik ynternet ôf en googele de namme fan de priiswinner. Wie it tafal dat ik fuortendaliks op de kollum stuite, de Toan fan Willem Schoorstra, mei de ynspirearjende titel: “Fuck it minderweardichheidskompleks!” Krêftige wurden dêr’t ik krekt efkes ferlet fan hie?

De hiele dei bleaun dy wurden by my hingjen. As in mantra werhelle ik: Fuck it minderweardichheidskompleks, fuck it  […]  Sels jûns op bêd spûken se my noch troch de holle. Fuck it minderweardigheidkompleks. Ynienen seach ik it hiel helder. Fuck it minderweardichheidskompleks, it wie de reade tried yn it libbensferhaal fan ús mem.

Mem hie graach mear leare wollen, mar it wie oarloch en der wie krapte. Mear as de legere skoalle, siet der foar har net yn. Se hat har altyd minder field as minsken dy’t wol leard hiene. Opsjen by minsken dy’t wat leard hiene, dat wie fansels ek wol typearjend foar dy tiid. Wat master, dokter of dûmny sei, dat wie sa, dêr gongen je net tsjinyn.

Mem hie de tiid net mei en master wâlde it minderweardichheidsgefoel der noch in kear ekstra yn mei syn útspraak: ‘Ach, jullie daar uit die oude mar,’ mei oare wurden; bern dy’t dêr weikamen wiene minder wurdich.

No sizze se dat guon patroanen fan generaasje op generaasje trochjûn wurde. Soe ik dan ûnbewust wat fan dat minderweardichheidskompleks fan har oernommen ha. Soe it dêr weikomme dat ik my somtiden sa ûnwis fiel oer myn kinnen, mysels sa denigrearjend betitelje as ‘amateur’ en mysels betiden sa lyts fiel tusken minsken dy’t ‘presteard’ ha.

Dan moat ik der dus no foar soargje dat dit patroan trochbrutsen wurdt en dat ik it net (ûnbewust) trochjou oan myn bern. Oe geine, der wurdt myn namme omroppen, ik bin oan bar om myn sechje te dwaan. It hert kloppet my yn ‘e kiel as ik it poadium opstap. Ik helje in pear kear djip azem en rjocht de rêch. Fuck it minderweardichheidkompleks!

donderdag 17 mei 2018

Snoadfoanferslaving

Snoadfoanferslaving
‘Mama, mama-a?’
‘Hmm-mmm ja-a ik kom zo.’

Mamma stiet whats-append foar my te wachtsjen by de kassa. It kassafamke neamt it einbedrach en wachtet op it beteljen, se kriget gjin reaksje. Se wachtet en wachtet, mar mama appt ûnfersteurber troch.

De rij achter ús wurdt langer. Ik begjin my te ergerjen en twivelje, sil ik wol, sil ik net?  ‘Wêr wachtsje we eins op?’ freegje ’k kwasy nonsjalant oan it kassafanke. De felle blik as mama fan har snoadfoan opsjocht docht my besluten om my fierder mar stil te hâlden. Mama skrommet evensagoed net om it whatsapp-berjocht noch even ôf te meitsjen.

By de servicebaalje wer itselde tafriel. Lytse krolkop besiket de oandacht fan mama te lûken troch har oan ‘e  bokse hingjen te gean, mar mama jout gjin azem. Se sjocht oer har dochter hinne wyls’t de tommen obsessyf oer it touchscreen glydzje. De lytse pjut set haar lêste troef in … 

dinsdag 1 mei 2018

Iris brûkt gjin tampon, mar lit alles rinne




Iris brûkt gjin tampon of ferbân oft se ûngesteld is. Se lit de boel gewoan frij rinne, sa wol se  menstruaasje mear sichtber meitsje, seit se. Ien en oar lêsde ik op de side fan Editie NL.
Yn in ynterview sei se: "Ik zie te veel jonge vrouwen die zich verloren voelen in hun lichaam. Terwijl het juist een natuurlijk fenomeen is, menstrueren.”

Freebleeding - ja, dêr skynt sels in offisjele beneaming foar te bestean – is in feministyske beweging dy’t it taboe trochbrekke wol rûn de ûngesteldheid. Guon (feministyske)froulju tille har ûngesteldheid nei in heger nivo en sjogge it as in foarm fan  keunst. Sa posearre Iris neaken – gesicht en fuotten ynsmart mei bloed - foar it tydskrift Elephant Journal.

Ik fyn it earlik sein mar in smoarge griemerij en freegje my ôf wat dizze froulju hjir mei berikke wolle? In taboe trochbrekke? Neffens my net nedich yn Nederlân. Ungesteldheid is in natuerlik proses dêr’t in frou har net foar hoecht te skamjen, safier kin ik noch mei Iris meitinke, mar dêr hâld it dan ek op.

Ik tink net dat dizze ûntwikkeling der oan bydraacht om ûngesteldheid út de taboesfear te krijen, ik tink sels dat dizze nije ûntwikkeling it tsjinoerstelde effekt hawwe sil. Ik kin der neat oan dwaan mar by it lêzen fan soksoarte nijsberjochten giet myn fantasy mei my op ‘e rin. Ik sjoch it al foar my;

Wurde aanst net allinnich wyldmigers en -skiters bekeurd oft se de boel rinne litte mar komt der in ferbod by, nammentlik dat op ‘wyldbliede’ en dat kin dan wer nuvere situaasjes opleverje. Stel bygelyks datst in kear goed trochlekst en der rint krekt in plysje efter dy, hoe moatsto dan bewize datsto wier net oan dat wyldblieden dochst mar dat it in ûngemakje is?

Moatst dan sa’n trochweake tampon of in stik ferbân as bewiis út dyn ûnderbroek of dyn krús skuorre en harren dat foar de noas hâlde?
Ik kin it net helpe, ik sjoch soks libbendich foar my, mar hoe krij ik yn fredesnamme dy bylden wer út myn holle?

zondag 15 april 2018

Brún en smûk fersus griis en stiif


De opdracht fan it Libbensferhalenkafee wie; skriuw in ferhaal oer famyljetradysjes of gewoanten. No koe ‘k sa gau net wat betinke dus ik skreau: Ik leau net dat wy thús sa tradsjoneel wiene…

De iene sin lokke in oare út en noch ien. De wurden kidelen myn ûnthâld.
Al skriuwendewei siet ik ynienen wer yn ‘e keuken mei de oranje doarren. It wie moai waar en it wie snein ...
It wie krekt oft er der in acht mm film yn fan dy retrokleuren yn myn holle ôfdraaide. 
De details wiene sa skerp en dúdlik en dat allegearre troch dy earste sin. No ja, einliks kaam it troch de sin dy’t dêrop folge, lês mar...

Brún en smûk fersus griis en stiif

Ik leau net dat wy thús sa tradisjoneel wiene. Fan bysûndere dagen sa as Peaske of Kryst of sa stiet my - útsein de bûntfersierde beam en it Krystfeest yn tsjerke – net folle mear by. Kryst wie trouwens ien fan de kearen dat ik it net slim fûn om nei tsjerke ta te gean.

Dat kaam tink ik om’t we Kryst altyd yn de herfoarme tsjerke fierden. We wiene sels grifformeard, mar ik fûn dat herfoarme tsjerkje - mei har hege houten banken en preekstoel mei grien fluwielen rântsjes -  folle smûker dan ús eigen tsjerke mei syn glêde griisferve banken.

Under de herfoarme dumnys wie Rozendal ús favoryt. Dy man striele sa’ n entûsjasme út. Under er it preekjen ferpleatste er oanhâldend syn gewicht fan de iene foet nei de oare , syn romp swaaide derby hinne wer as wie er oan’ t reedriden. It wie gewoan fermaaklik om nei te sjen. In inkelde kear gong er ûnder de preek efkes yn petear mei gemeenteleden, dat fûnen de minsken geweldich.

Yn ús eigen tsjerke gong it der hiel wat stiver oan ta. Der siet gjin swûng oan. Dêr wiene se krekt sa griis en stiif as it ynterieur. Ik wit noch goed dat ik in kear net sin hie om mei te sjongen, doe treau sa’n wettysk frommeske yn de bank achter ús my in psalmboekje ûnder de noas, want dat hearde fansels net sa. Fan doe ôf bin ik hiel goed wurden yn playbacken.

De hiele entoeraazje - om it nei tsjerkegean hinne – drûch trouwens net echt by oan in zen sneinsgefoel. Alten wer dat gejacht om op tiid te kommen. Mem dy’t: hastich de bûsen neisocht om lytsjild, rôlen pipermunt yn stikken snijde,  Last minute mei brilcreamfingers it plústerige hier fan heit yn model knede en mei flibe noch in flek fan syn sneinske jaske poetste.

Mar de autorit nei tsjerke ta wie wol The Grand Final; Wy stiif tsjininoar oan op de achterbank fan de oranje Ford Taunes stationcar, heit dy’t net ôfremme mar mei deselde gong troch de bochten fleach, mem dy’t har eangstich oan de hângreep boppe de doar fêstklamme  wyls’t se ûndertusken de tiid skerp yn 'e gaten hold. It wie minutewurk. Meastentiids ferlernen we de race en wiene we te let yn tsjerke.

De koartste rûte nei ús fêste plak, rjochts foaryn twa banken achter it hek fan de âlderling- en diakens, wie fia de syddoar. Unopfallend oanskowe siet der net mear yn, foar sa fier’t dat ūberhaupt mooglik is oft je mei syn achten ynkomme. Rjocht foar ús út stoarjend, skeuvelen we achter elkoar oan de bank yn. Goed en wol te plak knikte heit efkes nei dûmny; de preek koe begjinne.

zaterdag 24 maart 2018

Simmertiid en rollade



Fannacht draaie we massaal de wizer fan de klok wer in oere foarút, werom dogge we dat eins noch hieltyd? 

De maatregel om de klok yn ‘e maitiid in oere foarút te setten is ynfierd yn ‘e Earstewrâldoarloch. In oere langer sinneljocht besparre koalen. Nei de Twaddewrâldoarloch is de maatregel wer ôfskaft om’t it, it bioritme fan de minske fersteure soe.

De oaljekrisis yn de santiger jierren wie foar in soad Europeeske lannen oanlieding om ‘it oere’ wer yn te foeren, it soe enerzjy besparje. Brânstof tekoarten binne tsjintwurdich oerskotten en dat we mei it foarútsetten fan de klok enerzjy besparje is al lang efterhelle.

It fersetten fan de tiid is in gewoante wurden dy’t we  oernommen ha sûnder ús ôf te freegjen oft it überhaupt noch nut hat. It docht my wol wat tinken oan in ferhaal dat ik oait heard ha oer in frou dy’t alten it ein fan de rollade ôfsnijde foar’t s him yn ‘e panne die.

Op in dei frege har man wêrom oft se dat die. Se antwurde dat se dat sa fan har mem leard hie. Doe’t de dochter dêrnei it wêrom oan har mem frege, wist dy eins ek net wat se dêr op  antwurdzje moast, se sei: ‘Beppe die it alten sa en beppe har rolladen wienen de lekkersten.’

Doe’t de beppesizzer oan beppe frege wêrom’t dy dat alten sa die, antwurde se: ‘Berntsje, dat sit sa; myn briedpanne wie wat oan ’e krappe kant, dêr passe krekt gjin hiele rollade yn, om him passend te meitsjen snijde ik in stikje fan ‘e foar en efterkant ôf.

Wurdt it net heech tiid dat we, krekt as mei dy rollade,  ris ophâlde alle ‘e maitiden wer in stikje fan de nacht ôf te snijen, gewoan om dat ús dat sa leard is?

vrijdag 2 maart 2018

Poëzykursus

Op de poëzy kursus fan Abe de Vries, wurde we martele mei drege opdrachten.
De opdracht fan ôfrûne wike wie; meitsje in sonnet mei as tema Shared Space.
In klassyk sonnet moat foldwaan oan kritearia as;
Twa strofen fan fjouwer rigels (kwatrinen)
Twa strofen fan trije rigels  (terzinen)
Rym-skema’s Abba, abba, cdc, dcd
Metrum, (de regelmjittige ôfwikseling fan beklamme en ûnbeklamme wurdlidden)
Tusken de de kwatrinen en terzine moat in chute/ wending komme (de gedachtegong yn de earste kwatrinen, moat yn de terzinen in wending krije)

Shared Space is in rom begryp. Yn it ferkear betsjut it: de romte diele mei respekt elkoar, gjin ferkearsbuorden, stopljochten, stoeprânen ensfh. It útgongspunt is dat as je betizing skeppe de mins alerter wurdt. Leaver feilichheid mei ûnwissichheid as ûngelokken mei dúdlikheid. In neidiel is dat âlderen en beheinden just yn de problemen komme by it ynskatten fan komplekse situaasjes.

Ik fûn it in ferrekte drege opdracht, mar hawar skriuwe betsjut mei de billen bleat. Ta myn ferbjustering fûn Abe myn sonnet ien fan de moaisten dy ‘t der by siet. Dat jout in minske wer moed. Ja sûnder fouten wie it net en it rammele oan alle kanten. Metrysk rûn it net, rigels te lang en it rymskema doogde net hielendal, mar toch ...
De berte fan in sonnet:

Shared Space

Mei de earmtakke ta’t rút út sit Catweazle te chillen
   hy slalommet tusken ‘t fuotfolk troch … Shared Space
Op Times they are a changin fan Dylan
   siket in rollatorsenioar oanknopingspunten … fergees.

Hy is oerlevere oan de nukken en grillen
   fan d’altyd en ivich drok-drok-mins,
betize yn dizze gaoatyske ratrace,
   trotsjearet er bochtsjend it ferkear op tsjillen

Langhierrige Dylanfanaat klaut him achter de earen,
   wêrom brûkt dy âlde de oerstek no net
it chillen slacht om yn in yrritearjen

Romte diele mei respekt foar elkoar, wa is der no gek
   se kinne it moai betinke, dy hege hearen
Shared Space is gewoan in dreech wurd foar romtegebrek