Doe’t Johan de retoaryske fraach stelde dêr’t er altiten de les mei ôfslút: ‘Nou, zo maar weer dames?’ belâne ik wer mei beide fuotten op ’e grûn!
Wolkom by Ypie blogt. Myn doel is alle moannen te bloggen om skriuwmeters te meitsjen en ûnderfining op te dwaan. Der falt noch in soad te learen (ûnder oaren Fryske stavering) en fansels bin ik ek hiel nijsgjirrich wat der yn 'e smaak falt en wat net. Myn motto is: Doch mar gewoan! Ik hoopje dat minsken mei nocht myn blochs lêze en in reaksje efterlitte, sa't ik dêr wer fan leare kin.
donderdag 20 april 2017
It is bytiden mar krekt hoe’t je it neame!
Doe’t Johan de retoaryske fraach stelde dêr’t er altiten de les mei ôfslút: ‘Nou, zo maar weer dames?’ belâne ik wer mei beide fuotten op ’e grûn!
donderdag 13 april 2017
Tiden feroarje
Ik wie tige wiis mei har en koe tiden mei har ompopkje. Mei babysjampo wosk har ik glêde lyfke, boarstele it hier oant it glânzge, draaide der stutsjes yn en drukte tútsjes op de rôze lippen en de plestik wangen. Moarns foar’t ik nei skoalle gong, lei ik har yn it nije reiswidske fan rútsjesstof en bestoppe har ûnder it rôze wollen tekkentsje.
Oan 't ein fan 't feestje krige elk in pûdsje mei nei hûs mei dêryn in ballon wat snobbersguod en in potlead mei in stikje gom. Wurch mar foldien nestele ik my dan yn in hoekje fan de bank mei myn nije stiften, kleurboeken en it nije lêsfoer. Ik koe sa hearlik fuortdreame by it lêzen fan boeken as : ‘De schippers van de Kameleon en de Dolle Tweeling in opstand’.
Bernefeestjes lykje sa stadichoan mear op heale skoalreiskes. Koekehappe en stuolledûns is net mear fan dizze tiid. Nei it swimbad, boarterstún of film is sa ’n bytsje de noarm oan ’t wurden. De grutte fraach: ‘Wa moatte der allegear utnûge wurde?’ is de oanset ta in einleaze diskusje en ik lûk fansels wer oan it koartste ein! It gefolch: in heale dei op sjou mei fierstentefolle bern! Nei ôfrin haw ik de put der dan ek finaal út. Dochterleaf ploft foldien op ’e bank, probearret de toverpinne út, lakt de neilen mei har nije glitternagellak en jout mei ien druk op de knop har digitaal húsdier te iten.
woensdag 5 april 2017
Oefenje en stinne...
maandag 13 maart 2017
Skuldgefoel
It sintsje skynt, it is hearlik bûten, it koarte broekewaar komt der wer oan, mar ohw die billen dat kin echt net mear. Moarn sil ik begjinne, ik wit al krekt hoe't ik it haw moat.
It moarnsiten net mear oerslaan, net te folle tuskentroch ite, mar ien kear opskeppe by it jûnsiten, gjin toetjes mear en wetter, in hiel soad wetter drinke.
De oare deis sil ik begjinne, mar ik gjin fuortendaliks de fout al yn. Ik begjin mei koffie dy gewoante sit der al triitich jier yn, dat feroarje je net sa gau. Dan mar koffie by it moarnsiten.
Dan barre der in pear akkefytsjes wêrt it sin net al te bêst fan wurdt. Ut frustraasje gean ik op syk nei wat te bikken. Yn ‘e kelder leit in rol koekjes. Suver agressief begjin ik te knagen, ien is net genoch om de frustraasje fuort te krijen. Ik nim der noch ien en noch ien. Dy lêsten binne de muoite ek net mear wurdich dy kinne der ek nog wol by. As ik de lege ferpakking op tafel lizzen sjoch begjint der wat oars te knagen.. myn skuldgefoel!!
vrijdag 24 februari 2017
De nije K 3 en de striid tsjin de fergrieming.
Us hiele ekosysteem is al in pear wike yn’e war. Ús warbere hintsjes Mig en Viv, ek wol leafkjend ús tsjikkys neamd, binne in skoftke lyn op in grouwélige wize om it libben brocht. Se leinen op in moarn ûntholle yn ’t hinnehok. In moardsuchtich rôfdier, waarskynlik in stienmurd, hat se nachts sa fan’e stok ôf snipt en de strôt trochbiten. Oan de bloedspoaren te sjen ha se dêrnei, foardat se hielendal út ‘e tiid rekken, noch in skofke letterlik en figuerlik as in ‘kip zonder kop’ wyld om har hinne fladdere. Neist it emosjonele aspekt wat sa’n moardpartij mei him meibringt haw we no ek in praktysk probleem, wy bliuwe mei in itens-oerskot sitten.
dinsdag 7 februari 2017
Taalwrakselingen
Wat is geef Frysk skriuwe dochs dreech om te learen. Ik hie earlik sein net tocht dat it sa yngewikkeld wêze soe. Foar alle skriuwwizen binne regels en as je dy mar yn ‘e holle stampe dan komt it wol goed soene je tinke, mar krekt as it kwartsje begjint te fallen komt der altiten wer in ‘mar’ efteroan. Der binne (yn myn eagen) sawat likefolle útsûnderings as regels. Sa no en dan sjoch ik dan ek troch de beammen de bosk net mear. (en nee de bosk is gjin skriuwfout, it is nammentlik, it bosk blommen en de bosk dy't je troch alle beammen faaks net mear sjogge).
dinsdag 24 januari 2017
Myn smaak net!
De earste les fan de ferfolchkurus, Fryske stavering hat as tema iten. Ien fan ‘e opdrachten is, skriuw in stikje oer wat it apartste is dast ea iten hast. It grappige fan dizze opdracht is dat it wer allegear herinnerings opropt. De earste gedachte dy’t by my boppe komt is postro. Dat haw ik foar it earst iten by myn skoanâlden. Wat fûn ik dat nuver guod. It like wol stisel, hoe kin je dat no lekker fine! De leppel bleau sawat rjochtop stean yn dy plakkerige brij.
Ik wit net iens mear hoe’t smakke allinnich dat ik der kokhalsnigingen fan krige. By my is blykber de foarm, de struktuer en hoe’t it yn ’e mûle oanfielt yn earste ynstânsje bepalender foar wat ik lekker fyn, dan hoe’t it priuwt.
Wêr’t je, kwa iten fan hâlde hat fansels net allinch te krijen mei smaak, mar ek wêr en mei wat foar ytgewoanten je grut wurden binne.
In jier as tsien lyn wie ik tegearre mei in buorfrou en in groep jeugd yn ’e leeftyd fan 16 oant 23 jier yn Súd-Afrika oan it wurk as frijwilliger. Troch de wike holpen we mei oan de bou fan in multifunksjoneel sintrum, we knapten húskes op yn’e sloppewiken en soargen foar wat ferdivedaasje by de bern.
Meastentiids wurken we oant in oer as fjouwer, yn ‘e wykeinen hienen we frij. Yn it kampemint hiene we ús eigen sliep-en wenkeamer, de keuken dielden we mei in oare groep.
Nei it soms best wol ynspannende wurk wiene wy faak bekôf en hienen dan gjin nocht mear om boadskippen te dwaan en iten te sieden. Gelokkich koene we tsjin in lytse fergoeding oanskowe by ús kampgenoaten.
Wykeins gongen we geregeld bûten de doar te iten. Dat wie yn ferhâlding mei wat it iten yn ’e supermerk koste, hielendal net sa djoer.
Johan, de lieder fan it projekt, hie ús in restaurant oanrekkenmandearre dêr’t je lekker en net ûnbelangryk fanwege ús budzjet, goedkeap ite koenen. Op de menukaart stie in yn ús eagen wol hiel apart gerjocht nammentlik: krokodil! Der waard ús ferteld dat it wol wat wei hie fan hin en dat wy dat eins beslist in kear prebearje moasten.
Wy woene us fansels net kenne litte en bestelden sa’n stik fleis. It krokodillelapke seach der goed út en sa roek it ek. Ik wie benijd en snijde der in stik ôf, it witige fleis hie yndie wol wat fan hin. It smakke goed oant ik my fanalles yn’e holle begûn te heljen. Ik analysearre de fleissubstânsje yn myn mûle. It hie dochs wol in hiel aparte smaak en fielde it net wat elastysk oan tusken de kiezzen? By elke hap dy’t ik die, seach ik in grau, grien, skobbich liif foar my.
Wyls myn gedachten hieltyd ôfdwaalden nei dy, grutte, lange krokodillebek dêr’t fan dy ofgryslike, goare tosken útstutsen, hearde ik om my hinne allinne mar positive lûden. Ik kôge dapper troch. It stikje fleis like wol hoe langer hoe taaier te wurden it slagge my mar net om it fuort te krijen. Myn kiel knypte gewoan ticht. De oaren ieten ûnfersteurber fieder, se hienen gjin weet fan myn gewraksel mei it fleis. Sa ûnopfallend mooglik spuide ik it drûchkôge stikje fleis yn in servetsje en skode it mei it board oan’e kant.
Djip fan binnen wist ik dat ik my eins deaskamje moast sa sinnich te wêzen. Hielendal as ik it fergelike mei de swarte befolking yn’e sloppenwiken, dy hiene betiden sawat neat. Mei it lytse bytsje jild wat se hienen koene se heechút it slachtôffal keapje fan de blanke befolking. Keallekop en keallepoaten, dat wie harren kulinêre hichtepunt. Dat lei dan earst in heale middei op sa’n golfplaten dak te bakken yn’e sinne, foardat it op it fjoer kaam. Ik haw gjin idee hoe’t se dat opieten, miskien lepelden se it wol sa út dy skedel, harre krammele! Der wie myn filearre krokolapke fansels hillich by! Mar ja al kin je alles noch sa goed beriddenearje, it gefoel sprekt no ienkear wolris in oare taal as it ferstân!
woensdag 11 januari 2017
De rúthimmelblues
It slimste is noch dat ús hûs sawat alinnich mar liket te bestean út doarren en glês. Byinoar opteld binne dat der, as ik de iepenslaande ruten ek meirekkenje 13, doch dat dan ris kear twa (binnen en bûten) dan haw je der 26 om te himmeljen! Dan haw ik foar it gemak, de boppesten, it hok, de bykeuken en de garaazje, net iens meirekkene.
No dat foel ôf!
Doe tocht ik der ris wat langer oernei en begong te rekenenjen. As je tritich minuten diele troch 26 ruten haw je ûngefear 1 minút en 2 sekonden de tiid per rút. Dan moat je wol as in tornado by de ruten op fleane en dan ek noch blinke as spegels?
Blykber wenje ik yn in strjitte mei rúthimmeljende wonderwomen!
Wol bysûnder! Ik ha se dan drekt ek mar opjûn foar dy nije telefyzjekwis fan Sylvie Meis: wedden dat ik het kan!
zondag 1 januari 2017
Ik soe it sa graach winskje wolle..
Mei hichtes
Of striid
Altiten bliid
It heard faaks wat swier
dinsdag 27 december 2016
Tredde Krystdei
Nei twa dagen swefen tusken himel en ierde, blaasde heit op 27 desimber 1992, ‘tredde krystdei’ syn lêste azem út. Fan dat momint ôf spile alles him ôf yn slowmotion. Yn in rûs bellen we dokter, famylje, en de begraffenisferiening.
Achter it gerdyn waard heit wosken en krige er it pak oan dat al wiken klearlei. Mei wat brilcream foarme mem tusken twa fingers, foar de lêste kear, golfkes yn it pluzige, brune hier. Op’e tafel lei de grutte bril mei de brune glêzen. Dat dy bril op moast, wie in beslút dat gau nommen wie, ommers heit wie heit net sûnder syn bril.
In grutte, swarte lykauto kaam de oprit opriden. Twa man rieden de baar nei binnen. Heit waard oerhevele yn de kiste mei de serene wite beklaaiïng. De stekker ûnder de baar waard oansluten. Fiif dagen lang folle it sêft gûnzjend gelûd fan de koelynstallaasje de romte.
Nei al dat geregel fielde de rit nei hûs, kâld en leech. Ik draaide de radio oan om de stilte te ferbrekken. Heldere bernestimkes fan it kinderen voor kinderen koor songen it ferske: Derde kerstdag.
Op eerste kerstdag zijn alle mensen vrienden,
op tweede kerstdag zijn grote mensen klein,
op derde kerstdag gaan alle deuren open,
kon het maar altijd Kerstmis zijn.
Yn pleats fan krystkaarten, foelen dy wyks, rou- en kondoleânsjekaarten troch de bus.
It wie kâld en griis dy âldjiersdei de dei fan de beïerdiging. Yn in lange staasje brochten we heit nei syn lêste rêstplak. It beferzen gers knispere sêft ûnder de fuotten. De plechtige stilte waard rau ferbrutsen troch it ploffen fan in ferdwaalde voetzoeker.
Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren, by elk sprutsen wurd kringelen wite wolkjes damp omheech. En wyls de kiste stadichoan fieder yn’e beferzen grûn sakke klonken yn’e fierte de doffe dreunen fan karbidbussen.
dinsdag 20 december 2016
Antidepressiva flok of seine
Antidepressiva in flok of in seine!
Antidepressiva doen meer kwaad dan goed", is de boadskip van de Deenske heechlearaar leraar Peter Gøtzsche, ûnderskreaun troch epidemioloog Dick Bijl. Fan de 1,1 miljoen minsken dy antidepressiva slikke, hat 98 prosint dêr neat oan, sizze sy. Boppedat hawwe in soad minsken lêst fan ferfelende bywurkingen.
It artikel docht in soad stof opwaaien! Foar en tsjinstanners fan antidepressiva bringe op forums en sosjaal media in diskusje op gang. Wat der wol net roppen wurdt, ik kin der wol fan koarje. It is nuver dat sels minsken dy’t blykber gjin idee hawwe wat it ynhâld om swier depressief te wêzen, roppe dat it gebeurt wêze moat om dy middelen as in aspirine foar te skriuwen. De bêste stjoerlju stean oan wâl!
Einliks soe dizze hiele diskusje net needich wêze as der mear foarljochting en útlis jûn wurdt oer it ferskynsel en ferskil yn, tiidlike dip en langduorjende depressie en as de rjochtlinen fan húsdokters (langer dan twa wike somberte, slecht ite en net goed sliepe ensafh as depresje oan te merken) mear nuansearre en oanskerpe wurdt.
Doe’t ik in sa’n tsien jier lyn net lekker yn myn fel siet, ferskriklik wurrich wie hertkloppings hie en it leafst de tekkens fier oer de holle luts, frege myn húsdokter wêr’t ik lêst fan hie en hoe lang ik al lêst hie fan wurrigens en trystens hie. No dat wie fansels langer as twa wike, sy begûn toen al foarsichtich oer medisinen, mar ik wegere! Letter bliek út ûndersyk dat it probleem kaam troch myn skildklier, dy wie fierstente te heech. As ik doe net wegere hie, hie ik der miskien no ek oan sitten.
In swiere depresje is fansels hiel wat oars dan in bêste dip, foar in dip is tiid en oandacht faak it bêste en ienigste medisyn. In swiere depresje dertsjisteande is, mei de eangsten en psygaozes dy’t dêrtroch ûntstean kinne, libbensbedrigjend. Boppedat altyd tryst te moede wêze dat is echt in lijenswei. Antidepressiva slikke mei de somtiden aaklike bywurkingen is net neat, mar nei in lange striid faak in lêste striehalm om oan fêst te hâlden.
En ja, wat soe it moai wêze as je sûnder medisinen opknappe kinne fan je eangsten en depresje. Mar it skrinende is dat terapy op maat tsjintwurdich net yn alle gefallen fergoede wurdt en dus net beskiber is foar eltsenien. Dan bliuwt allinich noch mar de GGZ ynstelling oer en dêr is medikaasje no krekt it grutste ûnderdiel fan de hiele behanneling. En mochten je überhaupt foar sa’n behanneling yn oanmerking komme dan binne de wachtlisten ek nochris sa grut dat it keal al ferdronken is foardat..
Medisinen binne dan in seine en faak noch de ienigste opsje om de holle boppe wetter te hâlden!
woensdag 14 december 2016
Kryst mei in gouden rântsje
Ien fan myn moaiste oantinkens oan Kryst is der ien út myn bernetiid.
It wie net spektakulêr mar foar my fielde it hiel bysûnder, it hie wat magysks.
Dy sfear, fan Kryst sjoen troch berne-eagen, ik kin it my sa wer foar de geast helje.
As ik dizze tekst hear : ‘En het geschiede in die dagen..,’ komme dy bylden as fansels
by my nei boppe. It binne bylden fan:
Stjerren makke fan papier, royaal bestruid mei sulveren glitters.
Fan smelle, hege, ikehouten banken en it kreakjen fan ‘e houten flier.
Fan de preekstoel mei it houtsnijwurk en rântsjes fan franjes yn ‘t grien
Fan griis-griene lambrisearring tsjin hege wytkalke muorren.
Fan wite kersen yn selsmakke kersestanners.
Fan papieren krystklokken yn ‘t read, as in harmoanika iepenteard.
Fan stille nacht, heilige nacht.. en.. vrede op aarde, in de mensen een welbehagen…
Fan it boek dat we al wiken fan te foarren útsocht hiene op de lange boekelist .
Fan de hite poeiermolke, dêr’t ik myn tonge oan baarnde.
Fan sûkelade dy’t yn’e hannen raande.
By it fuortgean it pûdsje by de doar mei in sinasappel.
It binne bylden fan it skoalkrystfeest yn it lytse herfoarmde tjerkje fan Lollum.
De weromreis stiif tsjininoar oan op de achterbank fan de auto, it tsjustere paad del nei hûs.
Thús knipperen de kleurige lampkes yn in bûntfersierde krystbeam.
Op ‘e tillefyzje draaide de film: Het meisje met de zwavelstokjes.
Ik libbe sa mei dat earme famke mei dat yn dy izige kjeld by de doarren del moast om lúsifer te ferkeapjen, op dat momint besefte ik hoe goed ik it hie. Ik hie famylje, ik hie iten en in dak boppe de holle, ik fielde my lokkich en tefreden.
It wie in Kryst mei in gouden rântsje!
maandag 5 december 2016
Frysk skriuwe
Leare om Frysk te skriuwen is:
Krekt salang stinne
En oefenje oan’t jo it kinne
Fan dy en dei
En my en mei
Fan in en yn
En myn en dyn
Fan alle dagen, en net else dei
En it falt wol, mar net mei
Fan wyt en wiet en wiid
It is en bliuwt in striid
De ú, en û en oe
Ik kin, do kinst, ik koe
Ik búk, in boek, in toer,
Ik knoffelje der betiden oer
in echte Fries
Giet net oer ien nacht iis
In ljepper springt oer sleatten
Mar in tichte doar is sletten
Een net-Fries dy wurdt boas
Want yn’t Hollânsk betsjut ’t wer wat oars
Sa ha je ’t faaks gau bedoarn
Mar dêr lûk ik my neat fan oan
As grutke Frysk hâld ik ús taal yn eare
Sa’t bern en bernsbern 't net ferleare
zondag 6 november 2016
It is mar in k*t kluske mar toch..
Ik bin dwaande moed te sammeljen, mar ik skytskoarje der wat tsjinoan en sko it wer op ’e lange baan. Al wiken hinget it formulier yn ‘e keuken oan it prikboerd. Moarn doch ik it echt, ach miskien is oare wike ek noch wol op tiid genôch. Hieltyd wer stel ik it út!
Bin ik no sa’n oansteller of soenen mear froulje wêze dy't lêst hawwe fan dit probleem. It stiet my sa tsjin, it foarútsicht om dêr iepen en bleat mei myn fuorten wiid yn ûnmacht te lizzen, om ferfolgens in stik middeliuwske ark nei binnen skoot te krijen. En dan dat gefoel as se mei dy lange wattenstaaf yn myn liif om riere!
De hiele hanneling hat net iens folle om ‘e hakken en dat it slim sear docht kin ik eins ek net sizze. It is te fergelykjen mei it weeïge gefoel sa’t je dat hawwe kinne ûnder yn je búk, wannear’t je te hurd oer in brêge ride, mar dan wol sa hurd dat it net mear noflik fielt!
De ôfspraak stiet, ik doar it suver net te bekennen mar ik bin gewoan senuweftich.
Ik wit it, ik meitsje it grutter dan it is. Ik ha wier wol foar hitere fjoeren stien, ik ha notabene trije bern op’e wrâld setten en al trije kear in operaasje hân, dan moat dit dochs in piece of cake wêze soene je sizze. Mar hoe’t ik it ek beriddenear ik bliuw it in crime finen.
vrijdag 4 november 2016
Neat is wat it lyket
De kofferbak, brún fan de rust, hat hjir en dêr in flinke opdonder hân. De hiele boppekant sit ûnder de stront. Yn de râne tusken motorkap en rûtewissers, leit in drekkige smots fan heal fertarre blêden en oranje beien, hjir en dêr komt sels in sprút gers boppe.
It lyket wol oft dizze auto moannen lang net fan syn plak west hat.
It makket my nijsgjirrich, ik freegje my ôf wa’t der by heart of heare.
Myn fantasy giet mei my op ‘e rin, ik byldzje my in famylje yn al la Flodder.
De famylje F. is net fan plan jild te beteljen om yn eigen strjitte te parkearen, dêrom stiet harren auto tenei yn ‘e foartún!
Op in moaie simmerdei, se ha krekt de kofferbak folladen mei kratten en lege flessen, hâld de auto der mei op, wat se ek besykje hy wol net starte al is ‘t noch sa. Jild om it âld lel nei in garaazje te bringen is der net, dus stiet er dêr no tusken twa fytsen, in waskmasine en noch wat oar âld izer te fertutearzjen ûnder de beiebeam.
Se slúte de startkabels oan, mem Flodder nimt plak efter it stjoer, se wacht oant se in teken krijt fan de amateursleutelaars, draait de kaai om en trapet it gaspedaal ta de boaiem in. De motor jankt en sputtert dde.. rrrr.. Dddd…. Rrrr.. rrddd…rrrrrrr.. wwwroemmmm.. ! Wyls de auto waarm stiet te draaien, dopje se ien, goaie de lege fleskes by de rêst yn’e kofferbak en stappe yn. Op, nei de supermerk!
Oant safier myn fantasy, de boadskippen moat helle. Wyls ik systematysk myn boadskipbriefke ôfwurkje, gnúf ik wat nijsgjirrich om my hinne. By de bôle stiet in man yn in, foar syn bierbúk, te koart, ferwasken t-shirt en in swarte trainingsbroek, de tsjokke fuotten yn te krappe toffels.
Sa no en dan besiket er syn shirt dêl te skuorren , mar troch it rinnen strûpt it hieltyd wer omheech. In frommes yn in swarte flodderjurk triuwt it winkelweintsje en lêst him lûdop de boadskippen foar. De hiele winkel troch hear ik se protteljen en snauwen oer wat der al of net yn it boadskipkarke mei moat .
By de kassa stean ik wer efter harren, ik bin benijd, mar einliks wit ik it wol seker, dizze twa heare by, “de auto.”
By de fersmoarge auto stiet in âld wyfke mei in rollator. In meiwurker fan de buertsuper set de boadskippen foar har op de efterbank klapt de rollater yn en wrakselet it ding yn ‘e kofferbak. Mei muoite lit se harsels yn’e auto sakje en ploft del op ‘e bestjoerdersstoel. Net oertsjûge fan de riidkeunsten fan it âld wyfke, (Ik stean rjochts fan har parkeard) wachtsje ik even mei fuortriden, werom it sa lang duorret is my in riedsel. Ik sjoch even opside wêr't se mei dwaande is.
Se bûcht de holle foaroer en slacht de hannen foar de mûle, it lyket wol oft se net goed wurdt. Och hearkens, se moat spuie, se makket in kokhalzjende beweging.. Krekt as ik myn holle fuortdraaie wol, komt se wer oerein, mei ferbazing oanskouw ik de opbringst fan it oerjaan. Yn har linkerhân dy’t op it stjoer leunt, hâld se it ûnder en boppegebit omheech, mei de oare hân fisket se in plestik bôlepûdsje út it dashboardkastje en lit de tosken der foarsichtich yn glydzje. Dan start se de auto jouwt flink gas, riid yn in floeiende beweging efterút, en fuort is se!
maandag 24 oktober 2016
Help..
Ik hie de gang der aardich yn op myn bloch, elke twa wyken in stikje skriuwe, ik hie ynspiraasje genôch, mar ynienen stagneert it. Wat ik ek skriuw ik fyn it net goed genôch, net ynteresant genôch en myn Frysk, no der is it nedige ek op oan te merken. Boppedat wa sit er no te wachtsjen op in ferhaaltsje fan my. Foarhinne buorrelen de ferhaaltsjes en ûnderwerpen yn in rap tempo by my omheech en wist ik hast net wêr’t ik it earst en lêst oer skriuwe soe, no tink ik wer moat ik it yn fredesnamme oer ha!
dinsdag 11 oktober 2016
Killer clown
Syklike figueren dy’t ferklaaid as de horrorklown (killerclown) út de grizelfilm IT, harren ferskûlje efter beamen, auto, ’s of wat dan mar om ûnskuldige slachtoffers op te wachtsjen (t leafst bern of immen dy’t alinne is fansels) om se ferfolgens efternei te sitten mei al of net echte messen en bilen. Ach ja sa dreech ist net, gewoan eefkes nei Xenos, Blokker of Action, in prûk, masker, in pear drakulatosken en in bile of mes mei nepbloed en klear bin je. Dan ist alinne noch wachtsjen op dat glorymomint.
Mislike grappen dy’t grutte ynpakt hawwe kinne op je gefoel fan feiligens, je kinne der wol in trauma oan oerhâlde! Dêrom wol ik no protestearje tsjin de halloweengekte en rop ik filliaalhalder’s op om dat yslike guod út de winkels te heljen en allinich romte te meitsjen foar feesten as Sinteklaas en kryst! Ellinde is der tenslotte al genôch op 'e wrâld!
vrijdag 30 september 2016
Swarte Pyt
De hjerstfakansje is noch mar krekt foarby of it geouwehoer oer swarte Pyt set wer útein. De kinderombudsman hat yn in rapport fêststeld dat de figuer Swarte Pyt, letterlik sitearre: “een karikatuur is en een voedingsbodem voor discriminatie en racisme,” en dêrom yn striid mei de rjochten fan it bern. Der wurdt sein dat bern it as diskriminearjend ûnderfine en dat soks rûn sinterklaastiid bot slimmer wurdt.
No kinderombudsman, ik wit net mei wa oft jo om tafel sitten ha, mar ik tink net mei de bern út ús doarp, ommers ús bern wurde al generaasjes lang diskriminearre. By ús is dat hiel gewoan. Miskien skrikke jo hjirfan en freegje jo jo no ôf hoe't dat samar sa kin. Dat sil ik jo sizze, dat komt nammentlik fan de iuwenlange tradysje om bern te ferneamen. Hjirtroch kin it foarkomme dat der binnen ien famylje, fjouwer of fiif bern binne mei de namme Klaas, Durk of Pyt(er) en hoe moat je die no útelkoar hâlde? Just, krek, dat doch je troch bepaalde opfallende kenmerken te beneamen en die te kombinearjen mei de namme. Dus as Klaas tafallich read hier hat en Piter swart of brún, dan ist by ús hiel gewoan om te sprekken fan reade Klaas en brúne of swarte Pyt(er). Sa ist foar eltsenien fuortendaliks dúdlik oer wa’t je it hawwe. En fiele sy sich hjirtroch diskriminearre? Ik tink earlik sein fan net.
Rûn sinterklaastiid wolle alle bern graach swart sminke wurde om op swarte Pyt te lykjen. Swarte Pyt wurdt troch harren net besjoen as it sielige sloofke fan Sinterklaas, nee swarte Pyt is tige populêr. Swarte Pyt stiet foar aksje, hy is stoer, klimt op it dak, goait mei pipernuten, lit him samar troch de skoarstien sakje om nachts de skuon te follen en pakjes te bringen. De measte bern binne slocht op swarte Pyt. Sinterklaas dertsjinsteande wurd wol in bytsje sielich delsetten, hy is stadich yn alles, yn syn rinnen en syn praten en troch syn minne ûnthâld moat er altyd in grut read boek mei tôgje dêr’t er alles yn opskriuwt en dan noch ferjit er wolris om hjir en dêr in pakje lâns te bringen. Ik bin suver in bytsje benaud dat troch dizze karikatuer aanst in hiel oare groep minsken sich diskriminearre fielt!
dinsdag 13 september 2016
Fiiftig!!
‘Wat fynst der no fan dast fiiftig wurdst?’ freget myn man. ‘Ach it is mar in getal,’ sis ik, ik fiel my noch krekt itselde as tweintich jier lyn en dat sil moarn wol net oars wêze. Fiiftig, och hearkens wat docht men der betiden krampeftich oer. Prachtig as jo der fan hâlde, mar grutte spandoeken en opblaaspoppen yn’e tún, it is oan my allegear net besteed!
Fiiftig, hoewol’t ik fan plan wie my der net drok oer te meitsjen, spookt it getal my dochs mear troch de holle dan my leaf is. Mei in lichte skok realisearje ik my dat ik dan oer tweintich jier santich wurd! Bliksem... dat klinkt net iens sa’n hiel ein mear fuort! Sa hie ik it noch net hearder besjoen.
Tweintich jier, ús nije ferwarmingstsjettel is fan 1996 it klinkt my noch sa farsk yn ‘e earen mar it nije is der ûndertusken al fanôf, we binne al wer tweintich jier fierder. Sa hurd giet tiid, wat juster noch nij wie is hjoed alwer âld!
De drang om my âlder foar te dwaan, kaam tink ik troch myn plak yn de roedel. Ik wie (tegearre mei myn twillingsus) de jongste thús en hie net folle yn te bringen, as ik al ris wat fan my hearre liet, waar ik ûnferbidlik wer te plak set mei in opmerking as, ‘Wat soest do no lyts piest of bist amper droech efter de earen!’
Foar my stie âlder wêze foar mear oansjen en respekt, dus fantasere ik as it sa útkaam der wolris in jier by. Ik fielde my dan hiel wat as ik âlder skatten waar dan myn werklike leeftyd.
Njoggenenfjitich of fiiftig, ik fiel gjin ferskil it wichtichste is dat jo jo sûn fiele! Ik ha de jierdeiwinsk, ‘ik hoop dast der in soad jieren yn sûnens by krije meist,’ faak sûnder omtinken útsprutsen, mar op it momint dat jo konfrontearre wurde mei sykte en it net mear sa fanselssprekkend is dat jo der jieren by krije, dan komt de betsjutting fan dy wurden wol hiel bot binnen.
Ik bin o sa bliid dat wy, myn leave twillingsus en ik, der noch in hiel soad jieren by krigen ha en ik hoopje op noch folle mear derby yn sûnens!
woensdag 31 augustus 2016
Fomo
F.O.M.O, Fear Of Missing Out, is de Ingelske beneaming foar dit fenomeen. In nij ferskynsel fan dizze tyd. Miene dat je neat misse kinne, oerol by wêze moatte en it dertroch hiel drok hawwe. En dan bedoel ik net, it drok hawwen op it wurk of op skoalle of sa, nee it drok hawwe yn je frijetiid..
Njonken de deistige beslommeringen en ferplichtingen is der san grut oanbod oan frijetijdsynfulling, dat guon minsken der yn ferslaan. Dat iene feestje kin je echt net misse, die nije musical moat je toch echt sjoen hawwe en dat konsert dêr moat je echt west wêze om mei prate te kinnen. Dêrneist binne der dan noch faak de wyklikse sportlessen, workshops en kursussen.
It wurdt echt in probleem as je gjin kar mear meitsje kinne, bang dat je binne om ek mar wat te missen (fear of missing out). Nei de opkomst fan de smartphone is dit noch slimmer wurden. Ha je einlik de kar makke om nei dy musical te gean wêrt je al sa lang sin yn hienen, wurd je op Facebook, SnapChat, Insta en sa, konfrontearre mei spannende foto's en apkes fan dat feesje wat je mist hawwe... dus krij je wer spyt dat je dat sjitte litten ha.
It gefolg kin wêze dat je hielendal gjin keuzes mear meitsje mar alles san bytsje heal dwaan gean. Hurd hjir hinne, gau dat noch efkes ôfraffelje en op it plak fan bestemming facebook tsjekke, om te sjen wat er earne oars bard is.
Konfersaasjes ferrinne dan soms ek hiel dizich, der wurdt net mear goed lústere, minsken bin der net mei de kop by. In petear ferrint dan ûngefear sa, tsjinoer mekoar sitte mei de holle in bytsje nei beneden, gjin eachcontact ” uh hmm.. oh , ja sorry hjer, wie efkes wat oan it lêzen, wat seidest?” úterst irritant!
Sa is men fanalles oan it neijeien en ha je it yn je frijetiid sels drok! By de jeugd is it hielendol slim dy skamje harren der net iens foar, sitte se gesellich byinoar, op in richje allegear op harren mobiel te appen en te skrollen. Konsintrearje op ien ding is ek hiel dreech, bin je krek dwaande mei it iene, trillet it mobyltsje wer, dochs mar efkes sjen nei dat apke of snapke, je soene ris wat misse kinne no.
Wêr is dy tiid bleaun dat je hearlik kochjend op in gersspriet nei de wolken leinen te sjen? F.O.M.O, lestich hjer as je hjir oan lije!