Wedzje om in ko
Wolkom by Ypie blogt. Myn doel is alle moannen te bloggen om skriuwmeters te meitsjen en ûnderfining op te dwaan. Der falt noch in soad te learen (ûnder oaren Fryske stavering) en fansels bin ik ek hiel nijsgjirrich wat der yn 'e smaak falt en wat net. Myn motto is: Doch mar gewoan! Ik hoopje dat minsken mei nocht myn blochs lêze en in reaksje efterlitte, sa't ik dêr wer fan leare kin.
woensdag 15 november 2017
Wedzje om in ko
Wedzje om in ko
dinsdag 17 oktober 2017
It âlderlik hûs
We moasten it stik yn 15 minuten skriuwe en mochten net skave en plakke. Ik haw de wurden yn it frysk oersetten, dit is het ferhaaltsje wurden. It is fiksje mar fansels sitte der alten wol werkenbere eleminten yn.
De kringloop naam de datearre sofa, de swiere ikehouten yttafel mei bypassende stuollen en it âlde grenen ledikant mei.
donderdag 14 september 2017
Oade oan myn twallingsus
Leave twallingsus
Hjoed is it ús bertedei en fannacht tocht ik wer eefkes werom oan ús jierdei fan njoggen jier lyn. Wat stiene we der doe oars foar. Do sietst midden yn it trajekt fan gemo-kueren. De gemo dy’t troch har ferneatigjende wurking net allinich kankersellen mar ek dyn sûne sellen ferwoesten, fan it hier oant de nagels fan ‘e teannen ta. Dyn hiele ôfwarsysteem waard ûndermine. Deawurch waardst dêr fan.
Net allinnich lichaamlik ek geastlik hiest hiel wat te fernearen. Tergjend lang wachtsje op útslagen fan foto’s, biopten en scans, de wiken, dagen en oeren kroepen foarby. Wat my noch hiel goed by stiet is it wachtsjen op de útslach fan de botscan. Ik wie der gewoan siik fan, sa bang wie ik om dy kwyt te reitsjen. Wat moat dat foar dy in hel west hawwe.
Om elkoar te sparjen sprutsen we ús eangsten mar summier nei elkoar út. Dat wie dyn oerlibbings-strategy, alles wat je oandacht jouwe groeit en dêr’t je it net oer hawwe dat is der net. Wat moatsto dy iensum field hawwe yn dat proses. Dochs, wistesto dy alle kearen wer op te rjochtsjen. Ast dy ek mar in bytsje knap fieldest dan staptest, om de sinnen te fersetten, wer op ‘e fyts.
De holle leechtraapje wie dyn manier om te ûntspannen en te ûntsnappen oan dy oare wrâld. De wrâld fan wachtkeamers mei keale, bleke hollen, fan lange wite jassen en dripkjende ynfuzen, fan dy typyske sikehûsgeur fan ûntsmettingsmiddels en grientesop yn plestik bekers. Sikehûssop, de gedachte allinnich makke dy al mislik.
Underwyls binne we hast tsien jier fieder. Noch hieltyd moast alle dagen medisinen ynnimme dy’t ferfelende bywurkingen hawwe, mar ik hear dy noait kleien. Do soest it graach foar altyd achter dy litte wolle, mar dat slagget noait hielendal. Alle kearen wurdst der troch de jierlikse kontrôle wer mei de noas boppe-op drukt en alle kearen is’t wer spannend; Wat no as... like hurd as dy gedachten by dy boppekomme troppest se ek wer fuort.
Wat ik sa yn dy bewûnderje is dyn keunst om oeral it bêste fan te meitsjen. Do besikest altyd it positive yn it libben nei foaren te heljen en te genietsjen fan it moment. Dat is net alten maklik, mar it is in keuze dy'tsto makkest, in keuze dêr'tsto alle kearen wer dyn stjonkende bêst foar dochst! Dat yn kombinaasje mei dyn humor -want boppe-al kinst ek oergryslik laitsje - skuort dy der alle kearen wer trochhinne.
Do bist dejinne fan wa’t ik leard haw, net te wachtsjen oant de stoarm lizzen giet, mar om te dûnsjen yn ‘e rein! Te libjen en te ferwûnderjen as soe it dyn earste en lêste dei wêze! Ik bin tige bliid en grutsk dasto myn twallingsus bist.
Leave sus, ik ❤ fan dy, lokwinske en in dikke tút, fan my! 💋
PS, as ik in plaatsje foar dy oanfreegje mocht dan soe it dizze wêze: Ik haw dy leaf, fan Syb van der Ploeg:
Ik haw dy leaf myn hiele libben
it is mear as hâlden fan
it is of asto yn myn bloed sitst
en ik kin der neat oan dwaan...
Ik haw dy leaf, ik haw dy leaf,
ik haw dy leaf, wat moat ik sûnder dy
it bin mar fjouwer lytse wurdsjes
en al makket ús dat soms wat bang,
ik haw dy leaf, mear as alve stêden lang.
woensdag 6 september 2017
It went net!
Mei in pear freondinnen is se oan it netfliksen. Se tôgje mei flessen en glêzen nei boppen. Foardrinke nimme se dat. 'Net te mâl hin,' sis ik. Miskien net pedagogysk ferantwurde, mar ach we binne sels ek jong west, boppedat wurdt alles wat je ferbiede faak net folle ynteresanter?
As ik it fergelykje mei wat wy útfûnen op dizze leaftyd, dan dogge se it net sa min! Wat ik folle slimmer fyn, is dat lette op stap gean. Op tiden dat wy eartiids thúswêze moasten, begjint by har de jûn pas. Sawat alle wykeinen wurdt der in hiele nacht trochhelle en de oare deis is se fansels sa min as potstro.
Tsjin tolven sil it noch in kear wurde.
'Net te mâl en net allinich fytse hin,' rop ik har standert nei, it antwurd is in wat irritearre 'Jaaha..!’
Sy giet út en wy krûpe deryn.
Om klokslach fjouwer oere wurd ik wekker, ik smyt it dekbed fan my ôf en rin nei har keamer. Hoeden druk ik de klink nei beneden, it bêd is noch ûnbesliept. Ik krûp wer yn myn eigen bêd. Tusken weitsen en sliepen troch hear ik de tsjerkeklokken slaan, 1 kear, 5 kear, 1 kear... De meast akelige horror-senario's spoke my troch de holle.
It is al ljocht as ik de kaai yn it slot draaien hear. Se rommelet wat yn ‘e keuken, spielt de wc troch en besiket sûntsjes nei boppen te slûpen. De treppen kreakje. De sliepkeamerdoar wurdt krekt wat te hurd tichtlutsen. Mei in gerêst hert draai ik my om. Gelokkich, se is wer feilich thús!
woensdag 16 augustus 2017
Ferbrutsen belofte
Ferbrutsen belofte,
Se hiene elkoar tasein
dat neat oars as de dea
harren skiede soe.
Troch in bytsje te nimmen
en in soad te jaan,
hold dy belofte al jierren stân.
In blieding yn 'e holle
en har doarmjende geast
makken spitigernoch
oan dy tasizzing in ein.
Soarch-ynstânsjes sutelen
mei har hinne en wer
op 't eindsje beslút
waarden se hurdhertich
útelkoar lutsen
nei 65 jier it kostber verbûn
rau verbrutsen..
No sit sy hjir en hy dêr.
maandag 7 augustus 2017
Altyd foar de wyn
Altyd foar de wyn!
Minsken op in e-bike fynt se mar suertsjes, fral malju op sa’n ding dêr knapt se sa op ôf!
Dy wurden lies ik in skofke lyn yn in kollum fan in bekende Fries. No bin ik gjin man, mar ik fielde my wol in bytsje yn ‘e sek rekke. Ik bin nammentlik sa’n ‘suertsje’ op in e-bike, mar earlik sein werken my hielendal net yn dat profyl. Ik fyn mysels best stoer en skamje my net foar myn elektryske foarkar!
Waarmte, kjeld, hurde wyn of in snitterke rein, ik maal der net mear om! Ik flean de wrâld út en ik haw alten foar de wyn.
Underweis sjoch ik fan alles, fûgels dy’t sweve op ‘e termyk, moaie wolkeloften, bermen fol mei wylde blommen of in mûske dat de dyk oerstekt, dat binne fan dy dingen der kin ik fan genietsje. As automobylist gean je der oan foarby.
Ik fyn it hearlik sa lekker yn de frisse bûtenlucht te wêzen en de wyn troch it hier te fielen.
Meditaasjeskursussen, yoga of mindfullnes, ik haw der gjin ferlet fan. Lit my mar lekker traapje. Ik fyts myn kop leech.
Boppedat, alles wat ik fytsende dwaan kin, dêr lit ik tsjintwurdich de auto foar stean en dat is no wer hartsikke goed foar it miljeu.
Ik fyn dan ek dat ik hiel goed bezich bin! Al fytsende ferbrûk ik gjin fossile brânstof en stjit dus ek gjin skealike gassen út.
Yn pleats fan my in suertsje te neamen fyn ik dat ik eins wol in skouderklopke fertsjinne haw.
Minsken dy’t foar else hoannestap de auto pakke dat binne pas suertsjes!
dinsdag 25 juli 2017
Man lit pimel sjen.
Man lit pimel sjen.
Ik doar te wedzjen dat dit dyn nijsgjirrigens wekt, by my hat it yn els gefal wol dat effekt.
As B.N.M-er folgje ik it nijs net alle dagen, mar ik waard attindearre op it folgjende berjocht mei de fraach, is dit geef-Frysk? Moandei 24 july stie dizze kop op teletekst fan Omrop Fryslân: Man lit pimel sjen. Myn hert makke gewoan in spronkje, hjir hâld ik sa fan! Ja, begryp my net ferkeard, net fan dy man dy’t syn pimel sjen liet, mar fan dy kop boppe dy tekst! Gjin moaipraterij, gjin wurden mije, net subtyl omskreaun, mar bats boem, rjocht foar de raap, it bist by de namme nimme: Man lit pimel sjen! Sa,n kop stekt daliks boppe alles út (letterlik en figuerlik 😉) it falt op en makket nijsgjirrich, it nûget sels de slimste B.N.M-er út om fieder te lêzen.
Op de teletekst fan de NOS lies ik it folgjende: Man opgepakt na het plegen van zedenschennis. Hiel kreas omskreaun dêr net fan, mar je haw werklik gjin idee wer’t it om giet. Hat ien syn spultsje sjen litten, miskien in taast ûnder in rokje dien of foto’s makke yn iepenbiere húskes? Gjin idee! Wat dat oanbelanget soe de NOS in foarbyld nimme kinne oan Omrop Fryslan. ‘Man toont piemel,’ wit je ynelsgefal daliks wer’t it oer giet en hoech je earst net it hiele ferhaal te lêzen om dêrnei te konkludearjen dat je noch fan neat witte!
Rjocht foar de raap wêze kin útnûgje om fierder te lêzen, mar ek it fuort litten fan ynformaasje kin prikelje om fierder te lêzen. Hast dy de hiele tiid fansels al ôffrege wat de ôfkoarting B.N.M- er betsjut. Miskien hast it sels al googled of sa. No op google silst it net fine, it is nammentlik in ôfkoarting dy’t ik sels betocht haw. In ôfkoarting dy’t ik mei opsetsin net ferklearre haw om dy te ferlieden it hiele ferhaaltsje út te lêzen! Ik nim mysels in B.N.M-er in Bewuste Nijs Mijer. Ik mij bewust it nijs.
Ik haw oan mysels murken dat ik inerlik folle rêstiger bin as ik net alle ellinde fan ‘e wrâld yn my opnim.
No binne der alten minsken dy dêr nochal kritysk op reagearje, dy’t fine dat je dermei de eagen slute foar alles wat der oan ‘e hân (mis) is yn ‘e wrâld. Ik gean dêr fierder net oer yn diskusje, mar jou plan-út ta, ja dat is sa. Ik stek bewust de kop yn it sân om sa positiver yn it libben te stean! It is net sa dat ik hielendal gjin nijs mear folgje mar ik lês bewuster. Ik filterje, lês allinne dat wat ik wichtich of ynteressant fyn, mar wês earlik sa’n kop: Man lit pimel sjen. Dêr is dochs els nijsgjirrich nei!
vrijdag 30 juni 2017
Als de rook om je hoofd is verdwenen!
Skriuwersark
De Feanhoop 30 juny 2017
Als de rook om je hoofd is verdwenen!
Ik bin dizze lêste dagen wat yn it gasteboek oan 't sneupen en lês oars net as hoe geweldich elk hjir opsjitten is mei syn of har skriuwerij. Ik woe dat ik dat ek sizze koe.
Ik ha hjir seis wiken oan it wrakseljen west mei it libbensferhaal fan ús mem. Wraksele mei perspektyf, struktuer en tiid, no ja ik tink sa ‘n bytsje mei alles wer’t je as begjinneling tsjinoan rinne. Letters stean der genoch op papier, mar noch lang net nei ‘t sin. Ik wit ek wol wêr't it oan leit, ik wol te moai skriuwe om yndruk te meitsjen, want hawar ik sit wol yn ‘t skriuwersarkje! Troch dy moaiskriuwerij fielt it net mear as mem har ferhaal. Mem soe datsoarte wurden net brûke. Doch mar gewoan, dat is har libbensmotto, dêr moat ik my oan fêsthâlde. Ik skrap hiele haadstikken en werskriuw de earste siden. As ik aanst thús bin moat de hiele brot mar wer oer de kop helje om dêrnei op 'e nij te skaven en te skrappen!
Utsein it skriuwersgewraksel haw ik in prachtige tiid hân. Dit arkje hat wat magysk, der hinget hjir sa’n positive enerzjy, it docht wat mei my! Ik haw genoaten fan de rêst fan de natoer.
Als de rook om je hoofd is verdwenen, sjongt Bouwdewijn de Groot sa moai. Dat gefoel hie ik hjir echt. Fier fuort fan wrâldsk gerûs, ticht by mysels. Ik haw hjir leard dat ik hiel goed oer allinnewêze kin. Ik haw my net in momint iensum field, ik leau dat ik dêr earder lêst fan haw ûnder de minsken. It is hjir sa moai, ik wit eins net wer’t ik ’t earst en lêst oer fertelle sil. De stilte, oars neat as gelûden fan de natoer, in ree dy’t foar my oer yn ‘t it wetter sakket, ik bin der troch rekke.
Dat ik sa eufoarysk bin oer alles wat ik hjir heard en sjoen ha, komt sels yn myn dreamen werom. Sa dreamde ik oer in iisfûgel. Net in gewoanen ien, nee in iisfûgel sa grut as in goes. Dy dûkte hjir lyk foar my it wetter yn. De sinne wjerkeatste op de metallyk-blauwe flerken en rûnom strielde in krâns fan ljocht. It seit tink ik wol genoch oer hoe’t ik myn tiid hjir belibbe haw. Mar der is in tiid fan kommen en fan gean. Ik moat dit prachtige plakje wer ferlitte, miskien is ‘t wol it bêste sa, fuortgean as alles noch sa goed fielt. Foar’t ik de doar tichtlûk fan it plak der’t ik mei safolle nocht wêze mocht, knik ik noch eefkes nei syn portret. Rink van der Velde, grut yn ’t gewoanwêzen.. tankewol..!
Groetnis Ypie Haitsma Bakker
zaterdag 3 juni 2017
Petgat prakkesaasjes
Freed 2 Juny 2017☀️
Petgat prakkesaasjes
Snetterje, plûnse, spatterje, gûnzje, stil is ’t hjir abslút net! De kikkers kwake oerstjoer, no ja kwake? Neffens master Elzinga wie der by dizze amfibyen gjin sprake fan kwaken, einen kwake, mar kikkerts makken neffens him in hiel oar lûd. Master hie dêr blykber in stúdzje fan makke en mocht dat graach demonstrearje. Dat byld fan master dy't in kikkert neidocht, ik kin ‘t my sa wer foar de geast helje….. Rik kik kik kwâ… de klam op de bylûden... rrrikikik kwââ.. Mei in kokhalzjende beweging spuide er dy kwâ der út.. kwââ...
Master besocht ús net allinne boekewiisheid mar ek libbenswiisheid by te bringen en dat koed er hiel byldzjend dwaan. Ien fan syn ‘stokpaardjes’ wie: ‘De mensen willen altijd maar meer en meer, maar als je zo doet,’ en dan sprate er de earms wiid út om se dêrnei as in soart fan omkearde swimbeweging nei him ta te heljen, 'dan verzźzuip je…' en by de zzzz.. fan verzuipen siste er as in falske slang, de flibe rûn him by de mûlhoeken del. Ut ’e bûse fan syn brún mansjesteren broek helle er dan in grutte ljochtblauwe bûsdoek, fage him even om ’e mûle en gong dan wer ûnfersteurber fierder mei de les.
Master wie strang dochs rjochtfeardich, mar der wie ien ding der’t er beslist net fan hold en dat wie ferklikke. Bram mocht alten graach narje en makke tankber gebrûk fan dat prinsipe. As er sa spotgnyskjend om him hinne siet te gnuven wyls er justjes read oanrûn, wisten wy in ‘e regel wol hoe let oft it wie. Mei syn stildeunske aksje krige er de hiele klasse op ‘e kast. De lucht dy’t him stadichoan troch it lokaal ferspriede wie werklik net te hurdzjen. Fansels wie der altiten wol sa' n klikspaan dy't de finger opstuts: ‘Meester, Bram heeft in scheet gelaten.’ Master smoarde dat klikken fuortendaliks yn ‘e kym mei syn antwurd: ‘Allemaal in neus vol dan is het zo weer weg!’ Lydsum bûgden we ús dan mar wer oer de boeken yn ’e hoop dat master gelyk hie. Bram syn triomf wie grut. Hy siet him te ferknûkeljen achter syn skrift. Foar de safolste kear kaam er der wer mei fuort.
Hoe kaam ik hjir ek al wer op, och, ja troch dy kikkerts!
Ik sit op it bankje wat dreamerich foar my út te stoarjen. Oan de achterkant fan de ark, ûnder it blêdedak fan de wylde kastânje is ’t gau tsjuster, mar hjir boppe it ’t wetter bliuwt it lang ljocht.
It is myn twadde wike hjir al wer. De tiid fljocht oant no ta foarby. It is alle dagen waarm sinneskynwaar en sels op ’e jûntiid is ‘t noch lekker bûten en dat foar begjin juny, ik haw wier net te klaaien.
De natoer yn it petgat is prachtich, Ielstikel, Wetterleelje, Pompeblêd en Barchjeblom alles stiet tagelyk yn bloei. Boppe it wetter fleane brune helikopterkes en blauwe juffers. Ferline wike swom er sels in ree foar it arkje oer. It is hjir sa fredich, dy serene rêst dy’t hjir hinget, (rêst net stilte) is gewoan net te omskriuwen, ik fiel my dan ek in befoarrjocht minskebern.
maandag 22 mei 2017
Dreamen
De auto rôlet achterút de berm yn.. Ik sit achter it stjoer, de bern achteryn, gebalt en geraas op de achterbank…panyk … as in gek traapje ik op de rem mar de auto rollet gewoan troch. Ik set my sels skrap.. skuor út alle macht oan de hânrem… we glydzje fieder en fieder de wâl yn. De kofferbak stream fol wetter... mei it swit op ‘e kop wurd ik wekker.
It is in dream dyt sa no en dan weromkomt.
In oare weromkommende dream is dat ik ferjitten bin my oan te klaaien. Ik gean gewoan de doar út en ik bin my fan gjin kwea bewust. Midden yn ’e drokte kom ik der ynienen achter dat ik gjin klean oan haw, ik fiel my sa neaken ik kin wol troch de grûn sakje!
Ferline wike hie ik wer sa,n wûnderlike dream.
Ik bin yn ’e studio fan omrop Fryslân en presentaerje in radioprogramme. Yn ’e studio stiet in kast fol mei âlde singeltsjes. Still loving you, Proud Mary, Hotel California, Je t ’aime allegear âlde nûmers mei oantinkens. Ik draai de iene nei de oare en fiel my as in bern yn in boartersguodwinkel.
Wat plaatsjes draaie leit my wol, mar op it momint dat ik de boel oanelkoar prate moat, giet it mis.
Myn mûle giet iepen, myn lippen foarmje de wurden, mar der komt gjin lûd út!
It bloed stiigt my nei de wangen, ik moat gau wat fersinne. Ik nim de mikrofoan mei nei bûten en begjin yn it wylde wei foarbygongers te ynterviewen. De gesprekken komme mar net fan ’e grûn. Ik flean wer nei binnen, om tiid te follen draai ik mar wer in plaatsje. Je t’aime.. je t’aime..O, oui je t’aime…
Ynienen bin ik yn bar-dancing Don Pedro. Ik hingje oane bar en folgje de bewegingen op ‘e dûnsflier. Ik drink de iene nei de oare rum-kola. Pearkes glydzje yn slowmotion foarby .. út ’e flier kringelt grize reak omheech. Je t’aime.. je t’aime..O, oui je t’aime.. moi non plus.. O, mon amour...irresolue… Ik fiel my licht yn ‘e holle alles wurdt wazich.
‘En dan it waar foar moarn.’ Ik skrik op, ferek dy stim werken ik… Ik stean wer yn ’e studio..
Beskamme betink ik my dat ik allnich noch mar Ingelsk- en Fransktalige muzyk draait ha. Dat kin fansels net, we binne op’t alderlêst wol by Omrop Fryslân. Ik set in plaatsje op fan Anneke Douma.
En we hewwe in woanskip en it leit.. Ik harkje ris goed nei de tekst, nee dit kin echt net.
Piter Wilkens dan mar. Nou ik maak mij maar bekend, ik ben de Friese troedeboer, ik sing mijn eigen versjes en thuis ben ik een boer, o nee help dit is net bêst, ik reitsje hielendal yn panyk, it wol my mar net slagje om ek mar ien geef Frysk ferske te finen.. ik gean echt ôf as in gieter.
Foar de kursus Frysk bin ik slagge, jûn it diploma helje. Dat kin ik mar wer ôfstrepe en no mar hope dat it mei myn oare útdagingen ek slagget!
Ut myn dreamen op te meitsjen slommeret dêr blykber toch in stikje faaleangst, eangst om net net oan ‘e ferwachtingen fodwaan te kinnen.
Mar wat de rol Pyt Paulusma yn it gehiel is? No ja it is ynelsgefal moai waar!
donderdag 20 april 2017
It is bytiden mar krekt hoe’t je it neame!
Doe’t Johan de retoaryske fraach stelde dêr’t er altiten de les mei ôfslút: ‘Nou, zo maar weer dames?’ belâne ik wer mei beide fuotten op ’e grûn!
donderdag 13 april 2017
Tiden feroarje
Ik wie tige wiis mei har en koe tiden mei har ompopkje. Mei babysjampo wosk har ik glêde lyfke, boarstele it hier oant it glânzge, draaide der stutsjes yn en drukte tútsjes op de rôze lippen en de plestik wangen. Moarns foar’t ik nei skoalle gong, lei ik har yn it nije reiswidske fan rútsjesstof en bestoppe har ûnder it rôze wollen tekkentsje.
Oan 't ein fan 't feestje krige elk in pûdsje mei nei hûs mei dêryn in ballon wat snobbersguod en in potlead mei in stikje gom. Wurch mar foldien nestele ik my dan yn in hoekje fan de bank mei myn nije stiften, kleurboeken en it nije lêsfoer. Ik koe sa hearlik fuortdreame by it lêzen fan boeken as : ‘De schippers van de Kameleon en de Dolle Tweeling in opstand’.
Bernefeestjes lykje sa stadichoan mear op heale skoalreiskes. Koekehappe en stuolledûns is net mear fan dizze tiid. Nei it swimbad, boarterstún of film is sa ’n bytsje de noarm oan ’t wurden. De grutte fraach: ‘Wa moatte der allegear utnûge wurde?’ is de oanset ta in einleaze diskusje en ik lûk fansels wer oan it koartste ein! It gefolch: in heale dei op sjou mei fierstentefolle bern! Nei ôfrin haw ik de put der dan ek finaal út. Dochterleaf ploft foldien op ’e bank, probearret de toverpinne út, lakt de neilen mei har nije glitternagellak en jout mei ien druk op de knop har digitaal húsdier te iten.
woensdag 5 april 2017
Oefenje en stinne...
maandag 13 maart 2017
Skuldgefoel
It sintsje skynt, it is hearlik bûten, it koarte broekewaar komt der wer oan, mar ohw die billen dat kin echt net mear. Moarn sil ik begjinne, ik wit al krekt hoe't ik it haw moat.
It moarnsiten net mear oerslaan, net te folle tuskentroch ite, mar ien kear opskeppe by it jûnsiten, gjin toetjes mear en wetter, in hiel soad wetter drinke.
De oare deis sil ik begjinne, mar ik gjin fuortendaliks de fout al yn. Ik begjin mei koffie dy gewoante sit der al triitich jier yn, dat feroarje je net sa gau. Dan mar koffie by it moarnsiten.
Dan barre der in pear akkefytsjes wêrt it sin net al te bêst fan wurdt. Ut frustraasje gean ik op syk nei wat te bikken. Yn ‘e kelder leit in rol koekjes. Suver agressief begjin ik te knagen, ien is net genoch om de frustraasje fuort te krijen. Ik nim der noch ien en noch ien. Dy lêsten binne de muoite ek net mear wurdich dy kinne der ek nog wol by. As ik de lege ferpakking op tafel lizzen sjoch begjint der wat oars te knagen.. myn skuldgefoel!!
vrijdag 24 februari 2017
De nije K 3 en de striid tsjin de fergrieming.
Us hiele ekosysteem is al in pear wike yn’e war. Ús warbere hintsjes Mig en Viv, ek wol leafkjend ús tsjikkys neamd, binne in skoftke lyn op in grouwélige wize om it libben brocht. Se leinen op in moarn ûntholle yn ’t hinnehok. In moardsuchtich rôfdier, waarskynlik in stienmurd, hat se nachts sa fan’e stok ôf snipt en de strôt trochbiten. Oan de bloedspoaren te sjen ha se dêrnei, foardat se hielendal út ‘e tiid rekken, noch in skofke letterlik en figuerlik as in ‘kip zonder kop’ wyld om har hinne fladdere. Neist it emosjonele aspekt wat sa’n moardpartij mei him meibringt haw we no ek in praktysk probleem, wy bliuwe mei in itens-oerskot sitten.
dinsdag 7 februari 2017
Taalwrakselingen
Wat is geef Frysk skriuwe dochs dreech om te learen. Ik hie earlik sein net tocht dat it sa yngewikkeld wêze soe. Foar alle skriuwwizen binne regels en as je dy mar yn ‘e holle stampe dan komt it wol goed soene je tinke, mar krekt as it kwartsje begjint te fallen komt der altiten wer in ‘mar’ efteroan. Der binne (yn myn eagen) sawat likefolle útsûnderings as regels. Sa no en dan sjoch ik dan ek troch de beammen de bosk net mear. (en nee de bosk is gjin skriuwfout, it is nammentlik, it bosk blommen en de bosk dy't je troch alle beammen faaks net mear sjogge).
dinsdag 24 januari 2017
Myn smaak net!
De earste les fan de ferfolchkurus, Fryske stavering hat as tema iten. Ien fan ‘e opdrachten is, skriuw in stikje oer wat it apartste is dast ea iten hast. It grappige fan dizze opdracht is dat it wer allegear herinnerings opropt. De earste gedachte dy’t by my boppe komt is postro. Dat haw ik foar it earst iten by myn skoanâlden. Wat fûn ik dat nuver guod. It like wol stisel, hoe kin je dat no lekker fine! De leppel bleau sawat rjochtop stean yn dy plakkerige brij.
Ik wit net iens mear hoe’t smakke allinnich dat ik der kokhalsnigingen fan krige. By my is blykber de foarm, de struktuer en hoe’t it yn ’e mûle oanfielt yn earste ynstânsje bepalender foar wat ik lekker fyn, dan hoe’t it priuwt.
Wêr’t je, kwa iten fan hâlde hat fansels net allinch te krijen mei smaak, mar ek wêr en mei wat foar ytgewoanten je grut wurden binne.
In jier as tsien lyn wie ik tegearre mei in buorfrou en in groep jeugd yn ’e leeftyd fan 16 oant 23 jier yn Súd-Afrika oan it wurk as frijwilliger. Troch de wike holpen we mei oan de bou fan in multifunksjoneel sintrum, we knapten húskes op yn’e sloppewiken en soargen foar wat ferdivedaasje by de bern.
Meastentiids wurken we oant in oer as fjouwer, yn ‘e wykeinen hienen we frij. Yn it kampemint hiene we ús eigen sliep-en wenkeamer, de keuken dielden we mei in oare groep.
Nei it soms best wol ynspannende wurk wiene wy faak bekôf en hienen dan gjin nocht mear om boadskippen te dwaan en iten te sieden. Gelokkich koene we tsjin in lytse fergoeding oanskowe by ús kampgenoaten.
Wykeins gongen we geregeld bûten de doar te iten. Dat wie yn ferhâlding mei wat it iten yn ’e supermerk koste, hielendal net sa djoer.
Johan, de lieder fan it projekt, hie ús in restaurant oanrekkenmandearre dêr’t je lekker en net ûnbelangryk fanwege ús budzjet, goedkeap ite koenen. Op de menukaart stie in yn ús eagen wol hiel apart gerjocht nammentlik: krokodil! Der waard ús ferteld dat it wol wat wei hie fan hin en dat wy dat eins beslist in kear prebearje moasten.
Wy woene us fansels net kenne litte en bestelden sa’n stik fleis. It krokodillelapke seach der goed út en sa roek it ek. Ik wie benijd en snijde der in stik ôf, it witige fleis hie yndie wol wat fan hin. It smakke goed oant ik my fanalles yn’e holle begûn te heljen. Ik analysearre de fleissubstânsje yn myn mûle. It hie dochs wol in hiel aparte smaak en fielde it net wat elastysk oan tusken de kiezzen? By elke hap dy’t ik die, seach ik in grau, grien, skobbich liif foar my.
Wyls myn gedachten hieltyd ôfdwaalden nei dy, grutte, lange krokodillebek dêr’t fan dy ofgryslike, goare tosken útstutsen, hearde ik om my hinne allinne mar positive lûden. Ik kôge dapper troch. It stikje fleis like wol hoe langer hoe taaier te wurden it slagge my mar net om it fuort te krijen. Myn kiel knypte gewoan ticht. De oaren ieten ûnfersteurber fieder, se hienen gjin weet fan myn gewraksel mei it fleis. Sa ûnopfallend mooglik spuide ik it drûchkôge stikje fleis yn in servetsje en skode it mei it board oan’e kant.
Djip fan binnen wist ik dat ik my eins deaskamje moast sa sinnich te wêzen. Hielendal as ik it fergelike mei de swarte befolking yn’e sloppenwiken, dy hiene betiden sawat neat. Mei it lytse bytsje jild wat se hienen koene se heechút it slachtôffal keapje fan de blanke befolking. Keallekop en keallepoaten, dat wie harren kulinêre hichtepunt. Dat lei dan earst in heale middei op sa’n golfplaten dak te bakken yn’e sinne, foardat it op it fjoer kaam. Ik haw gjin idee hoe’t se dat opieten, miskien lepelden se it wol sa út dy skedel, harre krammele! Der wie myn filearre krokolapke fansels hillich by! Mar ja al kin je alles noch sa goed beriddenearje, it gefoel sprekt no ienkear wolris in oare taal as it ferstân!
woensdag 11 januari 2017
De rúthimmelblues
It slimste is noch dat ús hûs sawat alinnich mar liket te bestean út doarren en glês. Byinoar opteld binne dat der, as ik de iepenslaande ruten ek meirekkenje 13, doch dat dan ris kear twa (binnen en bûten) dan haw je der 26 om te himmeljen! Dan haw ik foar it gemak, de boppesten, it hok, de bykeuken en de garaazje, net iens meirekkene.
No dat foel ôf!
Doe tocht ik der ris wat langer oernei en begong te rekenenjen. As je tritich minuten diele troch 26 ruten haw je ûngefear 1 minút en 2 sekonden de tiid per rút. Dan moat je wol as in tornado by de ruten op fleane en dan ek noch blinke as spegels?
Blykber wenje ik yn in strjitte mei rúthimmeljende wonderwomen!
Wol bysûnder! Ik ha se dan drekt ek mar opjûn foar dy nije telefyzjekwis fan Sylvie Meis: wedden dat ik het kan!
zondag 1 januari 2017
Ik soe it sa graach winskje wolle..
Mei hichtes
Of striid
Altiten bliid
It heard faaks wat swier
dinsdag 27 december 2016
Tredde Krystdei
Nei twa dagen swefen tusken himel en ierde, blaasde heit op 27 desimber 1992, ‘tredde krystdei’ syn lêste azem út. Fan dat momint ôf spile alles him ôf yn slowmotion. Yn in rûs bellen we dokter, famylje, en de begraffenisferiening.
Achter it gerdyn waard heit wosken en krige er it pak oan dat al wiken klearlei. Mei wat brilcream foarme mem tusken twa fingers, foar de lêste kear, golfkes yn it pluzige, brune hier. Op’e tafel lei de grutte bril mei de brune glêzen. Dat dy bril op moast, wie in beslút dat gau nommen wie, ommers heit wie heit net sûnder syn bril.
In grutte, swarte lykauto kaam de oprit opriden. Twa man rieden de baar nei binnen. Heit waard oerhevele yn de kiste mei de serene wite beklaaiïng. De stekker ûnder de baar waard oansluten. Fiif dagen lang folle it sêft gûnzjend gelûd fan de koelynstallaasje de romte.
Nei al dat geregel fielde de rit nei hûs, kâld en leech. Ik draaide de radio oan om de stilte te ferbrekken. Heldere bernestimkes fan it kinderen voor kinderen koor songen it ferske: Derde kerstdag.
Op eerste kerstdag zijn alle mensen vrienden,
op tweede kerstdag zijn grote mensen klein,
op derde kerstdag gaan alle deuren open,
kon het maar altijd Kerstmis zijn.
Yn pleats fan krystkaarten, foelen dy wyks, rou- en kondoleânsjekaarten troch de bus.
It wie kâld en griis dy âldjiersdei de dei fan de beïerdiging. Yn in lange staasje brochten we heit nei syn lêste rêstplak. It beferzen gers knispere sêft ûnder de fuotten. De plechtige stilte waard rau ferbrutsen troch it ploffen fan in ferdwaalde voetzoeker.
Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren, by elk sprutsen wurd kringelen wite wolkjes damp omheech. En wyls de kiste stadichoan fieder yn’e beferzen grûn sakke klonken yn’e fierte de doffe dreunen fan karbidbussen.