maandag 13 maart 2017

Skuldgefoel

Skudgefoel!
It sintsje skynt, it is hearlik bûten, it koarte broekewaar komt der wer oan, mar ohw die billen dat kin echt net mear. Moarn sil ik begjinne, ik wit al krekt hoe't ik it haw moat.
It moarnsiten net mear oerslaan,  net te folle tuskentroch ite, mar ien kear opskeppe by it jûnsiten, gjin toetjes mear en wetter, in hiel soad wetter drinke.
Mar moarn is moarn, hjoed nim ik it er nog efkes fan. Dy lekkere koek hap ik sûnder skuldgefoel nei binnen. In patatsje, ja lekker doch der ek nog mar in frikandel by, of nee wacht in broadsje hamburger ek wol lekker. Jûns sit ik oan 'e nok ta fol , eins ha ik net iens mear sin oan wat, mar we hat nog nútsjes en it mei no noch!
De oare deis  sil ik begjinne, mar ik gjin fuortendaliks de fout al yn. Ik begjin mei koffie dy gewoante sit der al triitich jier yn, dat feroarje je net sa gau. Dan mar koffie by it moarnsiten.
De hiele wike hâld ik it goed fol en ik fiel my der goed by, sa dreech fyn ik it net iens. Yn it wykein lit ik de teugels in bytsje fiere, de bôge kin net altyd spânt stean.
Dan barre der in pear akkefytsjes wêrt it sin net al te bêst  fan wurdt. Ut frustraasje gean ik op syk nei wat te bikken. Yn ‘e kelder leit in rol koekjes. Suver agressief begjin ik te knagen, ien is net genoch om de frustraasje fuort te krijen. Ik nim der noch ien en noch ien. Dy lêsten binne de muoite ek net mear wurdich dy kinne der ek nog wol by. As ik de lege ferpakking op tafel lizzen sjoch begjint der wat oars te knagen.. myn skuldgefoel!!

vrijdag 24 februari 2017

De nije K 3 en de striid tsjin de fergrieming.


Us hiele ekosysteem is al in pear wike yn’e war. Ús warbere hintsjes Mig en Viv, ek wol leafkjend ús tsjikkys neamd, binne in skoftke lyn op in grouwélige wize om it libben brocht. Se leinen op in moarn ûntholle yn ’t hinnehok. In moardsuchtich rôfdier, waarskynlik in stienmurd, hat se nachts sa fan’e stok ôf snipt en de strôt trochbiten. Oan de bloedspoaren te sjen ha se dêrnei, foardat se hielendal út ‘e tiid rekken, noch in skofke letterlik en figuerlik as in ‘kip zonder kop’ wyld om har hinne fladdere. Neist it emosjonele aspekt wat sa’n moardpartij mei him meibringt haw we no ek in praktysk probleem, wy bliuwe mei in itens-oerskot sitten.

Yn Nederlân wurdt sa’n 35 kilo iten per persoan fergriemt, fan de miljarden kilo’s dy’t sa de kliko yn gean is in grut diel noch gewoan ytber, alle produkten dy’t saneamd oer datum binne wurde faak, bang as men is wat ferkeards binnen te krijen, achteleas fuortsmiten. Skande, want dêr hawwe wy no krekt ús sintugen foar krigen. Yn pleats fan allinich mar út te gean fan de hâldberheidsdatum kinne je faak wol sjen, rûke en/of priuwe wat goed is en wat net. Meastentiids stiet der op ‘e ferpakking  ‘tenminste houdbaar tot’, dat betsjut dat it produkt wol langer goed is mar dat de fabrikant der net langer dan de betreffende datum garant foar stean wol.

Ik lûk my dan ek net al te folle oan fan dy hâldberheidsdata, mar rûk en priuw gewoan oft in produkt oer datum noch goed is en ik moat sizze dat it yn’e regel genôch meifalt. Ik haw bygelyks op fakânsje per fersin in kear in potsje jam meinommen dat al in jier oer datum wie, it roek en priuwde noch goed. Foar de measte minsken is soks faaks in skrikbyld mar wy hawwe der lekker fan iten. Trouwens, de measte produkten dy’t ynmakke bin mei sâlt, sûker of yn ’t soer, kinne je hiel lang bewarje en ek oer datum bliuwe se faak noch lang goed.

Hoewol’t ik mei itensieden wol in grutte fergriemer bin, ik meitsje standert altiten tefolle iten klear, fielde ik my persoanlik noait echt oansprutsen troch sokkesoarte nijsartikels. Ik fûn dat wy it sa min noch net dienen. Wy hiene ús eigen oplossing foar de fergrieming nammentlik ús hinnen. Alles wat wy fan de itenstafel oerhâlden gong nei de hinnen ta. Restjes griente, jierrappels, riis en makaroany, se wiene der sljocht op. As se ús oankommen seagen mei de panne, hipten se ferheard fan de iene poat op’e oare en sadree’t we it doarke fan it hinnehok iependen pikten se it ús sawat út de hannen wei. Foar har wie ús oerskot in wolkomme ôfwikseling op harren gewoanlik wat saaie menu. Yn ruil foar al dat lekkers leinen sy alle dagen in farsk aaike, sa hiene wy ús eigen lytse kringloop. Mar sa as alles dêr’t je oer prate yn’e doetiid, dat wie doe en doe is spitigernôch al wer in skofke lyn.

Nei de bluodderige moardpartij fan fan’t winter wie by my de aardichheid der wat ôf, dy stienmurd rûn noch earne frij rûn. Noch in kear sa’n slachting dat seach ik wier net sitten, mar man en dochter besochten fanalles om my oer te heljen wer in teamke hinnen oan te skaffen. Man makke alle naden en kieren fan ‘e ren ticht en fersekere my dat er gjin murd mear ynkomme koe. Tegearre strúnden se marktplaats ôf, triuwden my sa no en dan in foto fan in pear moaie hintsjes ûnder eagen en wiisden my op myn ferantwurdlikheid: ‘Dat weismiten fan iten dat koe dochs eins net, as wy no wer in pear hinnen hiene dan…’

Tjin safolle goed ûnderboude arguminten koe ik gjin wjerstân mear biede ik gong oerstaach. Sûnt in pear dagen skarrelje hjir no net twa mar (ien foar reserve) trije nije hintsjes om. Us nije teamke ek wol K3 neamd (kip 1, 2 en 3) is krekt sa sljocht op waarm iten as wijlen M en V. Sa helpe sy ús no wer om fergrieming tsjin te gean en as beleaning  ha se ús farnemoarn alwer traktearre op trije farske aaien. Mei tank oan K 3 rint ús ekosysteem no wer as in klok. De sirkel is wer rûn!





dinsdag 7 februari 2017

Taalwrakselingen

Taalwrakselingen
Wat is geef Frysk skriuwe dochs dreech om te learen. Ik hie earlik sein net tocht dat it sa yngewikkeld wêze soe. Foar alle skriuwwizen binne regels en as je dy mar yn ‘e holle stampe dan komt it wol goed soene je tinke, mar krekt as it kwartsje begjint te fallen komt der altiten wer in ‘mar’ efteroan. Der binne (yn myn eagen) sawat likefolle útsûnderings as regels. Sa no en dan sjoch ik dan ek troch de beammen de bosk net mear. (en nee de bosk is gjin skriuwfout, it is nammentlik, it bosk blommen en de bosk dy't je troch alle beammen faaks net mear sjogge).

De kursusgroep Frysk-skriuwe bestiet út tsien persoanen, njoggen froulju en ien man. Pyt, ús kursuslieder hat it er mar drok mei want al dy froulju keakelje wat ôf! We lykje sa no en dan krekt in team hinnen, wat de manlju dan fansels automatysk ta hoannen makket. Sa no en dan skrabet er dan ek efkes de kiel om ús by de les te hâlden, mar kraaie docht er noch krekt net! Ik moat sizze, ik fyn it knap, want we meitsje it him dreech genôch. Betiden binne we krekt fan dy lytse bern dy’t oeral it wêrom fan witte wolle, ‘wêrom is dat sa, kin dat ek oars en mei it ek sa?’ It falt my ta dat er noch noait in kear frustrearre útroppen hat: ‘It is sa’t it is, gewoan, omdat ik it sis!’

Op myn Blog krige ik wolris de reaksje dat ik sa geef Frysk skriuwe koe. Och hjir en dêr in dakje boppe, sa no en dan wat skrapkes en it like faaks al hiel wat. Ik wie ynelsgefal bliid dat de measte lêzers gjin Fryske les folgen! Sûnt myn blogadres op de kursus Frysk skriuwe yn sirkulaasje is binne dy knytsjedagen no wol foarby. Ik haw no dus ek lêzers dy’t it Frysk-skriuwen al aardich goed behearse, it bloed stiigt my betiden dan ek nei de wangen fan de flaters dy’t ik alle kearen noch út ‘e tekst helje. Ik sakje sprekwurderlik djip troch de koer. Oan ’e oare kant it hâld my fansels tige skerp, fan fouten lear je úteinlik dochs it meast.
 
Op  de skriuwkursus libbensferhalen, sei Marga (ús kursusliedster) tsjin ús, ‘skriuw earst mar ris op wast fertelle wolst, letter komt de stavering wol.’ Ik begryp no hielendal it wêrom. Sadree’t ik besykje om drekt alles sa perfekt mooglik op te skriuwen bin ik betiden sa oant wrakseljen mei de stavering en de wurdfolchoarder dat ik healwei suver ferjitten bin wat ik einliks opskriuwe soe. 
Ik skriuw no faak earst alles op yn, sa as ik it neam, Jip en Janneke taal en dernei besykje ik de flaters der út te heljen. Spitigernôch is it mei taal soms krekt sa as mei de leafde, it makket blyn. Ik lês betiden wol tsien kear oer deselde fout hinne. Ik treast my dan mar mei de gedachte dat de measte boeken foardat se yn ‘e winkel lizze earst redigearre wurde, dy lúkse haw ik no ienkear net. Foarearst sit er dan ek neat oars op dan mar troch te gean mei regels te learen en al dy útsûnderingen op ‘e regels yn ’e holle te stampen!

dinsdag 24 januari 2017

Myn smaak net!

Myn smaak net!

De earste les fan de ferfolchkurus, Fryske stavering hat as tema iten. Ien fan ‘e opdrachten is, skriuw in stikje oer wat it apartste is dast ea iten hast. It grappige fan dizze opdracht is dat it wer allegear herinnerings opropt. De earste gedachte dy’t by my boppe komt is postro. Dat haw ik foar it earst iten by myn skoanâlden. Wat fûn ik dat nuver guod. It like wol stisel, hoe kin je dat no lekker fine! De leppel bleau sawat rjochtop stean yn dy plakkerige brij.

Ik wit net iens mear hoe’t smakke allinnich dat ik der kokhalsnigingen fan krige. By my is blykber de foarm, de struktuer en hoe’t it yn ’e mûle oanfielt yn earste ynstânsje bepalender foar wat ik lekker fyn, dan hoe’t it priuwt.
Wêr’t je, kwa iten fan hâlde hat fansels net allinch te krijen mei smaak, mar ek wêr en mei wat foar ytgewoanten je grut wurden binne.

In jier as tsien lyn wie ik tegearre mei in buorfrou en in groep jeugd yn ’e leeftyd fan 16 oant 23 jier yn Súd-Afrika oan it wurk as frijwilliger. Troch de wike holpen we mei oan de bou fan in multifunksjoneel sintrum, we knapten húskes op yn’e sloppewiken en soargen foar wat ferdivedaasje by de bern.
Meastentiids wurken we oant in oer as fjouwer, yn ‘e wykeinen hienen we frij. Yn it kampemint hiene we ús eigen sliep-en wenkeamer, de keuken dielden we mei in oare groep.

Nei it soms best wol ynspannende wurk wiene wy faak bekôf en hienen dan gjin nocht mear om boadskippen te dwaan en iten te sieden. Gelokkich koene we tsjin in lytse fergoeding oanskowe by ús kampgenoaten.
Wykeins gongen we geregeld bûten de doar te iten. Dat wie yn ferhâlding mei wat it iten yn ’e supermerk koste, hielendal net sa djoer.

Johan, de lieder fan it projekt, hie ús in restaurant oanrekkenmandearre dêr’t je lekker en net ûnbelangryk fanwege ús budzjet, goedkeap ite koenen. Op de menukaart stie in yn ús eagen wol hiel apart gerjocht nammentlik: krokodil! Der waard ús ferteld dat it wol wat wei hie fan hin en dat wy dat eins beslist in kear prebearje moasten.

Wy woene us fansels net kenne litte en bestelden sa’n stik fleis. It krokodillelapke seach der goed út en sa roek it ek. Ik wie benijd en snijde der in stik ôf, it witige fleis hie yndie wol wat fan hin. It smakke goed oant ik my fanalles yn’e holle begûn te heljen. Ik analysearre de fleissubstânsje yn myn mûle. It hie dochs wol in hiel aparte smaak en fielde it net wat elastysk oan tusken de kiezzen? By elke hap dy’t ik die, seach ik in grau, grien, skobbich liif foar my.

Wyls myn gedachten hieltyd ôfdwaalden nei dy, grutte, lange krokodillebek dêr’t fan dy ofgryslike, goare tosken útstutsen, hearde ik om my hinne allinne mar positive lûden. Ik kôge dapper troch. It stikje fleis like wol hoe langer hoe taaier te wurden it slagge my mar net om it  fuort te krijen. Myn kiel knypte gewoan ticht. De oaren ieten ûnfersteurber fieder, se hienen gjin weet fan myn gewraksel mei it fleis. Sa ûnopfallend mooglik spuide ik it drûchkôge stikje fleis yn in servetsje en skode it mei it board oan’e kant.

Djip fan binnen wist ik dat ik my eins deaskamje moast sa sinnich te wêzen. Hielendal as ik it fergelike mei de swarte befolking yn’e sloppenwiken, dy hiene betiden sawat neat. Mei it lytse bytsje jild wat se hienen koene se heechút it slachtôffal keapje fan de blanke befolking. Keallekop en keallepoaten, dat wie harren kulinêre hichtepunt. Dat lei dan earst in heale middei op sa’n golfplaten dak te bakken yn’e sinne, foardat it op it fjoer kaam. Ik haw gjin idee hoe’t se dat opieten, miskien lepelden se it wol sa út dy skedel, harre krammele! Der wie myn filearre krokolapke fansels hillich by! Mar ja al kin je alles noch sa goed beriddenearje, it gefoel sprekt no ienkear wolris in oare taal as it ferstân!

woensdag 11 januari 2017

De rúthimmelblues

De rúthimmelblues.

It is goar waar bûten, it waait hurd en it reint, mar gelokkich hat elk neidiel sa syn foardiel. Ik hoech ynelsgefal hjoed net by de ruten op. Myn ruten lykje op’t heden krekt matglês, dus dat se needich oan in poetsbeurt ta binne, der kin ik eins net ûnderút, mar no eefkes net.
Der is gjin putsje wêr’t ik sa’n hekel oan haw as oan rútwaskjen! 

It slimste is noch dat ús hûs sawat alinnich mar liket te bestean út doarren en glês. Byinoar opteld binne dat der, as ik de iepenslaande ruten ek meirekkenje 13, doch dat dan ris kear twa (binnen en bûten) dan haw je der 26 om te himmeljen! Dan haw ik foar it gemak, de boppesten, it hok, de bykeuken en de garaazje, net iens meirekkene.

Op de nijjiersborrel fan ‘e buert hiene de froulju it oer rútwaskjen. Ik hope dan ek wat byfal te krijen oer myn rútwaskersfoby, ik sil dochs grif net de ienigste wêze dy’t dêr sa’n hekel oan hat.
No dat foel ôf!

Doe’t ik útein sette oer myn gebrek, myn disfunksjonearjen as rúthimmelster, seagen se my allegear wat meilijend oan. Ik die myn relaas oer hoe frustrearjend it is, as je de heale dei dwaande binne om alles fan binnen en bûten te dwaan, suver noch gruts binne ek, en dan de grutte  teloarstelling as de sinne begint te skinen! 

Strepen, resten útfage fûgelstront, miggestront, drippen ensafh. Meastentiids besykje ik dan mei de mouwen hjir en dêr wat fuort poetsen en klau mei de neilen de taaie swarte stipkes derôf, mar troch de iene feech út te wriuwen ûnstiet er grif wer in oaren, en sa bliuw ik oan it omgriemen, ik kin it gewoan net, punt!

De froulje seagen my meilijend oan en laken my doe fjouwerkant út! De heale dei? Nee toch, dat mienst net, dat dogge wy yn in heal oerke. Moast it mei sa’n hara dwaan, en dan fan links nei rjochts, net fan boppen nei ûnderen. Of mei reinwetter dat skynt ek goed te wurkjen,  hast wol in goeie trekker, Brabantsia, dat binne de  bêsten.

Soe der no werklik net ien wêze mei itselde probleem as ik, tocht ik by mysels. Ik haw faak al in heal oere wurk om myn finsterbanken leech te heljen! En wat dy strepen betreft, ik ha wier fanalles besike, neidrûgje mei âlde kranten,  spiele mei reinwetter, poetse mei glasseks, sa’n spesjaal hara ding, trekkers fan in goed merk, it slagget my gewoan net!

In heal oerke, ik stie perpleks! Ik krige suver wat de rúthimmelblues en bestelde noch mar in read wyntsje!
Doe tocht ik der ris wat langer oernei en begong  te rekenenjen.  As je tritich minuten diele troch 26 ruten haw je ûngefear 1 minút en 2 sekonden de tiid per rút. Dan moat je wol as in tornado by de ruten op fleane en dan ek noch blinke as spegels? 
Blykber wenje ik yn in strjitte mei rúthimmeljende wonderwomen!
Wol bysûnder! Ik ha se dan drekt ek mar opjûn foar dy nije telefyzjekwis fan Sylvie Meis: wedden dat ik het kan!

zondag 1 januari 2017

Ik soe it sa graach winskje wolle..

In jier

Mei hichtes

Sûnder dellings

In jier

Sûnder sykte

Of striid

Appelje fan sûnens

Altiten bliid

Sûnder oergeunst en haat

In soad sinne

In lyts bytsje skaad

En allinich mar leafde


Ik soe it sa graach winskje

En ik gean der ek foar

Mar ik wit as gjin minske

It iene bestiet net

Sûnder it oar

It heard faaks wat swier

Mar je komme in hiel ein

As je leare te dûnsjen

Yn’e rein



Dat is dan myn winsk

Foar it kommende jier.

dinsdag 27 december 2016

Tredde Krystdei

Tredde Krystdei.

Nei twa dagen swefen tusken himel en ierde, blaasde heit op 27 desimber 1992, ‘tredde krystdei’ syn lêste azem út. Fan dat momint ôf spile alles him ôf yn slowmotion. Yn in rûs bellen we dokter, famylje, en de begraffenisferiening.

Achter it gerdyn waard heit wosken en krige er it pak oan dat al wiken klearlei. Mei wat brilcream foarme mem tusken twa fingers, foar de lêste kear, golfkes yn it pluzige, brune hier. Op’e tafel lei de grutte bril mei de brune glêzen. Dat dy bril op moast, wie in beslút dat gau nommen wie, ommers heit wie heit net sûnder syn bril.

In grutte, swarte lykauto kaam de oprit opriden. Twa man rieden de baar nei binnen. Heit waard oerhevele yn de kiste mei de serene wite beklaaiïng. De stekker ûnder de baar waard oansluten. Fiif dagen lang folle  it sêft gûnzjend gelûd fan de koelynstallaasje de romte.

Nei al dat geregel fielde de rit nei hûs, kâld en leech. Ik draaide de radio oan om de stilte te ferbrekken. Heldere bernestimkes fan it kinderen voor kinderen koor songen it ferske: Derde kerstdag.

Op eerste kerstdag zijn alle mensen vrienden, 
op tweede kerstdag zijn grote mensen klein,
op derde kerstdag gaan alle deuren open, 
kon het maar altijd Kerstmis zijn.

Yn pleats fan krystkaarten, foelen dy wyks, rou- en kondoleânsjekaarten troch de bus.

It wie kâld en griis dy âldjiersdei de dei fan de beïerdiging. Yn in lange staasje brochten we heit nei syn lêste rêstplak. It beferzen gers knispere sêft ûnder de fuotten. De plechtige stilte waard rau ferbrutsen troch it ploffen fan in ferdwaalde voetzoeker.
Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren, by elk sprutsen wurd kringelen wite wolkjes damp omheech. En wyls de kiste stadichoan fieder yn’e beferzen grûn sakke klonken yn’e fierte de doffe dreunen fan karbidbussen. 


dinsdag 20 december 2016

Antidepressiva flok of seine

Antidepressiva in flok of in seine!

Antidepressiva doen meer kwaad dan goed", is de boadskip van de Deenske heechlearaar leraar Peter Gøtzsche, ûnderskreaun troch epidemioloog Dick Bijl. Fan de 1,1 miljoen minsken dy antidepressiva slikke, hat 98 prosint dêr neat oan, sizze sy. Boppedat hawwe in soad minsken lêst fan ferfelende bywurkingen.

It artikel docht in soad stof opwaaien! Foar en tsjinstanners fan antidepressiva bringe op forums en sosjaal media in diskusje op gang. Wat der wol net roppen wurdt, ik kin der wol fan koarje. It is nuver dat sels minsken dy’t blykber gjin idee hawwe wat it ynhâld om swier depressief te wêzen, roppe dat it gebeurt wêze moat om dy middelen as in aspirine foar te skriuwen. De bêste stjoerlju stean oan wâl!

Einliks soe dizze hiele diskusje net needich wêze as der mear foarljochting en útlis jûn wurdt oer it ferskynsel en ferskil yn, tiidlike dip en langduorjende depressie en as de rjochtlinen fan húsdokters (langer dan twa wike somberte, slecht ite en net goed sliepe ensafh as depresje oan te merken) mear nuansearre en oanskerpe wurdt.

Doe’t ik in sa’n tsien jier lyn net lekker yn myn fel siet, ferskriklik wurrich wie hertkloppings hie en it leafst de tekkens fier oer de holle luts, frege myn húsdokter wêr’t ik lêst fan hie en hoe lang ik al lêst hie fan wurrigens en trystens hie. No dat wie fansels langer as twa wike, sy begûn toen al foarsichtich oer medisinen, mar ik wegere! Letter bliek út ûndersyk dat it probleem kaam troch myn skildklier, dy wie fierstente te heech. As ik doe net wegere hie, hie ik der miskien no ek oan sitten.

In swiere depresje is fansels hiel wat oars dan in bêste dip, foar in dip is tiid en oandacht  faak it bêste en ienigste medisyn. In swiere depresje dertsjisteande is, mei de eangsten en psygaozes dy’t dêrtroch ûntstean kinne, libbensbedrigjend. Boppedat altyd tryst te moede wêze dat is echt in lijenswei. Antidepressiva slikke mei de somtiden aaklike bywurkingen is net neat, mar nei in lange striid faak in lêste striehalm om oan fêst te hâlden.

En ja, wat soe it moai wêze as je sûnder medisinen opknappe kinne fan je eangsten en depresje. Mar it skrinende is dat terapy op maat tsjintwurdich net yn alle gefallen fergoede wurdt en dus net beskiber is foar eltsenien. Dan bliuwt allinich noch mar de GGZ ynstelling oer en dêr is medikaasje no krekt it grutste ûnderdiel fan de hiele behanneling. En mochten je überhaupt foar sa’n behanneling yn oanmerking  komme dan binne de wachtlisten ek nochris sa grut dat it keal al ferdronken is foardat..
Medisinen binne dan in seine en faak noch de ienigste opsje om de holle boppe wetter te hâlden!

woensdag 14 december 2016

Kryst mei in gouden rântsje

In Kryst mei in gouden rântsje.


Ien fan myn moaiste oantinkens oan Kryst is der ien út myn bernetiid.
It wie net spektakulêr mar foar my fielde it hiel bysûnder,  it hie wat magysks.
Dy sfear, fan Kryst sjoen troch berne-eagen, ik kin it my sa wer foar de geast helje.
As ik dizze tekst hear : ‘En het geschiede in die dagen..,’ komme dy bylden as fansels
by my nei boppe. It binne bylden fan:

Stjerren makke fan papier, royaal  bestruid mei sulveren glitters.
Fan smelle, hege, ikehouten banken en it kreakjen fan ‘e houten flier.
Fan de preekstoel mei it houtsnijwurk en rântsjes fan franjes yn ‘t grien
Fan griis-griene lambrisearring tsjin hege wytkalke muorren.
Fan wite kersen yn selsmakke kersestanners. 
Fan  papieren krystklokken yn ‘t read, as in harmoanika iepenteard.
Fan stille nacht, heilige nacht.. en.. vrede op aarde, in de mensen een welbehagen…

Fan it boek dat we al wiken fan te foarren útsocht hiene op de lange boekelist .
Fan de hite poeiermolke, dêr’t ik myn tonge oan baarnde.
Fan sûkelade dy’t yn’e hannen raande.
By it fuortgean it pûdsje by de doar mei in sinasappel.
It binne bylden fan it skoalkrystfeest yn it lytse herfoarmde tjerkje fan Lollum.

De weromreis stiif tsjininoar oan op de achterbank fan de auto, it tsjustere paad del nei hûs.
Thús knipperen de kleurige lampkes yn in bûntfersierde krystbeam.
Op ‘e tillefyzje draaide de film: Het meisje met de zwavelstokjes.
Ik libbe sa mei dat earme famke mei dat yn dy izige kjeld by de doarren del moast om lúsifer te ferkeapjen, op dat momint  besefte ik hoe goed ik it hie. Ik hie famylje, ik hie iten en in dak boppe de holle, ik fielde my lokkich en tefreden.
It wie in Kryst mei in gouden rântsje!




maandag 5 december 2016

Frysk skriuwe

Leare om Frysk te skriuwen is:

Krekt salang stinne
En oefenje oan’t jo it kinne
Fan dy en dei
En my en mei
Fan in en yn
En myn en dyn
Fan alle dagen, en net else dei
En it falt wol, mar net mei
Fan wyt en wiet en wiid
It is en bliuwt in striid
De ú, en û en oe
Ik kin, do kinst, ik koe
Ik búk, in boek, in toer,
Ik knoffelje der betiden oer
in echte Fries
Giet net oer ien nacht iis
In ljepper springt oer sleatten
Mar in tichte doar is sletten
Een net-Fries dy wurdt boas
Want yn’t Hollânsk betsjut ’t wer wat oars
Sa ha je ’t faaks gau bedoarn
Mar dêr lûk ik my neat fan oan
As grutke Frysk hâld ik ús taal yn eare
Sa’t bern en bernsbern 't net ferleare

zondag 6 november 2016

It is mar in k*t kluske mar toch..

In is mar in lyts k*t kluske, mar toch…!
Ik bin dwaande moed te sammeljen, mar ik skytskoarje der wat tsjinoan en sko it wer op ’e lange baan. Al wiken hinget it formulier yn ‘e keuken oan it prikboerd. Moarn doch ik it echt, ach miskien is oare wike ek noch wol op tiid genôch. Hieltyd wer stel ik it út!

Bin ik no sa’n oansteller of soenen mear froulje wêze dy't lêst hawwe fan dit probleem. It stiet my sa tsjin, it foarútsicht om dêr iepen en bleat mei myn fuorten wiid yn ûnmacht te lizzen, om ferfolgens in stik middeliuwske ark nei binnen skoot te krijen. En dan dat gefoel as se mei dy lange wattenstaaf yn myn liif om riere!

De hiele hanneling hat net iens folle om ‘e hakken en dat it slim sear docht kin ik eins ek net sizze. It is te fergelykjen mei it weeïge gefoel sa’t je dat hawwe kinne ûnder yn je búk, wannear’t  je te hurd oer in brêge ride, mar dan wol sa hurd dat it net mear noflik fielt!

De ôfspraak stiet, ik doar it suver net te bekennen mar ik bin gewoan senuweftich.
Ik wit it, ik meitsje it grutter dan it is. Ik ha wier wol foar hitere fjoeren stien, ik ha notabene trije bern op’e wrâld setten en al trije kear in operaasje hân, dan moat dit dochs in piece of cake wêze soene je sizze. Mar hoe’t ik it ek beriddenear ik bliuw it in crime finen.


vrijdag 4 november 2016

Neat is wat it lyket


De kofferbak, brún fan de rust, hat hjir en dêr in flinke opdonder hân. De hiele boppekant sit ûnder de stront. Yn de râne tusken motorkap en rûtewissers, leit in drekkige smots fan heal fertarre blêden en oranje beien, hjir en dêr komt sels in sprút gers boppe.
It lyket wol oft dizze auto moannen lang net fan syn plak west hat.
It makket my nijsgjirrich, ik freegje my ôf wa’t der by heart of heare.

Myn fantasy giet mei my op ‘e rin, ik byldzje my in famylje yn al la Flodder.
De famylje  F. is net fan plan jild te beteljen om yn eigen strjitte te parkearen, dêrom stiet harren auto tenei yn ‘e foartún! 
Op in moaie simmerdei, se ha krekt de kofferbak folladen mei kratten en lege flessen, hâld de auto der mei op, wat se ek besykje  hy wol net starte al is ‘t noch sa. Jild om it âld lel nei in garaazje te bringen is der net, dus stiet er dêr no tusken twa fytsen, in waskmasine en noch wat oar âld izer te fertutearzjen ûnder de beiebeam.

De wiken ferinne, it wurdt hjerst. De beam fol mei ripe beien lûkt kloften lysters oan. Begearich skrokke se de beikes nei binnen, mar wat der yn giet moat der ek wer út, de auto wurdt der net skjinner op. Nei in moanne,  de útkearing is wer binnen, trommelje se in pear beunhazzen op. Ûnder it genot fan in pilske, grieme ze de heale middei om mei dopsleutels,  bûzjysleutels ensfh en dan is dêr einlik it moment supreme!
Se slúte de startkabels oan, mem Flodder nimt plak efter it stjoer, se wacht oant se in teken krijt fan de amateursleutelaars, draait de kaai om en trapet it gaspedaal ta de boaiem in. De motor jankt en sputtert dde.. rrrr.. Dddd…. Rrrr.. rrddd…rrrrrrr.. wwwroemmmm.. ! Wyls de auto waarm stiet te draaien, dopje se ien, goaie de lege fleskes by de rêst yn’e kofferbak en stappe yn. Op, nei de supermerk!

Oant safier myn fantasy, de boadskippen moat helle. Wyls ik systematysk myn boadskipbriefke ôfwurkje, gnúf ik wat nijsgjirrich om my hinne.  By de bôle stiet in man yn in, foar syn bierbúk, te koart, ferwasken t-shirt en in swarte trainingsbroek, de tsjokke fuotten yn te krappe toffels.
Sa no en dan besiket er syn shirt dêl te skuorren , mar troch it rinnen strûpt it hieltyd wer omheech. In frommes yn in swarte flodderjurk triuwt it winkelweintsje en lêst him lûdop de boadskippen foar. De hiele winkel troch hear ik se protteljen en snauwen oer wat der al of net yn it boadskipkarke mei moat .
By de kassa stean ik wer efter harren, ik bin benijd,  mar einliks wit ik it wol seker, dizze twa heare by, “de auto.” 

Dat ik it  hielendal by it ferkearde ein ha, docht bliken as ik se even letter ynstappen sjoch yn in krease MPV.
By de fersmoarge auto stiet in âld wyfke mei in rollator. In meiwurker fan de buertsuper set de  boadskippen foar har op de efterbank klapt de rollater yn en wrakselet it ding yn ‘e kofferbak. Mei muoite lit se harsels yn’e auto sakje en ploft del op ‘e bestjoerdersstoel. Net oertsjûge fan de riidkeunsten fan it âld wyfke, (Ik stean rjochts fan har parkeard) wachtsje ik even mei fuortriden, werom it sa lang duorret is my in riedsel. Ik sjoch even opside wêr't se mei dwaande is.
Se bûcht de holle foaroer en slacht de hannen foar de mûle, it lyket wol oft se net goed wurdt. Och hearkens, se moat spuie, se makket in kokhalzjende beweging.. Krekt as ik myn holle fuortdraaie wol, komt se wer oerein, mei ferbazing oanskouw ik de opbringst fan it oerjaan. Yn har linkerhân dy’t op it stjoer leunt, hâld se it ûnder en boppegebit omheech, mei de oare hân fisket se in plestik bôlepûdsje út it dashboardkastje en lit de tosken der foarsichtich yn glydzje. Dan start se de auto jouwt flink gas, riid yn in floeiende beweging efterút, en fuort is se!

maandag 24 oktober 2016

Help..

Help….
Ik hie de gang der aardich yn op myn bloch,  elke twa wyken in stikje skriuwe, ik hie ynspiraasje genôch, mar ynienen stagneert it. Wat ik ek skriuw ik fyn it net goed genôch, net ynteresant genôch  en myn Frysk, no der is it nedige ek op oan te merken. Boppedat wa sit er no te wachtsjen op in ferhaaltsje fan my. Foarhinne buorrelen de ferhaaltsjes en ûnderwerpen  yn in rap tempo by my omheech en wist ik hast net wêr’t ik it earst en lêst oer skriuwe soe, no tink ik wer moat ik it yn fredesnamme oer ha!
Skreaun ik earst spontaan foar it heitelân fuort, no keur en herkeur ik alles totdat der fan it hiele ferhaal  neat mear oer bliuwt, om ferfolgens ta de konklúzje te kommen dat ik it mar better litte kin. Myn ynterne kritikus draait oeroeren en hoe mear boeken ik lês,  namste kneuterig ik myn eigen ferhaaltsjes fyn. Al dy prachtige omskriuwings en moaie wurden ik kin der net oan tippe. Is dit no ûnsekerheid, “writersblock” of faaleangst, byldzje ik it my allegear mar yn of stelt it werklik allegear neat foar.
Hoewol ik bêst wolris kompliminten krigen ha en ek best, al sis ik it sels, wol in pear aardige stikjes skrean haw, op sommige  ferhalen fan skriuwkursus bin ik sels grutsk, dochs tink ik no dat it tafaltreffers wiene en dat it my net mear lukken giet. Yn myn deiboek stean de lêste tiid allinnich mar heal ôfmakke ferhalen en de lêste  twa wyken sels lege siden. Help.. , myn slimste kritikus bin ik op’t heden sels, mar hoe kom ik hjir wer út? Ik wol graach fieder, my wer ferlieze yn’t skriuwen, de wrâld om my ferjitte wyls ik mei wurden boartsje, sinnen oanien riig en sa al skriuwende wei ta ferrassende konklúzjes kom! Moat ik no rêstich ôfwachtsje of mysels forsearre, wa sil it sizze?

dinsdag 11 oktober 2016

Killer clown

Horror klown

Halloween is de lêste jierren tige populêr oant wurden in ús lân en de  winkeliers spylje mar al te graach yn op dizze nije trend. Neist de swietsoppige hjerst, Sinteklaas en krysthoekjes lizze no ek de meast lugubere attributen yn 'e skappen. Mei ôfgriis rin ik der lâns, deadskoppen, maskers mei bebloede koppen, kettingen, grutte hakmessen, seagen en alles wat je mar betinke kinne om in oar skrik oan te jeien. De ingeltsjes en duvels op noch gjin oardel meter ôfstân..
As je der fan hâlde binne dat soart feestjes fansels tige spannend en ach je kinne sels beslute om dêr wol of net hinne te gean en je bern foar dizze grouwélichheid te behoedzjen sadat se der ynelsgefal gjin boaze dreamen oan oerhâlde. Slimmer wurdt it as guon sensaasjesikers dizze halloweengekte oangripe om foar harren kik minsken de stûpen op it liif te jeien.
Syklike figueren dy’t ferklaaid as de horrorklown (killerclown) út de grizelfilm IT, harren ferskûlje efter beamen, auto, ’s of wat dan mar om   ûnskuldige slachtoffers op te wachtsjen (t leafst bern of immen dy’t alinne is fansels) om se ferfolgens efternei te sitten mei al of net echte messen en bilen. Ach ja sa dreech ist net, gewoan eefkes nei Xenos, Blokker of Action, in prûk, masker, in pear drakulatosken en in bile of mes mei nepbloed en klear bin je. Dan ist alinne noch wachtsjen op dat glorymomint.
Mislike grappen dy’t grutte ynpakt hawwe kinne op je gefoel fan feiligens, je kinne der wol in trauma oan oerhâlde! Dêrom wol ik no protestearje tsjin de halloweengekte en rop ik filliaalhalder’s op om dat yslike guod út de winkels te heljen en allinich romte te meitsjen foar feesten as Sinteklaas en kryst!  Ellinde  is der tenslotte al genôch op 'e wrâld!

vrijdag 30 september 2016

Swarte Pyt

Swarte Pyt
De hjerstfakansje is noch mar krekt foarby of it geouwehoer oer swarte Pyt set wer útein. De kinderombudsman hat yn in rapport  fêststeld dat de figuer Swarte Pyt, letterlik sitearre: “een karikatuur is en een voedingsbodem voor discriminatie en racisme,” en dêrom yn striid  mei de rjochten fan it bern. Der wurdt sein dat bern it as diskriminearjend  ûnderfine en dat soks rûn sinterklaastiid bot slimmer wurdt.

No kinderombudsman, ik wit net mei wa oft jo om tafel sitten ha,  mar ik tink net mei de bern út ús doarp, ommers ús bern wurde al generaasjes lang diskriminearre. By ús is dat hiel gewoan. Miskien skrikke  jo hjirfan en freegje jo jo no ôf hoe't dat samar sa kin. Dat sil ik jo sizze, dat komt nammentlik fan de iuwenlange tradysje om bern te ferneamen. Hjirtroch kin it foarkomme dat der binnen ien famylje, fjouwer of fiif  bern binne mei de namme Klaas, Durk of Pyt(er) en hoe moat je die no útelkoar hâlde? Just, krek, dat doch je troch bepaalde opfallende kenmerken te beneamen en die te kombinearjen mei de namme. Dus as Klaas tafallich read hier hat en Piter swart of brún, dan ist  by ús hiel gewoan om te sprekken fan reade Klaas en brúne of swarte Pyt(er). Sa ist foar eltsenien fuortendaliks dúdlik oer wa’t je it hawwe. En fiele sy sich hjirtroch  diskriminearre? Ik tink earlik sein fan net.
 
Rûn sinterklaastiid  wolle alle bern graach swart sminke wurde om op swarte Pyt te lykjen. Swarte Pyt wurdt troch harren net besjoen as it sielige sloofke fan Sinterklaas, nee swarte Pyt is tige populêr. Swarte Pyt stiet foar aksje, hy is stoer, klimt op it dak, goait mei pipernuten, lit him samar troch de skoarstien sakje om nachts de skuon te follen en pakjes te bringen. De measte bern binne slocht op swarte Pyt. Sinterklaas dertsjinsteande wurd wol in bytsje sielich delsetten, hy is stadich yn alles, yn syn rinnen en syn praten en troch syn minne ûnthâld moat er altyd in grut read boek mei tôgje  dêr’t er alles yn opskriuwt en dan noch ferjit er wolris om hjir en dêr in pakje lâns te bringen. Ik bin suver in bytsje benaud dat troch dizze karikatuer aanst in hiel oare groep minsken sich diskriminearre fielt!

dinsdag 13 september 2016

Fiiftig!!

Fijftig!!
‘Wat fynst der no fan dast fiiftig wurdst?’ freget myn man. ‘Ach it is mar in getal,’ sis ik, ik fiel my noch krekt itselde as tweintich jier lyn en dat sil moarn wol net oars wêze. Fiiftig, och hearkens wat docht men der betiden krampeftich oer. Prachtig as jo der fan hâlde, mar grutte spandoeken en opblaaspoppen yn’e tún, it is oan my allegear net besteed!

Fiiftig, hoewol’t ik fan plan wie my der net drok oer te meitsjen, spookt it getal my dochs mear troch de holle dan my leaf is. Mei in lichte skok realisearje ik my dat ik dan oer tweintich jier santich wurd! Bliksem... dat klinkt net iens sa’n hiel ein mear fuort! Sa hie ik it noch net hearder besjoen.

Tweintich jier, ús nije ferwarmingstsjettel is fan 1996 it klinkt my noch sa farsk yn ‘e earen mar it nije is der ûndertusken al fanôf, we binne al wer tweintich jier fierder. Sa hurd giet tiid, wat juster noch nij wie is hjoed alwer âld!

Doe’t ik jong wie, die ik my faak in bytsje âlder foar dan ik wie. As ien oan my frege hoe âld bist, telde ik der alfêst in jier by op. Hast tolve sei ik dan ôf hast sechtjin, neffens my haw ik dat wol tot in jier of tritich folhâlden.
De drang om my âlder foar te dwaan, kaam tink ik troch myn plak yn de roedel. Ik wie (tegearre mei myn twillingsus) de jongste thús en hie net folle yn te bringen, as ik al ris wat fan my hearre liet, waar ik ûnferbidlik wer te plak set mei in opmerking as, ‘Wat soest do no lyts piest of bist amper droech efter de earen!’

Foar my stie âlder wêze foar mear oansjen en respekt, dus fantasere ik as it sa útkaam der wolris in jier by. Ik fielde my dan hiel wat as ik âlder skatten waar dan myn werklike leeftyd.
Tsjintwurdich ist sawat krekt oarsom, ik fantasearje der no it leafst in pear jier ôf en minsken dyt my jonger skatte dan ik bin, die kin ’k wol tútsje!

Fijftig, ach wat seit san getal no einliks, it omklaaisel wurdt âlder, mar fan binnen bin jo sa âld as jo jo fiele. By my is dat net âlder as tritich. Sa no en dan, as ik al dûnsjend meiblêr op myn favorite musyk, fiel ik my wer eefkes sechtjin, al kin jongste it dan net litte om my dêr mei har, ‘Doch mar net mem!’ wer eefkes oan te herinnerjen dat we ‘echt net’ fan deselde leeftyd binne!

Njoggenenfjitich of fiiftig, ik fiel gjin ferskil it wichtichste is dat jo jo sûn fiele! Ik ha de jierdeiwinsk, ‘ik hoop dast der in soad jieren yn sûnens by krije meist,’  faak sûnder omtinken útsprutsen, mar op it momint dat jo konfrontearre wurde mei sykte en it net mear sa fanselssprekkend is dat jo der jieren by krije, dan komt de betsjutting fan dy wurden wol hiel bot binnen.
Ik bin o sa bliid dat wy, myn leave twillingsus en ik, der noch in hiel soad jieren by krigen ha en ik hoopje op noch folle mear derby yn sûnens!

woensdag 31 augustus 2016

Fomo

Neat misse kinne,
F.O.M.O, Fear Of Missing Out, is de Ingelske beneaming foar dit fenomeen. In nij ferskynsel fan dizze tyd. Miene dat je neat misse kinne, oerol by wêze moatte en it dertroch hiel drok hawwe. En dan bedoel ik net, it drok hawwen op it wurk of op skoalle of sa, nee it drok hawwe yn je frijetiid..

Njonken de deistige beslommeringen en ferplichtingen is der san grut oanbod oan frijetijdsynfulling, dat guon minsken der yn ferslaan. Dat iene feestje kin je echt net misse, die nije musical moat je toch echt sjoen hawwe en dat konsert dêr moat je echt west wêze om mei prate te kinnen. Dêrneist binne der dan noch faak de wyklikse sportlessen, workshops en kursussen.

It wurdt echt in probleem as je gjin kar mear meitsje kinne, bang dat je binne om ek mar wat te missen (fear of missing out). Nei de opkomst fan de smartphone is dit noch slimmer wurden. Ha je einlik de kar makke om nei dy musical te gean wêrt je al sa lang sin yn hienen, wurd je op Facebook, SnapChat, Insta en sa, konfrontearre mei spannende foto's en apkes fan dat feesje wat je mist hawwe... dus krij je wer spyt dat je dat sjitte litten ha.

It gefolg kin wêze dat je hielendal gjin keuzes mear meitsje mar alles san bytsje heal dwaan gean. Hurd hjir hinne, gau dat noch efkes ôfraffelje en op it plak fan bestemming facebook tsjekke, om te sjen wat er earne oars bard is.
Konfersaasjes  ferrinne dan soms ek hiel dizich, der wurdt net mear goed lústere, minsken bin der net mei de kop by.  In petear ferrint dan ûngefear sa,  tsjinoer mekoar sitte mei de holle in bytsje nei beneden, gjin eachcontact  ” uh  hmm.. oh , ja sorry hjer, wie efkes wat oan it lêzen, wat seidest?” úterst irritant!

Sa is men fanalles oan it neijeien en ha je it yn je frijetiid sels drok! By de jeugd is it hielendol slim dy skamje harren der net iens foar, sitte se gesellich byinoar, op in richje allegear op harren mobiel te appen en te skrollen. Konsintrearje op ien ding is ek hiel dreech, bin je krek  dwaande mei it iene, trillet it mobyltsje wer, dochs mar efkes sjen nei dat apke of snapke, je soene ris wat misse kinne no.

Wêr is dy tiid bleaun dat je hearlik kochjend op in gersspriet nei de wolken leinen te sjen? F.O.M.O,  lestich hjer as je hjir oan lije!

zondag 21 augustus 2016

Foargefoel, intuysje, sechde sintug?

Desimber 2003, 
 
Oan it ein fan de middei binne se mei de lytse poppe út it sikenhûs weikommen. Ik haw de boel ynoarder makke en jou se de nedige ynstruksjes foar de nacht. We prate ôf dat ik der moarn om healwei njoggenen wer bin.
No bin ik op de  weromreis, it stjoer fan myn 16 jier âlde wite suzuki trillet. De doaren klapperje troch de hurde wyn. Sels op fûl kin de radiator it mar amper waarm krije. Ik draai de radio wat lûder en sjoch dan dat it brântstoflampke begjint te knipperjen. Krekt bûten It Heidenskip is in tankstasjion. Fuort mar efkes tanke, tink ik, dan hoecht it moarn net mear. Iepeningstiden fan 8.00 tot 20.00 uur lês ik op it boerd, fiif foar achten is 't op myn horloarge, it kin noch krekt. 

Ik draai it terrein op, riid de auto mei de passagierskant foar de pomp en draai de tankdop los .
It is ierdetsjuster bûten, ik bin gewoanlik net bang yn 't tjuster, mar no fiel ik my net op myn gemak. Gau pak ik de metalen slurf van de hâlder, stek him yn de tankiepening en lit ‘m fol rinne. Undertusken bliuw ik ûnrestich om my hinne sjen, ik sjoch neat bysûnders en dochs bekrûpt my in ûnbestimt gefoel, it hier op mien earmen giet rjocht oerein stean en ik begjin súver in bytsje te triljen. Stel dy net sa oan,tink ik yn mysels, oars bist ek net sa skiterich. De pomp slaat ôf, ik draai de dop wêrop de tank en haast my nei binnen om ôf te rekenjen. De shopmeiwurker is al drok dwaande de boel op te romjen en ôf te sluten. Ik betelje en winskje ik him in goeie jûn, noch hieltyd  haw ik in, sa ‘t de Dutsers it sizze,in 'ünheimlich gefühl'. Sa gau mogelik hjir wei, binne myn gedachten. 

De ôfstân fan de shop nei de auto lis ik sawat dravend ôf. De shopmeiwurker sil wol tinke... Ik start de motor en klik ik de doaren op slot. Underweis ûntspan ik wer in bytsje. Om de spoaken út 'e holle te ferdriuwen, draai ik de folumeknop van de radio omheech en riid  lûdgalmjend nei hûs. As ik it paad  op draai, komt myn man my al temjitte. ‘De pliesje hat belle, ast werom belje wolst, ze ha in nûmer efter litten.'  Frjemd, wât soe der oan ‘e hân wêze? Nei myn witten ha ik gjin gekke maneuvels makke, ik kin it my yn els gefal net betinke. 
In bytsje senuweftich schilje ik it nûmer. In freonlike pliesjemeiwurker stiet my te wurd. ‘Jo hoeche net te schrikken hjer, mar jo auto stiet as lêste op kamerabylden fan it besinestasjon wert jo fannejûn tankt hawwe. In pear minuten dêrnei is der in oerfal plege. No is de fraach of jo ek wât bysunders sjoen of heard  ha? De oerfallers moatte tichtby,  miskien wol al op it terrein west ha doe'tt jo tankten.’ Yn gedachten sjoch ik it tsjustere iensume tankstasjon wer foar my, in kâlde rilling rint oer myn rêch. Sjoen of heard net, mar…  'Uh, nee, sorry neat bysunders sjoen.'
.

woensdag 17 augustus 2016

In hite simmerdei

In hite  simmerdei!

Se hime en pûste, har lichem bewege ritmysk op en del, earst stadich en konsintrearre, dêrnei hieltyd flugger en wylder.
Hy seach har oan, lake en bewege mei yn ‘t selde ritme, mei it gemak fan in tweintichjierrige.
It ritme waar opfierd, it swit bruts har út, de leeftyd begûn har parten te spyljen.
Dit jier  soe se Sara sjen en dat koe se fernimme, in bytsje jaloersk seach se him oan .
De adrenaline stode troch har liif, net opjaan no, tocht se .
Hurder, trochgean, net ophâlde, noch even, se kreunde, ah, pff, ohw ja, se wie der hast .
Noch hurder gong se, har liif spande, noch eefkes, hast, ja, ja, ..! In sucht ûntsnapte har hèhè einlik.. , se hiene it hichtepunt berikt , tegearre en tagelyk noch wol!
Op de Hitsummerhichte !
Hja op har sportive fyts en hy op ' e e-bike ...
Kofje dan mar by de Hema ..?













* Hitsumerhichte hege fytsbrêge tusken Hitsum en Frentsjer 

dinsdag 16 augustus 2016

Goar praat

Goar praat..
Dochter is de folders oant trochsneupen en lêst lûdop oanbiedings foar, ‘alles fan dove 2e halve prijs, odorex 50% korting, gratis selfiedevice bij in pak durex.’ ‘Wat is dat,’ freegje ik,’ in selfiedevice , advies hoe, ’t je in selfie meitsje moatte?’  ‘Nee, dat is in ôfstânbetsjinning foar de mobiel, sa kin je mei in selfiestick op ôfstân in foto meitsje.’ By in pak kondooms?
'Jaseker der moat je fan in ôfstân in foto fan meitsje, oars past er net yn byld ’, grapked  myn man. Heit..!  asjeblyft..! Ik kin der neat oan dwaan maar ik sjoch it hiele taferiel al foar my,  ik bin no ienkear in byldtinker.
Om der in skepke boppe - op te dwaan, sis ik, ‘miskien wurde sommigen wol hetsich fan san selfiestick en feroared  harren kleinduimpje by it sjen dêrfan wol yn de grutte reus .. .’ ‘ Meeem  toe. .. hâld op!’ ‘Jah.. docht man der noch in skepke boppe-op, ik tink dat der dan wol in gruthoeklens foar nedich is. ‘Heit…asjeblieft!!! , hâld op mei dat goare praat, ik wol it net heare,’ seit dochterleaf en docht de hannen foar de earen.
Goar praat? Ik tocht dat ik ek noch yn sprookjestaal prate, blykber tinkt sy ek yn bylden. No gean der by dy bern ûnder mekoar genôch goare grapkes  rûn via WhatsApp en Snapchat en dochter wurdt sa no en dan tagd in Facebookberichtjes wêrfan ik betiden hjitte earen krij,  mar mei je heit en mem wol je it net oer soks ha fansels!
It jouwt my trouwens wol te tinken, wat foar boadskip je útdrage as je in gratis ôfstânbetsjinning foar in selfiestick oanbiede by in pak kondooms! Wer leit de grins fan wat we tsjintwurdich mar gewoan fyne moatte en wat noch wol en wat echt net kin. Neffens my lyket die grins hieltyd mear te ferfagen. Werom, soenen je trouwens  foto,s fan soks meitsje wolle? Dat fyn ik no goar! Soe it in nije  foarm fan ekshibitionisme wêze, it moderne potleadventen? Ach einliks wol ik der net iens oer neitinke, wat sa’n reklamefolder al net teweech bringe kin!